Slachynstrumint

Under slachynstruminten wurde meast muzykynstruminten ferstien dy't ornaris mei in slachtechnyk bespile wurde, lykas de ferskate soarten trommels, bekkens en lytsere ynstruminten sûnder spesifike toanhichte.

Fierder binne der slachwurkynstruminten mei in spesifike toanhichte, lykas de pauken en de gong. It drumstel (in kombinaasje fan trommels, bekkens en inkeld ek perkusje-ynstruminten) wurdt meast brûkt yn pop- en rockbands, yn jazzmuzyk en hieltyd faker yn orkestferbân.

Perkusje

Under perkusje wurdt meast ferstien de lytsere slachwurkynstruminten en in tal muzykynstruminten dy't út de wrâldmuzyk komme, dat wol sizze: út oare as de westerske klassyk muzikale tradysje, lykas bygelyks de

  • claves,
  • conga's,
  • bongo's en de
  • guïro.

Hoewol't alle slachwurkynstruminten mei in saneamde slachtechnyk bespile wurde kinne, binne der ek fariaasjes en alternativen: mei of sûnder stôk slaan (mei de hân). Guon slachwurkynstruminten, lykas de fibrafoan en crotales kinne boppedat mei in strykstôk (meast dy fan in kontrabas bespile wurde, wat notearre wurdt as arco.

Melodieuze slachynstruminten

Dêrneist binne der slachwurkynstruminten dy't dúdlik in meldij of harmony hearre litte kinne, lykas

  • de marimba,
  • de fibrafoan,
  • het glockenspiel,
  • het buisklokkespul,
  • de ksylofoan en
  • de crotales of cymbales antiques.

Slachsnaarynstruminten:

  • Hammered dulcimer
  • cymbalom (ek cimbalom of cembalo)
  • hakkeboerd
  • In piano is yn basis ek in slachynstrumint mei in klavier

Tags:

JazzMuzykynstrumintOrkestTromme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Súdlike wetterrôtLisa AnnTwadde WrâldkriichBibelPuna-ibisUrkShae SummersCJ MilesShania TwainMagrebsliepmûsSpoar fan Dimter nei AlmeloNôtmûsNeakenmodelBugelSlachteVideo Art HollandPersia MonirSjongerNeakenfotografyDútslânSúd-KoreäCassidy BanksDomtsjerke fan Cefalù70Skrikkeljier1 maaieSimone HorváthDe LauwersISBNLoni LegendmarketingStammeVina SkyJeropaLeafdeAdrianus Heringa CatsAlyssa MilanoFryslân yn de MidsiuwenKatoenStasjon Deventer ColmschateSietske PoepjesMinsklike seksuele aktiviteitISO 3166-1YggdrasilFranklin D. RooseveltLingtemjitteJayden LeeHûneftigenPyreneeske wrotmûsKarel II fan IngelânAazjeNoarwegenDomeinnammeMoskwaPriya PriceYby PotlatchHardenbergStoarmtroeper (Star Wars)NomenklatuerHûntsjeshâldingSean LawlessVasco da GamaBella BellzRosa CaraccioloWiegels WjukkelmasineAafke BijlsmaWillem III fan Oranje-NassauKleurHavenAmerican Music AwardDaarlerveen🡆 More