Max Werner

Max Werner (Hilfertsom, 29 desimber 1953 - Hilfertsom, 9 april 2024) wie in Nederlânsk drummer en sjonger.

Hy wie bekend as de drummer fan Kayak.

Max Werner
Max Werner sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Max Werner
nasjonaliteit Max Werner Nederlânsk
berne 29 desimber 1953
berteplak Hilfertsom
stoarn 9 april 2024
stjerplak Hilfertsom
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Drums
grutste hit(s) Rain in May

Karriêre

Werner krige syn oplieding ta drummer oan it Hilfertsomske Konservatoarium dêr't er ûnder oare les krige fan de heit fan syn lettere Kayak kollega Pim Koopmans, dy't de drummer waard fan Kayak. Hy wie tsjin wil en tank sjonger (en mellotronspiler) op de earste fiif Kayak-albums. De band waard lykwols mei troch syn markante sjongstim bekend. Hy fielde kommersjele druk om syn klachten oer de sang net al te folle nei bûten te bringen. Nei it album Starlight Dancer makke er syn ûntefredenheid bekender en hy stapte oer op de drums; Edward Reekers waard de nije sjonger. Nei it (foarearst) opheffen fan de groep wurke er ûnder oaren as gastmuzikant by oare artysten. Sa spile er mei op Land of Tá van Nadieh. Dêrneist wurke er ek as postrinner.

Nei de comeback fan Kayak yn 1999 trede er opnij oan as sjonger foar it album Close to the Fire. Nei de toernee yn 2000 waard de gearwurking beëinige.

Werner hat solo fjouwer albums opnommen. Yn 1981 hie hy in ynternasjonale hit mei it nûmer Rain in in May (nr. 3 yn Nederlân en nr. 1 yn Dútslân).

Ek naam hy tegearre mei syn âlde Kayak-kollega Johan Slager yn 1981 diel oan de reüny fan Ekseption. Hy spile drum, percusje en maribema op it album Dance Macabre. Ek wie er yn novimber 1993 lid fan de band Ekseption by de opnamen fan twa livealbums dy 't yn 1994 ferskynden, The Reunion en Best of Ekseption.

Max Werner ferstoar op 9 april 2024, yn 'e aldens fan 70 jier.

Diskografy

Albums

Album Utbrocht yn Band Single(s)
See See the Sun 1973 Kayak Lyrics,
Mammoth,
See see the sun
Kayak 1974 Wintertime,
We are not amused
Royal Bed Bouncer 1975 Chance for a lifetime
The Last Encore 1976 Still my heart cries for you
Phantom of the Night 1979 Ruthless Queen,
Phantom of the night
Rainbow's End Max Werner Rainbows End
Periscope Life 1980 Kayak Periscope life,
Anne,
Lost blue of Chartres,
Total loss
Merlin 1981 The king's enchanter,
Seagull
Seasons Max Werner Rain in May,
Summer in the City,
Like An Autumn Leaf
How Can It Be... Like This? 1988
Not the Opera 1995
Close to the Fire 2000 Kayak Close to the fire

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Max Werner KarriêreMax Werner DiskografyMax Werner1953202429 desimber9 aprilDrummerHilfertsomNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SingapoerSpoar fan Ljouwert nei StarumSiddharta GautamaAnargismeWrâldkampioenskip fuotbal 2022RestaurantTsjustere matearjeCassidy Banks34HongkongFerstoarFryskAbrahamityske religyenMaserati XXXApostelBeyoncé KnowlesCIASwedenIbearysk SkiereilânPearsFacebookLêstekenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Saûdy-AraabjeJasmine AlohaHillige Roomske RykPeléMarcelinho CariocaJeremia (bibelboek)Feriene SteatenArcheologyKiëvEstlânMichaïl GorbatsjovVladimir PûtinBitcoinLondenJoachim HoppersFazanteftigenYndoneezjeGoldbandAngelica RavenAldenburchKoöperaasjeBestjoerList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânKaviaSozialdemokratische Partei DeutschlandsNederlânskMoslimHimelfearttsjerke (Josjkar-Ola)HielalLexxxi LockhartMontevideoNoardfryskTeudebert IIIt Hearrenfean (gemeente)26 maartKaliningrad (oblast)OrgasmeLudwigshafenNKleanTsjoenderijOflûken (seksualiteit)GelsenkirchenChicagoNew York (stêd)Benito MussoliniKalkutta🡆 More