Waskemar

Waskemar is in doarp yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf oan 'e grins mei Opsterlân.

Waskemar wurdt ek Beneden-Haulerwijk en Grut Waske Meer neamd. De namme is ûntliend oan in heidemarke, dat sawat twa kilometer nei it west leit. It marke hjit de Waskmar, dêryn waard de skiep wosken. Eartiids hiet it doarp ek Cruijmte (Kromte).

Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Emblemen
Waskemar
Polityk
Lân Waskemar Nederlân
provinsje Waskemar Fryslân
gemeente Waskemar Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 830 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 5,78 km², wêrfan:
- lân: 5,76
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 145 ynw./km²
Oar
Postkoade 8434
Koördinaten 53° 04' N 6° 16' E
Offisjele webside
Side Waskemar
Kaart
Waskemar (Fryslân)
Waskemar

Waskemar hat 830 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Waskemar 
De feart nei Haulerwyk

De skiednis fan Waskemar sette yn 'e earste helte fan de 18e iuw útein mei it trochgraven fan in feart fan de Mandewyk nei eastlike rjochting, de oarsprong fan it lettere doarp Haulerwyk. Yn dy tiid waard Waskemar noch as De Kromten oantsjut. It fean waard doe besit fan de famyljes Lycklama à Nyeholt, Tjeard fan Aijlva, Livius Dirk fan Andringa en Daniel de Block. De famylje Lycklama à Nijeholt wie tusken 1647 en 1862 in famylje fan grytmannen. Yn 1758 waard der lânbougrûn frijjûn en Waskemar wie al yn 1765 in aardich doarp, dêr't njonken ferfeaning ek turf stutsen waard. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ferskode it sintrum fan de ferfeaning nei Haulerwyk; yn Waskemar wie it doe dien mei de feanterij.

Yn 1849 docht op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff bliken dat der oan beide kanten fan de feart al kilometerslange bebouwing stie. De westlike hoeke fan Beneden-Haulerwyk wie doe noch net ticht beboud. Waskemar hie al ier in skoalle, dy' t yn 1858 fernijd waard. Yn 1896 krige it doarp ek in kristlike skoalle. Yn de 19e iuw ûntstie ek de grifformearde tsjerke, dy't in grutte oanhing krige yn de doarpen Waskemar en Haulerwyk.

Yn de Twadde Wrâldkriich krige Simon van Hasselt yn 1941 dien as haad fan de iepenbiere legere skoalle fanwegen syn joadske komôf. Mei syn frou Geertje van Nieweg en syn twa dochters ferhûze er dêrnei nei Wynskoat, dêr't er fan de besetter in joadske skoalle stiftsje moast. Op 12 febrewaris 1943 waard de hiele hûshâlding yn Auschwitz fergast. Ta neitins oan de joadske doarpsgenoaten binne der fjouwer stroffelstiennen lein oan de Master van Hasseltwei 11. Njonken dy strjitte waard ek de iepenbiere basisskoalle fan Waskemar nei Simon van Hasselt ferneamd.

Doe't Waskemar yn 1953 de status fan doarp krige, is it nei in poel op 'e Duerswâldmer Heide ferneamd, dy’t westlik fan it doarp oan 'e Leidyk op it grûngebiet fan Opsterlân leit.

Likernôch in heale iuw letter kaam op der dy hoeke in koöperative molkfabryk ta stân. Wer in lytse iuw letter waard it fabryk, dat troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillei, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.

Súdwestlik fan it doarp waarden om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Peter Wilhelm Janssen lânoanmakkerspleatsen stifte. By it doarp steane súdlik fan de Leidyk oan de Duerswâldmer Heide noch in tal pleatsen fan dy Janssenstifting.

Oan de doarpsgrins ûntstie oan wjerskanten fan de Leidyk in bedriuweterrein.

Mienskip

Waskemar 
Kafee fan Waskemar

It doarpshûs hjit ’t Ald Leger en de doarpskrante de Waskemare. Door Eendracht Sterk, koartwei DES, is de feriening foar Doarpsbelang.

Tsjerke

Skoalle

Waskemar 
Kompanjonswei

Ferienings

Der binne ferskillende buertferienings.

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2009 2015 2020
Ynwenners 916 925 939 823 812 864 858 854 840

Strjitten

Sjoch: alle strjitten yn Waskemar.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Waskemar 
Eaststellingwerf
Waskemar 
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
wizigje

Tags:

Waskemar SkiednisWaskemar MienskipWaskemar StrjittenWaskemar Sjoch ekWaskemarEaststellingwerfOpsterlânWaskmar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sergio PérezBretanjeAntillen29 maaie1500 f.Kr.Skearmês fan OckhamGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 20181701 f.Kr.De SionsberchSinaLjouwert (stêd)Midsiuwen2401MidsimmerfeestWikidataLoadewyk XVI fan FrankrykGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 201226 maart1Jayden LeeMaya BijouLannen en territoariaGert SchutteFormule 1 yn 2015Occa Johanna RipperdaIngelskFryslân Boppe2201Ruben L. OppenheimerKonstantyn de GrutteJeropa3901 f.Kr.700 f.Kr.35e iuw f.Kr.FlearGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Frans Hemsterhuis400 f.Kr.Lolita (pornografysk aktrise)Aleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)17211790Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Harmony WonderTransfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)Creative CommonsErotykWaylon JenningsMinnie Beets1878Ejakulaasje1722MasturbaasjeFaginaPaulina SeikolaGreenwich Mean TimeWyt-RuslânKingston upon ThamesGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2016TsjechjeClara TrinityMichael JordanJiertiidAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)Taj MahalNovialEchte apolloflinters3201 f.Kr.🡆 More