Steaftsjerke

In steaftsjerke (Noarsk: stavkirke) is in gehiel út hout oplutsen tsjerkegebou, mei in typyske boustyl dy't benammen yn Skandinaavje oantroffen wurdt.

Steaftsjerken binne ûntstien yn de perioade dat it kristendom yn Skandinaavje ferspraat waard.

Steaftsjerke
Steaftsjerke fan Borgund

Konstruksje

In steaftsjerke waard boud op in stiennen fundearring dêr't in frame of geramte fan houten balken op set waard. Op dit fûnemint rêsten de peallen. By de alderearste steaftsjerken waarden de staven of peallen yn in gat yn de grûn pleatst. Hoewol't dat foar genôch stabiliteit soarge, holden dizze bouwurken net lang stân trochdat de peallen troch ferrotting oantaast waarden. Dy peallen waarden oan de boppekant oaninoar fêstmakke mei in nij geramte fan horizontale balken. Dizze balken droegen de konstruksje foar it dak. Om dizze konstruksje genôch stevigens te jaan waarden trije metoaden tapast: earst waarden der tusken alle staven in pear krúslings pleatste staven setten, twad waarden der houten bôgen tusken de peallen pleatst en as lêste waard der in lege rûngong om de tsjerke makke dy't wichtich is foar de konstruksje. As ferbiningsmetoaden waarden brûkt: swellesturtferbining, houten pinnen en klam ferbiningen. In staaftsjerke waard nea mei spikers, neils of lym boud sadat de konstruksje fleksibel bleau en it hout wurkje koe (útsette en krimpe).

Foarmen

De ienfâldichste steaftsjerken binne lytse, rjochthoekige gebouwen en besteane út in skip en in lyts koar. It dak rêst op de muorren.

Gruttere steaftsjerken kinne in lange mêst yn 'e midden hawwe, dy't de toerspits draacht en dy't de muorren foar in part ûntlêst.

De meast komplekse steaftsjerken hawwe in hege romte yn 'e midden, dy 't droegen wurdt troch frijsteande mêsten; dy sintrale romte is omjûn troch legere sydboeken dy 't de konstruksje ferstevigje.

Noch oanwêzige steaftsjerken

steaftsjerken yn Noarwegen

Inlandet

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Garmo Steaftsjerke  Om en de by 1200
Steaftsjerke fan Hedalen Steaftsjerke  1327
Steaftsjerke fan Hegge Steaftsjerke  13e iuw
Steaftsjerke fan Høre Steaftsjerke  1327
Steaftsjerke fan Lom Steaftsjerke  1160
Steaftsjerke fan Lomen Steaftsjerke  1179
Steaftsjerke fan Øye Steaftsjerke  1358 meardere kearen werboud
Steaftsjerke fan Reinli Steaftsjerke  1237 1x werboud
Steaftsjerke fan Ringebu Steaftsjerke  1220

Møre og Romsdal

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Grip Steaftsjerke  1450
Steaftsjerke fan Kvernes Steaftsjerke  1432
Steaftsjerke fan Rødven Steaftsjerke  1200

Trøndelag

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Holtålen Steaftsjerke  1200 Ferhúze nei in iepenloftmuseum

Vestfold og Telemark

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Eidsborg Steaftsjerke  om en de by 1250
Steaftsjerke fan Heddal Steaftsjerke  13e iuw Grutste Steaftsjerke fan Noarwegen
Steaftsjerke fan Høyjord Steaftsjerke  1100

Vestland

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Borgund Steaftsjerke  1182
Steaftsjerke fan Fantoft Steaftsjerke  1150 2x werboud
Steaftsjerke fan Hopperstad Steaftsjerke  1140
Steaftsjerke fan Kaupanger Steaftsjerke  1183 1x werboud
Steaftsjerke fan Røldal Steaftsjerke  1250
Steaftsjerke fan Undredal Steaftsjerke  1147 Tsjerke is wyt ferve
Steaftsjerke fan Urnes Steaftsjerke  1130 De âldste steaftsjerke fan Noarwegen

Viken

Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Flesberg Steaftsjerke  1735
Steaftsjerke fan Gol Steaftsjerke  1157 Ferhúze nei in iepenloftmuseum
Steaftsjerke fan Nore Steaftsjerke  1167
Steaftsjerke fan Rollag Steaftsjerke  1425
Steaftsjerke fan Torpo Steaftsjerke  1200
Steaftsjerke fan Uvdal Steaftsjerke  1200

Bûten Noarwegen

Tsjerke Lân Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Hedared Steaftsjerke  Sweden 1500
Steaftsjerke fan Ruhnu Steaftsjerke  Estlân 1644
Steaftsjerke fan Vang Steaftsjerke  Poalen 1200 Oarspronklik boud yn Vang, mar yn 1842 ferhúze nei Karpacz Poalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Steaftsjerke KonstruksjeSteaftsjerke FoarmenSteaftsjerke Noch oanwêzige steaftsjerkenSteaftsjerkeSkandinaavje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MonosacharideYndyske ArsjipelSlashpuzelTrekker trekCarles PuigdemontVladimir PûtinSkiednis fan FryslânPearsBelladonna (pornografysk aktrise)StraasburchWeblochKryptogramKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)RêchstringdierenReality KingsWytmaskeribisKoolhoven F.K.58Heather LeeJ.R. CarringtonHTMLTrommeStormy DanielsEjakulaasjeList fan Fryske jongesnammenJister1927LânPierre WoodmanEastfryskSithDriuwtilleJ. MacFroulike ejakulaasjeMiss Montreal (band)FryskSkaai (taksonomy)FrankenthalVienna BlackNapali Video1871Anne fan Grut-BrittanjeSteatsline AErnst Haeckel1884Golf fan OmanKommunismePornografyBywurdWelsum (Olst-Wijhe)Súd-KoreäKoen EekmaJezabel VessirFilipinen69 (sekshâlding)Rocco SiffrediMay Thai2 septimberWetterrôtWestslavyske talenCowgirlhâldingVanessa SkyDirck Camphuysen31 oktoberFeltenwrotmûsSjongerArkansasAphelium2011Trienke ElshofIngelân🡆 More