Wetters Yn Azerbeidzjan

Hjirûnder folget in opsomming fan wetters yn Azerbeidzjan, fan rivieren, marren en opslachmarren.

Wetters Yn Azerbeidzjan
Kaspyske See, de kust by Hovsan
Wetters Yn Azerbeidzjan
De Koer yn Tbilisi

Hydrografysk besjoen heart Azerbeidzjan ta it gebiet dat ôfwetteret yn de Kaspyske See.

Rivieren

Wetters Yn Azerbeidzjan 
De Koer en Aras binne de langste rivieren fan Azerbeidzjan. Harren ôfwetteringsgebieten beslagge it grutste part fan it lân

Azerbeidzjan hat 8.359 rivieren. Dêrfan binne 8.188 koarter as 25 kilometer en mar 24 rivieren langer as 100 kilometer. De grutste rivieren fan it lân binne:

  • Koer
  • Aras
  • Kwaniks, yn Alazan
  • Kwabirry, yn Georgië ek bekend as de Iory
  • Samur
  • Pirsaat
  • Tartarchay (sydrivieren Levchay, Addabanchay, Turagaychay)
  • Turyan
  • Agstafa
  • Hekery
  • Vilesj

Ofwetteringsgebieten

De rivieren yn Azerbeidzjan kinne ferdield wurde yn trije groepen:

  1. Dy fan it streamgebiet fan de Koer (Qanix, Qabirri, Turyan, Agstafa, Shekir, Terter, Khachin, ensf.)
  2. Dy fan it streamgebiet fan de Aras (Arpachay, Nakhchivan, Okhchu, Hekeri, Kondelenchay, ensf.)
  3. Rivieren dy't streekrjocht yn de Kaspyske See útkomme (Samur, Gudyal, Velvele, Vilesh, Lenkeran, ensaf.)

Koer en Aras

De Koer (of Koera) en de Aras binne de langste rivieren yn Azerbeidzjan. Sy mûnje út yn de Kaspyske See en hawwe har' oarsprong op de noardeast-skeanten fan de Grutte Kausasus (Azerbeidzjaansk: Böyük Qafqaz Dağları) en it Talysjberchtme.

It ôfwetteringsgebiet fan de Koer (86.000 km²) oant de krusing mei de Aras is lytser as it ôfwetteringsgebiet fan de Aras (101.937 km²). De rivier hjit noch altyd Koer op de krusing omdat it wetterpeil fan de Kura twa kear sa heech is as dat fan de Aras.

Marren

Wetters Yn Azerbeidzjan 
De Goygolmar
  • Aggol
  • Jandargol
  • Hadjikabulmar, de grutste mar nei oerflak en folume
  • Boyukshormar
  • Sarysumar
  • Goygolmar
  • Maral-gol
  • Masazirgol
  • Ajinohur
  • Boyuk Alagol

Opslachmarren

Wetters Yn Azerbeidzjan 
De Mingacheviropslachmar út de Romte wei sjoen

Der binne mear as 60 keardamen mei wettereservoirs yn it lân dy't de wetterstân yn de rivieren beynfloedzje. De measten wurde brûkt foar yrrigaasje. De grutsten binne:

  • De Mingacheviropslachmar, it grutste reservoir nei oerflak
  • De Shemkir reservoir
  • De Arazopslachmar
  • De Sersengopslachmar
  • De Agstafachayopslachmar
  • De Varvara-opslachmar
  • De Jeyranbatanopslachmar
  • De Khanbulanchayopslachmar
  • De Yenikendopslachmar

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Wetters Yn Azerbeidzjan RivierenWetters Yn Azerbeidzjan MarrenWetters Yn Azerbeidzjan OpslachmarrenWetters Yn AzerbeidzjanAzerbeidzjanMarOpslachmarRivier

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BiologyZergeisterungDe SwemmerFedja van HuêtFrankenthal2020KoalstofHavenVina SkyAllegoryArmeenjeSkaai (taksonomy)Oarehelte12 septimberBywurdWurkpaadKontraktLexi DiamondTwitterStasjon Deventer ColmschateSavana GingerFeriene KeninkrykfjetnamNicole BexleyWeenske oesterÔflûken (seksualiteit)Ernst HaeckelNatasha StormTverFroulike ejakulaasjeFerstoarSeptember ReignWurd2 septimberSome Like It Hot (film út 1959)SjongerYouTubeBella BellzHaadsideFryskTrommeYndyske Arsjipel2006Reesttsjerke (Balkbrêge)List fan Nederlânske gemeentenWestslavyske talenAugust TaylorVroomshoopVöllenFeriene SteatenRae Lil Black15 desimberGoatenShae SummersSoarteFroukje VeenstraBalkbrugKommunismeSkrikkeljierKazan (stêd)Lisa AnnRyksmuseum AmsterdamPeriheliumTatoeaazjeJ. MacGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 1936Kristina SchwartzLolita (pornografysk aktrise)Biskop🡆 More