Amerikaanske Útjouwerij Mercury Publications

Mercury Publications, ek bekend as Mercury Press, wie in Amerikaanske útjouwerij fan tydskriften, dy't fêstige wie oan 570 Lexington Avenue yn New York.

It bedriuw waard yn 1937 oprjochte troch útjouwer Lawrence E. Spivak. Dyselde sette yn 1933 mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske útjouwerijsektor útein as manager fan it tydskrift The American Mercury. Yn 1935 waard er de útjouwer fan dat blêd. Mei de oprjochting Mercury Publications, dat nei The American Mercury ferneamd wie, wreide Spivak syn útjouwerswurk út nei oare titels.

Mercury Publications
algemien
nasjonaliteit Amerikaanske Útjouwerij Mercury Publications Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn New York (New York)
oprjochte 1937
opdoekt 2001
oprjochter Lawrence E. Spivak
offisjele webside
n.f.t.

Mercury Publications publisearre benammen blêden wêryn't detektiveferhalen en moardmystearjes ferskynden, mar dêrnjonken ek tydskriften oer wiere misdriuwen, humor, en fantasy en science fiction. Mercury Publications hie as ymprints Mystery House, Fantasy House (fan 1949 ôf) en Jonathan Press Mysteries (fan 1942 ôf). De wichtichste tydskriften fan Mercury Publications wiene:

  • Bestseller Mystery Magazine
  • Bestsellers: Authorized Book Condensations (fan 1945 ôf)
  • The Book of Wit & Humor
  • Ellery Queen's Mystery Magazine (fan 1941 ôf)
  • The Magazine of Fantasy & Science Fiction (fan 1949 ôf)
  • Mercury Mystery (fan 1940 ôf; ek bekend as Mercury Mystery Book Magazine en Mercury Mystery Magazine; gie úteinlik op Bestseller Mystery Magazine)
  • True Crime Detective

Spivak publisearre fan 1938 ôf in boekesearje mei as titel Mercury Library, dy't er yn 1940 opspjalte yn Mercury Mysteries en Bestseller Mysteries.

Yn 'e hjerst fan 1950 ferkocht Spivak The American Mercury oan 'e ynvestearringsbankier Clendenin J. Ryan. Fan 1940 oant 1950 wie Joseph W. Ferman de bedriuwslieder fan Mercury Publications. Dyselde kocht it bedriuw yn 1952 fan Spivak oer. Syn soan Edward L. Ferman behold de útjouwerij oant de opheffing yn 2001.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

193319351937BedriuwFeriene SteatenNew York (stêd)Titel (opskrift)TydskriftWurkpaadÚtjouwerÚtjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Izer1920Mozilla ThunderbirdCJapanske yenT-sekshâldingPortegalFeriene SteatenKavaleryKarakterisearringOhioKleur22DeenskLovette (pornografysk aktrise)KatarSteatsline HNatura 2000Tsjaad1187MicrosoftVolksbond tegen Drankmisbruik193928 augustusTsjechjeWebsteeJuliaanske kalinder95B4e iuwEastenrykAndor (telefyzjesearje)19822013China National Space AdministrationK14 maartSyrillysk alfabetXElizabeth Bowes-LyonJierHurddraverijWenenEachKeunstFryske stêdenItaaljeBrusselPete's Dragon (film út 2016)IngelânDútske Demokratyske RepublykRuslânJapanskGlamourfotografyDaisy SummersEurosôneHarelbekeA Bridge Too Far (film)1906MalyAgnostisisme1980Reality Kings22e iuwTiid27 maartRadioFinlânJeropaKasinoTelefyzjeprodusint2e iuw🡆 More