Tarbagan

De tarbagan of Mongoalske marmot (Latynske namme: Marmota sibirica) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1862, troch de Dútske biolooch Gustav Radde.

Dizze soarte komt foar yn noardlik en westlik Mongoalje; yn Ruslân yn súdwestlik Sibearje, Tûva en de Transbaikal-regio; en yn 'e Sineeske autonome regio Binnen-Mongoalje en de provinsje Heilongdjiang. Yn 'e Mongoalske Altai oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e tarbagan dat fan 'e Altaimarmot (Marmota baibacina). Om't er yn 'e knipe kommen is troch habitatferlies, hat de tarbagan yn 2008 de IUCN-status fan "bedrige" krigen.

tarbagan
Tarbagan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota sibirica
Radde, 1862
IUCN-status: bedrige

Relaasje mei de minske

It fleis fan 'e tarbagan foarmet in wichtich ûnderdiel fan 'e Mongoalske koken, en yn 't bysûnder fan it gerjocht boodog. Dêrby wurdt in slachte tarbagan fan syn bonken ûntdien, wêrnei't it fleis sean wurdt troch stiennen dy't yn 't foar gleonhjit makke binne yn in fjurke, yn 'e búkholte fan it karkas yn te bringen. De hûd wurdt dan byinoar bûn, sadat it gehiel wol wat wei hat fan in pûde. Tradisjoneel wurde tarbagans yn Mongoalje inkeld oan it begjin fan 'e hjerst bejage, as se har de hiele simmer troch grou fretten hawwe by wize fan tarieding foar de wintersliep.

Yn noardeastlik Sina en Mongoalje hawwe tarbagans histoarysk sjoen ferantwurdlik west foar ferskate pestepidemyen. Dêrby giet it om 'e longpest, de deadlikste foarm fan 'e sykte, dy't tusken de bisten ûnderling ferspraat wurdt troch har hoastjen. De pest kin oerspringe nei de minske troch de byt fan 'e tarbaganflie (Ceratophyllus silantievi) of troch de konsumpsje fan tarbaganfleis.

Undersoarten

Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e tarbagan:

  • de gewoane tarbagan (Marmota sibirica sibirica)
  • de grize tarbagan (Marmota sibirica caliginosus)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

18622008Altai-berchtmeAltaimarmotBioloochDútslânFamylje (taksonomy)FerspriedingsgebietHabitatIUCN-statusIikhoarntsjesKjifdierenLatynMarmottenMongoaljeRuslânSibearjeSinaSkaai (taksonomy)SkiftSoarteSûchdierenTransbaikalTûvaWittenskip

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DaugavpilsRenée ZellwegerStefan LöfvenCityJetNoardfryskYnternetIngelTyrannosaurusAfro-Aziatyske talenZaya Cassidy1562TeksasStar WarsSekshâldingMinnie BeetsTeodoasius de GrutteIslamAstana (Kazachstan)MainzHaadside1988Rafael NadalFerliking fan de Jeropeeske ferkearsbuordenDimearKoeweitFinlânLêstekenMarlene DietrichHeipealhâldingHockey op de Olympyske Simmerspullen 2000Roeien op de Olympyske Simmerspullen 2000SulawesyBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008GjûmriSeksuele penetraasjeSúdeast-AazjeBenito MussoliniMichael JordanRoplettersProvinciale Friesche CourantCassidy BanksTadzjikistanThe Fox and the HoundStavangerVastoMarksismeStillibben1918Lynsey de PaulTurkish AirlinesMaarten PennewaardThe Allman Brothers BandKaiserslauternMontevideoTomsk (oblast)Wilfred GeneeFrankrykHaatmisdriuwDe Trije MusketiersKiëvPornoakteurAldjiersdeiHilligeFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichElektra (toanielstik fan Euripides)Johann Jakob von TschudiMadam30 jannewarisRjochtsaakFryske talenHaadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften🡆 More