Stêle

In stêle (fan it Frânske stèle) is in stiennen of houten plaat of peal, ornaris heger as dat er breed is, dy't oprjochte (rjochtop set) is as tinkteken.

It oerflak is troch byldhouwurk oerdutsen mei tekst of reliëfbylden of beide. Benammen yn 'e Aldheid kaam it oprjochtsjen fan stêles in protte foar. Sokke artefakten binne bekend út Mesopotaamje, de Levant, Anatoalje, Transkaukaazje, it âlde Egypte, it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk, mar ek û.o. út it Neolitikum fan Jeropa, fan 'e âlde Kelten, út it âlde Sina, fan 'e Maya-beskaving en oare kultueren fan Meso-Amearika en út it Aksûmityske Ryk yn 'e Hoarn fan Afrika.

Stêle
De oerwinningsstêle fan 'e Akkadyske kening Naram-Sin út 'e 23e iuw f.Kr.

Stêles waard oprjochte om in ferskaat fan redens. Grêfstêles waarden opsteld foar funerêre of kommemorative doelen. Keningen en oare hearskers rjochten gauris stêles op as tinkteken foar harren oerwinnings op it slachfjild of oare wichtige dieden. Yn it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk waarden stêles ek brûkt as paadwizer of grinsstien. Hjoeddeistige foarmen fan stêles, hoewol't dy no oer it algemien net mear sa neamd wurde, binne grêfstiennen en obelisken. In oar foarbyld fan modern gebrûk is dat op it slachfjild fan Waterloo in stikmannich stêles oprjochte binne om 'e lokaasje fan wichtige gefjochtsaksjes ûnder de Slach by Waterloo te markearjen.

Sjoch ek

Galery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AldheidAnatoaljeArtefakt (argeology)Egyptyske AldheidFrânskGrykske AldheidHoarn fan AfrikaHoutJeropaKeizerryk SinaKeltenKultuerLevantMeso-AmearikaMesopotaamjeNeolitikumOerflakRomeinske RykStienTekstTranskaukaazje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Voodoo (pornografysk akteur)Seefdruk19 maartPilekaaneftigenKeiran LeeAcademy of Country Music AwardBetlehimMarilyn CrystalKatee Owen2023UleboerdAngelica BellaBlues1901Kening-keizerMaya BijouCarles PuigdemontAfrikaanske pappegaaidoPeter BoszSeksuele penetraasjePierre Woodman1859Ynterprovinsjaal OerlisMartijn Theodoor Houtsma1557Katedraal fan PadûaDe DoelleazenMiranda WerkmanLiza ShayTechnologyJade JantzenVanda VitusSekshâldingPornofilmSûpengrottenbrijDútskNeakenmodelDaisy SummersSeksuele yntimidaasjeMûs (kompjûter)2017Zaya CassidyTsjechoslowakijeBeagle (skip)Grut-BrittanjeAnton DalhuysenAlexa FlexyLuna CorazónCherokee d'AssJ.R. CarringtonMiljardêrMarika FruscioProvansaalske wrotmûsSensual JaneBlauAnno GalamaVictoria GivensGNU/FDL1950-er jierrenDomtsjerke fan Grosseto873 f.Kr.Angelina JolieAmerican Music AwardMiddelseksPornhub22 febrewaris🡆 More