Sint-Andries is in plak yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.
Foarhinne wie it in selsstannige gemeente, mar sûnt 1 jannewaris 1971 foarmet Sint-Andries in dielgemeente fan de provinsjehaadstêd Brugge. Sint-Andries leit westlik fan it histoaryske stedssintrum fan Brugge. Noch jimmeroan hat sint-Andries in grut tal kastielen en hearehuzen op syn grûngebiet, mar in soad dêrfan binne yn 'e rin fan de tiid ôfbrutsen. De dielgemeente hat in oerflak fan 20,65 km² en 19.324 ynwenners (2020).
Sint-Andries (Brugge) | ||
Refuge | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
gemeente | Brugge | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.324 (2020) | |
Oerflak | 20,65 km² | |
Befolkingsticht. | 935 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8200 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 11' N 3° 10' E | |
Himrik fan Sint-Andries yn de gemeente Brugge | ||
Offisjele webside | ||
Sint-Andries op it webstee fan Brugge |
De boaiem fan Sint-Andries bestiet benammen út fyn sân en wat klaai oan it kanaal Brugge-Oostende. Dêrom wurdt de dielgemeente geografysk ta it gebiet 'Zandig Vlaanderen' rekkene. Sint-Andries grinzget yn it noarden oan 'De Polders', mar it lânskip fan Sint-Andries slút foar it measte op 'Het Houtland' oan.
Yn it suden grinzget Sint-Andries oan de dielgemeente Sint-Michiels en de gemeente Zedelgem, yn it west oan de gemeente Jabbeke, yn it noarden oan de gemeente Zuienkerke en de stedswiken 'Kristus-Koning' en 'Sint-Pieters-op-den-Dike' en yn it easten oan it stedssintrum fan Brugge.
It súdlik part fan Sint-Andries is ryk oan bosk troch de oanlis fan grutte park- en boskgebieten oan de ein fan de 18e en benammen yn de 19e iuw. Dy ûnstienen troch't aadlike famyljes dêr grutte kastieldomeinen besieten. Ek kleasters mei harren kleasterlân soargen dêr foar it behâld fan bosk en grien. Wylst der fuort nei de Twadde Wrâldoarloch nochal wat domeinen ferkavele en beboud waarden, feroare it belied nei de weryndieling fan de jierren 1970. De stêd kocht doe grutte domeinen (Beisbroek en Tudor) oan en de provinsje West-Vlaanderen hie earder al it Tillegembosk oankocht.
Oan de Zandstraat 148 stiet it yn de jierren 1902-1914 boude 'Refuge'-kompleks yn de styl fan de Brugge-barok.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Andries (Brugge)
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Sint-Andries (Brugge), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.