Pieter Ulbes Rijpma

Pieter Ulbes Rijpma (Penjum, 15 april 1839 – Mullum, 14 juny 1885) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw fjouwer kear de PC wûn.

Pieter Ulbes Rijpma
Pieter Ulbes Rijpma sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Ulbes Rijpma
nasjonaliteit Pieter Ulbes Rijpma Nederlânsk
bertedatum 15 april 1839
berteplak Penjum (Fryslân)
stjerdatum 14 juny 1885
stjerplak Mullum (Fryslân)
etnisiteit Pieter Ulbes Rijpma Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1858
karriêre-ein 1867
wichtige prestaasjes
Pieter Ulbes Rijpma PC: 4× earste priis
Pieter Ulbes Rijpma PC: 2× twadde priis

Libben en karriêre

Rijpma waard yn 1839 berne yn Penjum, yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. Hy sette yn 1858 útein mei in karriêre yn it keatsen en wûn dat jiers op 28 augustus de PC mei syn neef Pieter Baukes Rijpma, en mei Rients D. Yntema, beiden ek ôfkomstich út Penjum. Nei't yn 1859 de PC net trochgean koe fanwegen in pokke-epidemy, prolongearren de trije manlju harren kampioenskip yn 1860 op 'e PC fan 1 augustus. En yn 1861 diene se dat jitris op 'e PC fan 31 july.

Oars as dat yn guon statistiken fernijd stiet, hearde Pieter Ulbes Rijpma yn 1862 net ta it winnende partoer, dat dat jiers bestie út syn neef Pieter Baukes, Rients D. Yntema en Hielke F. Post fan Kimswert. Mooglik dat Pieter Ulbes dat jiers drok wie mei in ferhuzing, want doe't er yn 1863 wer oan 'e PC meidie, wenne er yn Mullum, boppe Harns. Mei Jan D. Bangma fan Arum en Frans F. Felkers fan Winsum wûn er de PC dat jiers op 29 july foar de fjirde kear.

Njonken syn fjouwer oerwinnings behelle Rijpma yn 1865 en 1867 mei syn partoer it twadde plak op 'e PC. Yn totaal garre er dêrmei 19 punten op foar it Ivich Keatsklassemint. Yn 1867 hold Rijpma op mei keatsen. Hy kaam yn 1885 yn 'e âlderdom fan 46 jier yn syn wenplak Mullum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

14 juny15 april18391885FryslânKeatserMullumNjoggentjinde iuwPCPenjum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Falklânoarloch1700StripteaseWordPressLionel Messi28e iuwMoandei25 maaieFaginaNoard-MasedoanjePornhubDútskLockheed F-104 Starfighter22 julyGemme fan Burmania2800 f.Kr.700 f.Kr.TwiljochtErotykMeterPearsLatynPeterhôf (stêd)Grutte Priis Formule 1 fan Brazylje 201812201 f.Kr.Orenburg (oblast)Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Harmony WonderPerûBraillePinsjoenAlde EgypteMars (planeet)4e milenniumFingerjenFazantenSymmetryGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014New York CityGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 20101628Carles PuigdemontSloveenje3501 f.Kr.SkriuwerSandy Milz3000 f.Kr.Audiih6hzHartochdom BretanjeSARS-CoV-2Lille10e milenniumMinneapolisMicrosoft WindowsLuna SilverMarije-Bertetsjerke (Nizjni Novgorod)23e iuwJoe BidenSaksen (dielsteat)Tsjechje1878Dick Wilson (stammepresidint)Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2012Romeinske RepublykJiertiidWalrus21 febrewaris🡆 More