Ypk fan der Fear (Sondel, 15 febrewaris 1908 - Feanwâlden, 3 juny 1983) wie in Frysk skriuwster.
Ypk fan der Fear | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Ella Wassenaar, Frou X, Gelke Meintsje, Beitske Bûterblom | |
echte namme | Lipkje Post-Beuckens | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 febrewaris 1908 | |
berteplak | Sondel | |
stoarn | 3 juny 1983 | |
stjerplak | Feanwâlden | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Romans, Gedichten | |
prizen | Rely Jorritsmapriis 4x (1955, 1966-1968), Gysbert Japicxpriis (1979) |
Ypk fan der Fear wie in skriuwersnamme fan Lipkje Post-Beuckens, dy't ek skreau ûnder de namme Ella Wassenaar en fierder hat se har, benammen by har publikaasjes yn kranten en tydskriften, ek noch ferskûle efter `Frou X', `Gelke Meintsje' en `Beitske Bûterblom'. Se skreau ferskate Fryske boeken, en krige yn 1979 foar har histoaryske romans de Gysbert Japicxpriis. Nei har oplieding oan de kweekskoalle stie hja lange jierren foar de klasse. As proazaskriuwster publisearre hja it meast ûnder de skûlnamme Ypk fan der Fear, de famkesnamme fan har mem.
Yn al har wurk spylje froulju de haadrol en opfallend faak binne dat útsûnderlike figueren, soms miswoeksen en ferhûddûke, soms mei in ropping en besieling dy't mystike foarmen oannimt. Ypk fan der Fear skrille der net foar tebek om te rikken nei de sterkste ekstaze en de djipste fertwiveling. De kritisy priizgen de skriuwster om har moedich taasten nei wat gruts, hja hiene wurdearring foar har dryste konsepten, mar moasten wolris konstatearje, dat har macht oer taal en styl en har kompositoarysk fermogen net earlik foldwaande wiene om folslein slagge boeken ôf te leverjen. Dêrby hat hja ek wolris motiven en tema's oan wurk fan oaren ûntliend.
In tekoart oan behearsking, miskien in faai punt by har proaza, hat har as dichteresse fersen yn 'e pinne jûn fan in foar har tiid ûnbekende direktens en hertstochtlikens. As Ella Wassenaer brocht hja trije dichtbondels út. De eksperimintele dichters dy't yn Fryslân yn de jierren fyftich nei foaren kamen, beskôgen Ella Wassenaer as ien fan har en har earste bondel Reade runen is yn 1959 dan ek ferskynd as spesjaal nûmer fan it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras. Yn lêste bondel, dy't folle gewoaner is wat de foarmjouwing oanbelanget, publisearre Ella Wassenaer opfallend iepenhertige fersen, dêr't in sterke passy út sprekt.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ypk fan der Fear, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.