Vierverlaten

Vierverlaten is in buorskip west fan Hoogkerk yn de gemeente Grins, yn Grinslân.

Vierverlaten
Vierverlaten, brêge oer it Hoendjip (2009)

De buorskip leit op it plak dêr't it Hoendjip de skieding foarmet mei it súdlike Keningsdjip it noardlike Aduarderdjip.

De namme ferwiist nei de fjouwer (d.w.s. twapear) slûsdoarren fan it fallaat (= skutslûs) yn it Hoendjip oan de westside fan it Keningsdjip. Dus net, sa't wol tocht wurdt, nei fjouwer ferskillende slûzen dy't hjir lein hawwe soenen. It is ommers ûnwierskynlik dat der yn alle fjouwer earmen fan it krúspunt fan kanalen in syl lein hat. Ien of twa is feitlik genôch en it wetter dat fia it Keningsdjip fan Drinte moast ûnbehindere trochstreame kinne.

Dat der neist in slûs mei de namme Vierverlaten (it brûken fan it meartal foar in inkelfâldich ding komt yn dizze kontreien wol mear foar) in twadde slûs lein hat, bewiist de namme Kinderverlaat, dy't ek oan dit stee hinget. Dy slûs lei ek yn it Hoendjip en wol oan de eastside fan it Aduarderdjip. Fan slûzen op it plak is no neat mear werom te finen.

Benoarden de buorskip stiet de Súdwendinger Mole, in poldermole út 1819.

Yn april 2017 is benoarden it doarp in koöperatyf sinnepark realisearre mei 7.777 sinnepanielen. By iepening wie dit it grutste sinnepark fan de stêd Grins, wat sa bleau oant de iepening fan sinnepark Woldjerspoor yn septimber 2017.

Vierverlaten
Grins
Vierverlaten
Stêd:
Grins
Doarpen:
Garmerwolde • Glimmen • HarenHarkstede (foar in part) • Hoogkerk • Lageland • Lellens • Meerstad • MiddelbertNoarddykNoardlaren • Onnen • Paterswolde (foar in part) • Sint-Annen • Ten BoerTen Post • Thesinge • Winneweer (foar in part)Witewierrum • Woltersum
Buorskippen:
Achter-Thesinge • Boltklap • Bouwerschap • Bovenrijge • Dilgt • Dorkwerd • Engelbert • Emmerwolde • Essen • Euvelgunne • FellandHarendermolen • Hemert • Hemmen • Leechtsjerk • Hoornsedijk • Klein Harkstede • Kröddeburen • Lageweg • Lutjewolde (foar in part) • Oosterdijkshorn • Oude Roodehaan • Roodehaan • Slaperstil • Steerwolde • Vierverlaten • Zevenhuisjes
Eardere doarpen en buorskippen:
Noorderhoogebrug • Oosterhoogebrug • Ruischerbrug
Wetter:
HoendjipNoard-WillemskanaalPaterswoldsemar (foar in part)WynskoaterdjipVan Starkenborghkanaal
wizigje

Tags:

Grins (gemeente)Grinslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GeslachtsmienskipGrutte Priis Formule 1 fan Sina 2016Newcastle upon TyneFerdrach fan FerdunInga Ridere2801 f.Kr.Sensual JaneAustraalje (lân)BosnjeLiberalismeTsjechjeJoe BidenKingston upon ThamesKya TropicArgentynjeAnna fan BretanjeMars (planeet)YnternetPieter Sijpersma29 maaieJulianna VegaDe SionsberchFrankrykFrânskSarah Young3300 f.Kr.n5nuo200J. MacHindoekalinder40e iuw f.Kr.Roomsk-Katolike TsjerkeJierskemaAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)1400 f.Kr.Trio (seksualiteit)SinaMax Verstappen19e iuw f.Kr.50027e iuwOblast OrenburgHin197814e iuw f.Kr.Kamui KobayashiNoelle EastonLionel MessiFernando AlonsoRomeinenJiertiidArafueraseeNovialGod1201TwitterDakota-Oarloch fan 18621938Formule 1 yn 2017216 f.Kr.De HobbitMalawyJunyPaulina SeikolaPeaskeYves Baillat🡆 More