Paulette Goddard

Paulette Goddard, berne as Marion Pauline Levy (Whitestone Landing (New York), 3 juny 1910 - Ronco (Switserlân), 23 april 1990) wie in Amerikaansk aktrise.

Paulette Goddard
Paulette Goddard akteur
Goddard yn Second Chorus
Goddard yn Second Chorus
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 3 juny 1910
berteplak Whitestone Landing
stoarn 23 april 1990
stjerplak Roco (Switserlân)
jierren aktyf 1926–1972
offisjele webside
IMDb-profyl
Paulette Goddard
Paulette Goddard in So Proudly We Hail! (1943)
Paulette Goddard
Charlie Chaplin en Paulette Goddard yn The Great Dictator
Paulette Goddard
Goddard mei Phillip Reed, 1957

Wurkpaad

Goddard har karriêre begûn yn de tsienerjierren. Se waard model en wie yn 1924 lid fan de Ziegfeld Follies (Broadway). Sy bleau yn it teäter oant sy yn Hollywood trochbriek.

Goddard ferfear nei Hollywood yn 1929, doe't hja in kontrakt krige by Hal Roach Studios. Sy wie yn koarte films te sjen neist Laurel & Hardy. By Samuel Goldwyn Productions krige se mear serieuze rollen tabedield en wie se te sjen neist aktrises as Betty Grable, Lucille Ball en Jane Wyman.

Yn 1932 moete Goddard Charlie Chaplin en krige in ferhâlding mei him. Chaplin kocht Goddard har kontrakt by Hal Roach Studios op, sadat sy foar him oan 't wurk koe. Yn 1936 die sy mei oan Modern Times, neist Chaplin. Hoewol't Chaplin yn syn autobiografy skreau dat sy yn Kwomintang (Sina) trouden, yn 1936, hat dat nea legaal west. Sy gienen út elkoar yn 1942. Chaplin waard it iens mei Goddard der gjin opskuor oer te meitsjen.

Goddard waard hieltyd mear bekend. Yn 1939 die se mei oan The Woman mei Norma Shearer, Joan Crawford en Rosalind Russell. By it meitsjen fan dy film waard oerwoegen om Goddard foar de rol fan Scarlett O'Hara yn Gone with the Wind te freegjen.

Yn 1939 krige Goddard in kontrakt by Paramount Pictures. Har earste film dêre waard The Cat and the Canary. De film feroare har karriêre.

Goddard wie yn 1940 fannijs te sjen neist Chaplin yn The Great Dictator; letter neist Fred Astaire yn Second Chorus. Hjir kaam se yn de kunde mei akteur Burgess Meredith. Earst yn 1944 trouden sy en yn 1950 waard it houlik wer ferbrutsen. Yn 1944 hie sy in miskream; dêrfoar of dêrnei hat sy gjin bern hân. St hat wol styfmem fan twa fan Chaplin syn bern west.

Foar har rol yn So Proudly We Hail! (1943) waard Goddard nominearre foar in Academy Award foar Bêste Froulike Byrol. It hichtepunt yn har karriêre wie yn de jierren '40; dêrnei rekke it yn de nederklits en hold sy lang om let op mei aktearjen.

Yn 1958 troude se nochris, no mei de Dútsk-Amerikaanske skriuwer Erich Maria Remarque; oant syn dea yn 1970 ta binne sy by elkoar bleaun.
Op 23 april 1990 stoar Goddard oan de gefolgen fan longemfyseem.

Filmografy (kar)

  • 1929:Berth Marks
  • 1931:City Streets
  • 1932:Pack Up Your Troubles
  • 1933:Roman Scandals
  • 1936:Modern Times
  • 1936:The Bohemian Girl
  • 1938:The Young in Heart
  • 1939:The Women
  • 1939:The Cat and the Canary
  • 1940:The Ghost Breakers
  • 1940:The Great Dictator
  • 1940:North West Mounted Police
  • 1940:Second Chorus
  • 1941:Pot o' Gold
  • 1941:Hold Back the Dawn
  • 1942:Reap the Wild Wind
  • 1943:So Proudly We Hail!
  • 1946:The Diary of a Chambermaid
  • 1947:Unconquered
  • 1948:On Our Merry Way
Paulette Goddard  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paulette Goddard fan Wiki Commons.

Tags:

1910199023 april3 junyFeriene SteatenNew York (steat)Switserlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mya LuannaWylpreagerfûgelsAbby Lee BrazilNoelle EastonFoarbeatsjerke oan de Nerl22 maaieList fan sterke tiidwurden yn it FryskCherokee d'Ass1564FilmmusicalLexi DiamondBelladonna (pornografysk aktrise)Sandy MilzStormy DanielsMemSlachteAnne fan Grut-BrittanjeCottagestylFryske BernekranteJulie SkyhighDe BoskNoardseeJenny PoussinDigital Sin86HûneftigenTverFellatioFryske talenKrystal SwiftLaura GemserCarles PuigdemontHaadsideGolf fan OmanCassidy BanksAazjeLisa AnnJeropaBrazilian waxSoarteLouisianaMediaWiki26 febrewarisSekshâlding31 oktoberHynderKanielkoppappegaaidoSimone Horváth1927T-sekshâldingLogan LongVideo Art HollandKeningsleppelbekMoskouISBNRottekopFedja van HuêtOrganismeMiss Montreal (band)Puna-ibisPeriapsisWikipedyJeanne d'ArcEastenrykDoede BleekerDaisy SummersNederlânSkotskFryslân yn de MidsiuwenSjongsterOseaan🡆 More