Pietje Feitsma

Pietje Hornstra-Feitsma (Hilaard, 9 desimber 1918 - It Hearrenfean, 14 april 1991) wie in Fryske koartebaan reedrider.

Neffens it oarspronklike register waard Feitsma berne yn Hilaard, mar J.H. Rijpkema neamt Dronryp as berteplak.

Pietje Feitsma
Pietje Feitsma
Pietje Feitsma (1933)
Pietje Feitsma (1933)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Pietje Feitsma Nederlânsk
bertedatum 9 desimber 1918
berteplak Hilaard
stjerdatum 14 april 1991
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Pietje Feitsma Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Koartebaanriden

Se ried har earste wedstriid op 6 desimber 1933 doe't se 14 jier wie yn har wenplak Dronryp. Se wûn de earste priis (f 40, - ) foar Tryntsje Terpstra en har trije jier âldere suster Loltje. Op 17 desimber fan datselde jier wûn se de sulveren medalje op de Nederlânske kampioenskippen koartebaanriden yn Wergea , dêr't se de finale fan Grytsje Bijlsma ferlear .

Har pake Feitsma fan Deinum wie ek in hurdrider dy't yn 1865 en 1866 yn de prizen foel. Neist har suster Jeltsje wûn ek har broer Age (berne yn 1918; emigrearre nei de Feriene Steaten) prizen yn 1918.

Prestaasjes

Unfolsleine list:

    1933–34
    1e priis (f 40,-) - 6 desimber 1933 yn Dronryp
    4e priis (f 5,-) - 9 desimber 1933 yn Huzum
    2e priis (f 20,-) - 10 desimber 1933 yn Stiens
    1e priis (f 25,-) - 11 desimber 1933 yn Britswert
    3e priis (f 15,-) - 14 desimber 1933 yn Wolvegea
    1e priis (f 15,-) - yn Dearsum
    1e priis (f 50,-) - 16 desimber 1933 yn Rie
    17 desimber 1933 Nederlânske nasjonale kampioenskippen yn Wergea
      2e priis (f 45,- & medalje)
      Fluchste race
    2e priis (f 60,-)- 18 desimber 1933 yn Berltsum (achter Grietje Bijlsma, foar Sjoukje Bouma)
    1935-36
    2e priis (f 25,-) - 21 desimber 1935 yn Hurdegaryp, klasse A, 6 dielnimmers (efter Marie v. d. Duim-De Groot)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rijpkema, J. H. (17 maaie 1936). "Gedenkschrift bij het 50-jarig bestaan van den Frieschen IJsbond 1886-1936, alsmede iets over hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren". Noord-Nederlandsche Boekhandel. s. 173 – fia de Keninklike Bibleteek.
    Referinsje

Tags:

14 april191819919 desimberDronrypHilaardIt Hearrenfean (plak)KoartebaanridenReedrider

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Minsklike seksuele aktiviteitHollânPornografyProstitueeIranGrypskerk1950-er jierrenBaron24 aprilFeriene Keninkryk1992HaaienBoedismeLetskBlessuereBeierske wrotmûsGokkenShalina DevineHavana GingerJ.R. CarringtonLatynAubrey KateDavid GilmourYnterprovinsjaal OerlisCody BryantAnno GalamaPierre WoodmanRocky Mountains1564AldfryskPaulina SeikolaGemeenten fan NederlânRhylee RichardsDaisy Summers1968Hunter Bryce23 aprilWylpreagerfûgelsServjeJenna BrooksShae SummersMiamiPornoaktriseHimelfeartsdeiErika BellaWelsum (Olst-Wijhe)Megan VaughnSilyWetDe Doelleazen6 maartHûntsjeshâldingSeksferslavingMarika FruscioLeppeltsje-leppeltsjeKultuerHellendoorn (gemeente)Hjerringslynder2020Domtsjerke fan Massa MarittimaVictoria GivensArjen TerpstraSeksuele penetraasjeTriem (ynformatika)Mahabharata1949Katedraal fan NotoUleboerdHelp🡆 More