Synkretisme

Synkretisme is it mei-inoar kombinearjen of fermingen fan ferskillende leauwensoertsjûgings, dy't op it earste gesicht gauris mei-inoar yn tsjinstelling lykje te wêzen.

Yn 'e regel giet it dêrby om religieuze ideeën of opfettings. Sa is bygelyks it sikhisme ûntstien as in synkretisme fan islamitysk gedachtegoed mei hindoeïstyske eleminten. De meast foarkommende foarmen fan sok synkretisme kombinearje lykwols de lânseigen natoerreligyen fan Afrika, de Amearika's en de Stille Súdsee mei it kristendom dat dêr yn 'e moderne tiid yntrodusearre is troch Westerske misjonarissen.

As wurdfoarm giet "synkretisme" werom op it Aldgrykske συγκρητισμός, synkretismos, dat Plutarchus yn 'e earste iuw yn syn Moralia brûkte. By him betsjutte dat "Kretinzysk bûn" en joech it oan dat de ferskillende ûnderling hottefyljende Kretinzyske stêdsteaten har by in bedriging fan bûtenôf altyd wer mei-inoar ferienen. It wurd waard nei alle gedachten yn 'e winter fan 1517 op 1518 foar it earst yn 'e moderne betsjutting brûkt troch Erasmus, yn dy syn Adagia.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.

Tags:

AfrikaAmearika'sHindoeïsmeIslamKristendomNatoerreligyenReligySikhismeSindelingStille Súdsee

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Unbemanne fleanmasineNeakenmodelDavid GilmourFeankeninginneDomeinnammeGrou (plak)ServjeRegearÇatalhöyükBruce VentureYndoneezje1859Grammy AwardMinsklike seksuele aktiviteitWesterkertier (gemeente)PornografyKomykPornoakteurFideospultsje2012August TaylorDútskFen Fryske GrounRaffarinadeSean LawlessKeiran LeeKatedraal fan NotoAlbum (muzyk)IngelskAlgerijeDomtsjerke fan OrvietoDútslânSkiednis fan FryslânAuteursrjochtAnale seksWopke de VegtCJ MilesMegan SalinasSporthalTyneHarmony WonderBeagle (skip)FrouAnita GyöngySasha BeartStikelbaarchIranKeningsleppelbekBlauLibbenHaaienKoördinearre WrâldtiidJayden LeeTriem (ynformatika)EarmoedeWytsingenNeakenfotografyNon-profitRonald ReaganVina SkyGryptsjerk19e iuwSietske Poepjes1564Hellendoorn (gemeente)BoedismeShalina DevineWesterske wrâldSûpengrottenbrij🡆 More