Prokureur-Generaal

Prokureur-generaal is de beneaming foar in beskate funksje by it Iepenbier Ministearje.

Yn elts lân dat dizze funksje ken, hat de prokureur-generaal oare taken.

Nederlân

Ek yn Nederlân wurdt de oantsjutting prokureur-generaal brûkt foar inkele ûnderskate funksjes. In prokureur-generaal kin wêze:

  • in lid fan it bestjoerskolleezje fan it Iepenbier Ministearje, te witten it Kolleezje fan Prokureurs-Generaal, dat yn 'e mande mei de stêf fan it Iepenbier Ministearje it parket-generaal foarmet.
  • it haad fan it parket by de Hege Ried.
  • (oant 1998) de haadabbekaat-generaal by in ressortparket.

De prokureur-generaal moat net betize wurde mei de prokureur, dat in hiel oare funksje is.

Belgje

Yn Belgje is de prokureur-generaal in magistraat by it Iepenbier Ministearje dat op dit nivo ek wol it parket-generaal neamd wurdt. Hy wurdt yn syn wurk bystien troch de abbekaten-generaal en de substituten-prokureur-generaal. Der binne twa funksjes dy't oantsjut wurde as prokureur-generaal:

  • it haad fan it parket-generaal by it Hof fan Kassaasje, en
  • it haad fan it parket-generaal by de hôven fan berop.

Suriname

Yn Suriname is de prokureur-generaal in hege funksjonaris fan it Iepenbier Ministearje dy't neffens de Surinaamske grûnwet belêstge is mei de strafferfolging fan politike amtsdragers.

Feriene Steaten

Yn 'e Feriene Steaten wurdt de federale prokureur-generaal oantsjut as de attorney general (letterlik: "abbekaat-generaal"). Dy stiet oan it haad fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, en syn funksje wurdt dêrom yn 'e regel oerset as "minister fan Justysje". Alle ôfsûnderlike Amerikaanske steaten hawwe lykwols ek in eigen attorney general, dy't de 'minister fan Justysje' fan 'e oangeande steat is. Dy funksjes wurde wol wer oerset as "prokureur-generaal".

Oare lannen

De funksje fan prokureur-generaal komt ek yn ferskate oare lannen foar, wêrûnder Frankryk, Ingelân en Wales, Georgje en Israel.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Tags:

Prokureur-Generaal NederlânProkureur-Generaal BelgjeProkureur-Generaal SurinameProkureur-Generaal Feriene SteatenProkureur-Generaal Oare lannenProkureur-GeneraalIepenbier Ministearje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OeriselOekraïneSjongsterWelsum (Olst-Wijhe)Stoarmtroeper (Star Wars)Ivy SherwoodOrale seksHypotezeYndyske ArsjipelNederdútskElektromagnetismeHarley RaineInga RidereRae Lil BlackNeptunus (planeet)Dûbele penetraasjePûn sterlingNick LangJenny PoussinMontanaReesttsjerke (Balkbrêge)Grutte OseaanBlondie (pornografysk aktrise)FilmmusicalTatoeaazjeVanda VitusFykologyMoskou (oblast)Bolstjurrich StraatfestivalAmerican Music AwardHylperskGlânsibisThird Degree FilmsStammeKatee OwenJureka del MarVanessa PrideRichard LanginSome Like It Hot (film út 1959)Jezus (tradisjoneel-kristlik)RottekopKeizerspjochtMassachusettsJezabel VessirKazachstanTiidKatoenLouisianaNijverdalAbbey BrooksKryptogramAlfabetJob CohenHamasPierre WoodmanMarilyn Monroe1871EastenrykKoen EekmaTrommeSintrale Delling (Kalifornje)1429HardenbergFeltenwrotmûsSensual JaneÔflûken (seksualiteit)WurkhûsNapali VideoSuffolkAldemardum🡆 More