Tsjerke Fan Sint-Hripsime

De Sint-Hripsimetsjerke (Armeensk: Սուրբ Հռիփսիմե եկեղեցի, Sûrb Hripsime) is in 7e iuwsje tsjerke fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn de stêd Vagharsjapat (Edzjmiatsin) yn Armeenje.

It is ien fan de âldste noch besteande tsjerken fan de stêd en it monumint heart tegearre mei de tichteby lizzende katedraal en Sint-Gajanetsjerke ta it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Tsjerke fan Sint-Hripsime

Սուրբ Հռիփսիմե եկեղեցի

bouwurk
Tsjerke Fan Sint-Hripsime
lokaasje
lân Tsjerke Fan Sint-Hripsime Armeenje
provinsje Armavir
plak Edzjmiatsin
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 618

De hjoeddeiske tsjerke waard yn it jier 618 ûnder katolikos Komitas foltôge en ferfong in mausoleum fan katolikos Sahak de Grutte út 395. Dat mausoleum wie foar de reliken fan Hripsime boud op in plak fan heidenske ferearing.

Sint-Hripsime

Tsjerke Fan Sint-Hripsime 
Tombe fan Sint-Hripsime

Hripsime wie in tige kreaze non, dy't út Rome nei Armeenje flechtsje moast om sa oan in twongen houlik mei keizer Diokletianus te ûntkommen. Diokletianus liet it der net by sitte en stjoerde kening Tiridates in brief mei in beskriuwing fan Hripsime om har werom te krijgen, mar de kening rekke sels fereale op Hripsime en nei't hja him ek ôfwiisde liet er har op it plak fan de tsjintwurdige tsjerke martelje en deadzje. Efkes letter waard ek de abdis Gajane mei oare nonnen fermoarde, mar dat barde op oare lokaasjes dêr't hjoed-de-dei ek tsjerken steane. Kening Tiridates liet him letter dope en fierde it kristendom as steatsreligy yn.

Neffens de kronykskriuwer Agathangelos liet Tiridates nei syn bekearing op it plak fan Hripsime's martlersdea ta har neitins in mausoleum bouwe. Om de tsjerke hinne binne by opgravings resten fûn fan slim teheistere froulju dy't op in ierkristlike wize begroeven wiene. De fynst liket it berjocht fan Agathangelos te ûnderskriuwen.

Hjoeddeiske tsjerke

Tsjerke Fan Sint-Hripsime 
Tsjinst yn de tsjerke

It tsjintwurdige gebou waard neffens in ferslach fan de doedestiidske kronykskriuwer Sebeos en ynskripsjes oan de westlike gevel en de eastlike apsis ûnder katolikos Komita (615-628) boud. It ferfong it eardere mausoleum fan Hripsime. Der wurdt fanút gien dat de tsjerke yn 618 foltôge waard. De koepel is nei alle gedachten yn de 10e of 11e iuw fernijd, alhoewol't guon wittenskippers ek hawwe wolle dat it de oarspronklike 7e-iuwske koepel is.

Yn de 17e iuw wie de tsjerke yn ferfal en bûten gebrûk. Yn 1653 fûn der in restauraasje plak en waard der foar de westlike tagong in gavit oanboud. Tsjin it ein fan de 18e iuw (1790) waard oan de gavit noch in klokketoer tafoege.

De fortifikaasjes om de tsjerke hinne yn de foarm fan in stiennen muorre en tuorren binne yn 1776 oanlein. De eastlike en súdlike muorren binne yn 1880 fernijd.

Galery

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Tsjerke Fan Sint-Hripsime Sint-HripsimeTsjerke Fan Sint-Hripsime Hjoeddeiske tsjerkeTsjerke Fan Sint-Hripsime GaleryTsjerke Fan Sint-Hripsime Keppeling om utensTsjerke Fan Sint-HripsimeArmeenjeArmeenskKatedraal fan EdzjmiatsinTsjerke fan Sint-GajaneUNESCOVagharsjapat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PinsjoenPeterhôf (stêd)San Francisco703 f.Kr.500 f.Kr.Anale seksYnterrasiale pornografyKamui KobayashiGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2016Japan1754Paulina SeikolaParaguayPaul CustersGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 2012NoemiMaarten PennewaardGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 20161701 f.Kr.Rachel Weisz10e milenniumJunyAudiAubrey KateNikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Earizer1501Feriene SteatenNovialNeakenensThomas Jefferson2001PornoakteurPaul Kusters1787Echte apolloflintersKatowicePornografyJohan DerksenPerû37e iuw f.Kr.Konstantyn de Grutte1300SkiedkundigeFirus (biology)Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 20181996Taj MahalAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)CowgirlhâldingGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014PornofilmAldheidSan FransiskoHinGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 201424011622Lolita (pornografysk aktrise)Shalina DevineGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 201114e iuw f.Kr.Spaanske grypGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2017Sensual JaneHaaienBefolkingFormule 1 yn 2018🡆 More