Tsjiftsjaf

De tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita) is in algemien foarkommende sjongfûgel fan de famylje fan de bosksjongerfûgels (Phylloscopidae).

Hy briedt in iepen boskgebieten fan de Noardlike en tuskenbeiden klimaatsônes fan Jeraazje. It is yn trekfûgel, dy't in subtropyske gebieten, Súd-Jeropa, Midden-Easten en Noard-Afrika, oerwintert.

tsjiftsjaf
Tsjiftsjaf
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje bosksjongerfûgels (Phylloscopidae)
skaai bosksjongers (Phylloscopus)
soarte
Phylloscopus collybita
Vieillot, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Tsjiftsjaf

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     simmerfûgel, diels
      ek stânfûgel


Tsjiftsjaf
Phylloscopus collybita collybita

De Fryske namme (en de namme yn it Nederlândsk, Dútsk en Engelsk) is in onomatopee, om 't de sang in repetearjend tsjif-tsjaf-tsjif-tsjaf is. Dêrmei ûnderskiedt de tsjiftsjaf him it dúdlikst fan oare bosksjongers, yn it bysûnder de lytse hôfsjonger dy't oan 'e bûtenkant net sa ferskillend is.

Ek yn Fryslân is de tsjiftsjaf in algemiene sjonger. Yn 'e lêste wike fan maart en de earste wiken fan april komt hy út Spanje, Marokko en fierder út West-Afrika werom, en is syn karakterystike lûd te hearre. Yn septimber-oktober giet hy wer fuort. Yn milde winters binne dêr ek tsjiftsjaffen dy 't hjir oerwinterje. .

Taksonomy

De tsjiftsjaf komt yn 6 ûndersoarten foar.

  • Phylloscopus collybita abietinis: Skandinaavje, Ruslân
  • Phylloscopus collybita collybita : West- en Midden-Jeropa
  • Phylloscopus collybita brevirostris: Turkije
  • Phylloscopus collybita caucasicus: Kaukasus
  • Phylloscopus collybita menzbieri: Iran, Turkmenistan
  • Phylloscopus collybita tristis: Sibearje

De lêste ûndersoart wurdt ek wol as aparte soart besjoen: Sibearyske tsjiftsjaf. De tsjiftsjaffen fan Spanje en Portegal en dy 't fan de Kanaryske Eilannen jilde algemien as aparte soarten: Ibearyske tsjiftsjaf (P. ibericus) en Kanaryske tsjiftsjaf (P. canariensis).

Keppelings om utens

Tags:

BosksjongerfûgelsFamylje (taksonomy)Jeraazje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MaltaSkaal fan RichterNeakenensGonny GaakeerCarles PuigdemontAkkrumWikidataBiskopKrisjnaVanda VitusAlain DeloinPresidint fan de Feriene SteatenPavel DoerovKleanUnbemanne fleanmasine1932Voodoo (pornografysk akteur)PornoakteurNasjonaalsosjalismeOseanografyHellendoorn (gemeente)Fryske FrijheidBeierske wrotmûsHollân1968GryptsjerkJenny PoussinRottekopAlbum (muzyk)Ekonomy1990EtruskenJade JantzenPausInterstellar (film)Gemeenten fan NederlânMahina ZaltanaDomtsjerke fan ParmaHantsjemierJasmine BlackEnsyklopedyFellatioSlûs1859TechnologyHelpDomtsjerke fan SienaTyneFeriene SteatenNederlânske gemeenteOrale seksGrinslânAlexa FlexyNasjonale feestdeiAdina JewelJohnny CashFideospultsjeKarma RosenbergLuma CariocaDe DoelleazenGrypskerkCJ MilesBilly GlideEarmoedeWhitney Taylor🡆 More