Nigtevecht

Nigtevecht is in doarp oan de Fecht yn it uterste noardwesten fan de provinsje Utert, hearend ta de gemeente Stichtske Fecht.

It doarp hie 1450 ynwenners yn 2004. Oant 1989 foarme it in ôfsûnderlike gemeente.

Nigtevecht
Herfoarme tsjerke
Nigtevecht
Buorren

Nigtevecht waard yn 1281 foar it earst neamd. It wie oarspronklik in langhalich doarp op in rivierdún op de linkerouwer fan de slingerjende Fecht. Tsjintwurdich hat it in buorren yn in bocht fan de rivier. Oan dy lizzing tanket Nigtevecht ek de namme, it is in ferbastering fan 'Niftervecht', "oan de Fecht". Tichtby it doarp, mar los dêrfan troch it Amsterdam-Rynkanaal (en de gemeentegrins mei Abcoude), leit it Fort by Nigtevecht. It is ûnderdiel fan de Stelling fan Amsterdam en waard boud tusken 1888 en 1903.

De Doarpsstrjitte fan Nigtevecht is in beskerme doarpsgesicht. De herfoarme tsjerke fan Nigtevecht komt út de 13e iuw. De roomsken fan Nigtevecht falle ûnder de parochy fan Nederhorst den Berg, dy't oan de oare kant fan de Fecht (tagelyk provinsjegrins) leit. In fytsfear ûnderhâldt in ferbining tusken beide doarpen en is ek ûnderdiel fan in populêre fytsrûte.

Yn Nigtevecht stiet in poldermole, de Garstemole, in achtkante grûnsiler út 1876.

Oan de Vreelandseweg sit fuotbalferiening DOB, in ôfkoarting fan Door Oefening Beter. De club is yn 1947 oprjochte.

Bekende persoanen út Nigtevecht

  • M.H. Laddé, fotograaf en regisseur fan de earste Nederlânske film
  • Christijan Albers, Formule 1 koereur en soan fan eks-rallycross koereur André Albers (Nederlânsk Ynternasjonaal Rallycross GT-kampioen fan it jier 1979)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

19892004Stichtske FechtUtert (provinsje)Utertske Fecht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JayemastateLibbenHeidenskSekshâldingLjouwert (stêd)Bosnyske MoslimsSeksuele penetraasjeHarry BelafonteJulianna VegaRostov oan de DonJimmy WalesRjochtsaakMaserati XXXKaraseeDonald TrumpKoloradoHûntsjeshâldingFlaanderenIersk1991Arwen GoldHonoluluFrânskMidden-AmearikaFrouBrezjnev-doktrineKosta RikaSportpark De BoskFeriene KeninkrykBonoJack NicholsonTurkish AirlinesMan (sekse)KristenAtlantaKoergan (oblast)Armeenje1968RôfdierenJochen RindtMarcelinho CariocaKeizerSubway (restaurant)KwissipedyThe Wall Street JournalPoalske FjildtochtMarijn Kuipers20 maartKalkuttaSinkiang1810Wrâldkampioenskip fuotbal 1950Opnamen (film)27 maartSint-LusiaFjetnamPoalenFietnamoarlochSineeske karaktersDC++HeitCarles PuigdemontProvinciale Friesche CourantBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000VastoRenée ZellwegerMichael JordanKaviaFazantFryslân (wengebiet)DjakartaRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964🡆 More