Muzykferiening Hâld Moed

Muzykferiening Hâld Moed wie in muzykkorps út it Fryske doarp Easthim, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (foarhinne Wymbritseradiel).

It wie in feriening dy't fanfaremuzyk fersoarge, mei blaasynstruminten en slachwurk.

Muzykferiening Hâld Moed
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Muzykferiening Hâld Moed Nederlânsk
type org. feriening (muzykkorps)
wurkmêd hafabramuzyk
fêstige yn Easthim (Fryslân)
oprjochte 1924
opdoekt 2018
tal leden ±8 (2018)
offisjele webside
www.trudolphi.nl/HaldMoed

Hâld Moed waard yn 1924 oprjochte, mar mids 2018, koart foar it 95-jierrich jubileum, waard it muzykkorps opheft. Reden wie it al jierren tebekrinnende ledetal; op it lêst wiene der noch sa'n acht leden oer. Bykommend probleem wie dat dy allegear sa stadichoan op jierren begûnen te reitsjen en der gewoan gjin oanwaaks fan nij talint yn Easthim bestie.

It fergees tagonklike ôfskiedskonsert fan Fanfare Hâld Moed waard op 7 july 2018 yn 't Himsterhûs holden, it doarpshûs fan Easthim. De lieding dêroer hie dirigint Siemen Hoekstra. Ek Gurbe Douwstra, in freon fan it muzykkorps ferliende oan dy jûn syn meiwurking.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oenema, Rixt, Ledental blijft dalen: Fanfare Hâld Moed Oosthem houdt op, yn: de Ljouwerter Krante, 27 juny 2018, s. 30.

Tags:

BlaasynstrumintDoarpEasthimFanfareFerieningFryslânGemeente (bestjoer)MuzykkorpsSlachwurkSúdwest-FryslânWymbritseradiel (1984-2011)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Emily RatajkowskiMFingerjen1995SkimmelsHúshâldingNederlânDJ ParisaAIsraelEls PerdokMarijn KuipersAmerikaansk fuotbalCarl JungAreNHurddraverijKlútFHagia Sofia (Istanbûl)Microsoft Windows25 jannewarisRavensbrückChina National Space Administration1594Alberto AscariNoard-KoreäIrak1 oktober15e iuw1934Oklahoma20161909LânCayden MooreÓrlaith íngen CennétigIlse DeLangeJake SteedDrankbestridingSovjet-UnyLovette (pornografysk aktrise)Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)BangladesjKristusWiskundeElektroanikaHanny Michaelis1937AppelskeaHeather LeeBinnensteatSalomon LevyPhilip, hartoch fan EdinburghSwitserlânITwadde Wrâldkriich1867JapanskKeatsenCowgirlhâldingKoalstofCMasturbaasjeAnna BoleynJMegan Vaughn🡆 More