Sjetlâneilannen

De Sjetlâneilannen (Skotsk-Gaelysk: Sealtainn, Ingelsk: Shetland Islands) binne in eilannekloft yn de Atlantyske Oseaan, noardlik fan it fêstelân fan Skotlân.

De eilannen berinne in oerflak fan 1.426 km²; it haadeilân Mainland beslacht dêrfan in twa treddepart. It plak Lerwick op Mainland is it bestjoerlike sintrum fan de Sjetlâneilannen. Yn 'e mande mei de súdliker leine Orkney-eilannen foarmje de Sjetlâneilannen de Noardlike Eilannen fan Skotlân. Sûnt 1975 is Sjetlân fierders ek ien fan 'e Skotske riedsgebieten.

Sjetlâneilannen
Flagge fan de Sjetlâneilannen.
Sjetlâneilannen
Kaart fan de Sjetlâneilannen.

Geografy

De hiele eilannekloft bestiet út likernôch 100 eilannen dêr't fyftsjin fan bewenne binne. Op dy fyftjin bewenne eilannen wenje om ende by 23.167 minsken yn 2011, dêr't 17.750 fan op it haadeilân Mainland wenje (2005).

De oare bewenne eilannen binne:

  • Bressay (400 ynwenners)
  • Burra
  • Fetlar (60 ynwenners)
  • Foula
  • Muckle Roe
  • Papa Stour
  • Trondra
  • Unst (806 ynwenners)
  • Vaila
  • Whalsay (sa. 1.000 ynwenners)
  • Yell (sa. 960 ynwenners)

By de eilannen yn de Sjetlânkloft wurde ek rekkene: Fair Eilân yn it suden, en Housay en Bruray yn de Out Skerries yn it easten.

De Sjetlâneilannen steane bekend om de grutte koloanjes seefûgels dy't dêr te finen binne. Under oare de seepappegaai en Mallemok briede der yn grutte oantallen. De eilannekloft leit op deselde breedtegraad (60° NB) as de súdpunt fan Grienlân, Kaap Farwel.

Skiednis

Yn de begjin fan de Midsiuwen waarden de eilannen beset troch Wytsingen; de spoaren fan harren oanwêzigens binne noch oeral te sjen. Sjetlân waard yn 1472 by Skotlân foege as ûnderdiel fan in keninklike breidskat.

Op de Sjetlâneilannen stean in protte oerbliuwsels út eardere tiden. Alde forten lizze ferspraat oer de eilannen en kinne besichtige wurde. Yn Jarlshof op Mainland is in doarp út de Brûnstiid opgroeven.

Literatuer

  • Wolfgang Schlick:Die Orkney und Shetland-Inseln : Landschaft und Kultur im Nordatlantik. DuMont, Keulen 1989, 298 siden (DuMont Kultur-Reiseführer) ISBN 3-7701-2174-0
  • Elizabeth Balneaves: The windswept isles: Shetland and its people. Londen: Gifford, 1977. (328 siden)

Keppeling om utens

Sjetlâneilannen  Commons: Sjetlâneilannen – foto, fideo en harktriemmen

Tags:

Sjetlâneilannen GeografySjetlâneilannen SkiednisSjetlâneilannen LiteratuerSjetlâneilannen Keppeling om utensSjetlâneilannen1975Atlantyske OseaanFêstelânIngelskLerwickOrkney-eilannenSkotlânSkotsk-Gaelysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Alexa FlexyNational Basketball Association24 april1928Katedraal fan OtrantoSêfte pornografyPappegaaidowenDuomo San RufinoGemeenten fan NederlânSietske PoepjesFrouMiddelseksJohn de MolKatedraal fan CaltagironeSophie HilbrandFeankeninginneRocky MountainsInes RidereCody BryantHellendoorn (gemeente)CountryBart Jan Spruyt1990873 f.Kr.EkonomyMuzykHeinrich HimmlerDomtsjerke fan Massa MarittimaEmiel StoffersWytsingenVanda Vitus1863MiamiHongarije17 oktoberWetGeslachtsmienskipDútsk1902TechnologyVoodoo (pornografysk akteur)Julianna VegaDanyel CheeksZaya CassidyMarika FruscioAlain DeloinLuma CariocaEdsger Wybe DijkstraMilitêr transportfleantúchFingerjenLânPierre WoodmanKatedraal fan PadûaMediaWikiNew York Stock ExchangeMickey MouseSlavyske talenKylee StruttKristoffel KolumbusBaskysk1901Mia LelaniTriem (ynformatika)Pet (holdeksel)Miranda Werkman19 maartRaffarinadeAugust TaylorKomyk🡆 More