Nebraska Niobrara

Niobrara (útspr.: , likernôch: na-juh-brêr-ruh; Omaha: Ní Ubthátha Tʰáⁿwaⁿgthaⁿ; útspr.: , likernôch: nyng ûb-la-la ûang-lang) is in doarp yn Knox County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan it plak doe op 370 minsken. De rivier de Niobrara rint lyk by it doarp lâns.

Niobrara
Nebraska Niobrara
Polityk
Lân Nebraska Niobrara Feriene Steaten
Steat Nebraska Niobrara Nebraska
County Nebraska Niobrara Knox County
Sifers
Ynwennertal 370 (2010)
Oerflak 1,9 km² (ynkl. wetter)
1,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 194,7 / km²
Hichte 375 m
Oar
Stifting 1856
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 42°45′00″N 98°01′55″W
Offisjele webside
www.niobrarane.com
Kaart
Nebraska Niobrara
De lizzing fan Niobrara yn Knox County en yn 'e steat Nebraska.

Skiednis

Niobrara waard yn 1856 stifte. It Amerikaanske Leger lei der doe in fort oan om 'e blanke kolonisten te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Yndianen. Al hiel gau ûntstie dêromhinne in lytse delsetting.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Niobrara 29,2% âlder as 65 jier en 16,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út ien persoan. Ut âldere gegevens, út 2000, die bliken dat doe 13,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 81,9% blanken; 11,6% Yndianen; 2,4% Latino's; 0,3% swarten; 3,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Hoewol't it bûten de grinzen fan 'e respektivelike reservaten leit, binne yn Niobrara sawol de reservaatsbestjoeren fan it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation) en it Ponka Yndianereservaat (Ponca Indian Reservation), as de haadkertieren fan 'e federaal erkende Santy Sû Naasje (Santee Sioux Nation) en Ponka Stamme fan Nebraska (Ponka Tribe of Nebraska) fêstige.

Ferstoarn yn Niobrara

Klimaat

Niobrara hat in lânklimaat, mei waarme simmers en net al te strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, leit er oerdeis om it friespunt hinne. Der falt jiers trochinoar 577 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Nebraska Niobrara SkiednisNebraska Niobrara DemografyNebraska Niobrara KlimaatNebraska Niobrara Keppelings om utensNebraska Niobrara2010Amerikaanske steatenFeriene SteatenNebraskaOmaha (taal)Útspr.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BrazyljePolyteïsmeMyanmarWytMafalda (pornografysk aktrise)Sensual JaneRostov oan de DonZicoSpoar fan Ljouwert nei StarumJoadenFrankfurt am MainGoudThunderball (film)Slach by Poitiers (732)AchtkarspelenTed HughesFrank Sinatra25 junyMisjonarishâlding1918Wrâldkampioenskip fuotbal 1986Jeremia (bibelboek)McDonald'sISBNFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)IstanbûlJohan FerrierFoarnammeKristenWarsjaupaktKaraseeBernardahûsZaya CassidyGerald FordNôtRepublikeinske Partij (Feriene Steaten)Gymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 2000OrléansIerdeOlympyske Simmerspullen 20241968ÛntslachLos AngelesShalina Devine1818Krusiging fan JezusFlaanderenStillibbenGiorgio MorandiNapelsRomeinsk-Perzyske OarloggenRuslânGoldbandEreksjeBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972KoöperaasjeNikita ChrûsjtsjovJehannes Paulus IIFeriene NaasjesTasjkentRocco SiffrediRinsumageastTeksasLongûntstekkingLêstekenKredytkrisisAmerikaanske dollarThe Allman Brothers BandNepal🡆 More