Raard Martatsjerke

De Martatsjerke is de eardere grifformearde tsjerke fan Raard.

Tsjintwurdich is it ryksmonumint it tsjerklik sintrum fan de PKN-gemeente "Mei inoar Ien". De gemeente makket ôfwikseljend gebrûk fan de Martatsjerke en de Marijetsjerke fan Foudgum.

Martatsjerke
Raard Martatsjerke
Raard Martatsjerke
Lokaasje
provinsje Raard Martatsjerke Fryslân
gemeente Raard Martatsjerke Noardeast-Fryslân
plak Raard Martatsjerke Raard
adres De Tange 3
koördinaten 53° 19' N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Ane Nauta
boujier 1916
boustyl Eklektisisme
monumintale status Raard Martatsjerke ryksmonumint
monumintnûmer 507110
Webside
Side PKN-gemeente Raard-Foudgum
Kaart
Martatsjerke (Fryslân)
Martatsjerke

Skiednis

Raard Martatsjerke 
Gevelstien boppe de tagong
Raard Martatsjerke 
Ynterieur

De earstestienlizzing fan de grifformearde tsjerke fûn krekt efkes bûten it doarp plak op 29 maaie 1916. De nijbou ferfong in âlder gebou út 1893 krekt nei't der in grifformearde gemeente yn Raard oprjochte wie en dêr't neffens in stien yn it portaal de earste stien op 2 septimber 1893 foar lein wie. De tsjerke is yn eklektyske styl boud neffens in ûntwerp fan Ane Nauta út Ternaard en waard op tiisdei 12 desimber 1916 iepene.

Sûnt de bou is der net in soad mear oan it gebou feroare. De sleat dy't eartiids de tsjerke fan de wei skiede is tichtsmiten.

De tsjerke is sûnt jannewaris 1997 oanwiisd as in beskermd monumint fan de jongere boukeunst fan de perioade 1850-1940.

Ynterieur

Raard Martatsjerke 
Kânsel

De grifformearden fan Raard ha goed op harren tsjerke past en it ynterieur is hast noch folslein oarspronklik. Sintraal yn de tsjerke steane de preekstoel mei dêr boppe it oargel. De banken binne net ferfongen troch stuollen en steane yn de rjochting fan it liturgysk sintrum opsteld. De finsters binne foarsjoen fan glês-yn-lead-ramen.

Oargel

Raard Martatsjerke 
Oargel

It oargel waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert foar de earste tsjerke boud en yn 1918 yn de nijbou wer opboud.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Raard Martatsjerke SkiednisRaard Martatsjerke YnterieurRaard Martatsjerke OargelRaard Martatsjerke Sjoch ekRaard Martatsjerke Keppeling om utensRaard MartatsjerkeFoudgumGrifformearde Tsjerken yn NederlânMarijetsjerke (Foudgum)Protestanske Tsjerke yn NederlânRaardRyksmonumint

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsMasturbaasjeArgentynje1981Joyce OliveiraFinlânMinneapolisMoriah MillsList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011TwitterMichelle ObamaMalawy1700 f.Kr.1496Ljouwerter KranteNoemiWaskbearSkiednis fan PoalenLeif ErikssonGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 20168e milenniumFuotbalGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Stasjon WinsumClara TrinityNeakenmodel1741Nikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)DûnsDavid Ben-GurionBorneoKimi Räikkönen1721Thea BeckmanGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011Peterhôf (stêd)WalrusTwadde WrâldkriichSergio PérezYuma (Arizona)Pierre-Simon Laplace1500Marilyn CrystalSandy MilzJ. MacSofia Helin501 f.Kr.HindoekalinderProtestantismeNoard-Masedoanje2401KwissipedyGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010PeaskeGrottekleaster fan PskovJ.R. CarringtonVanessa SkyWrâlderfgoedlist9 oktoberRoomsk-Katolike TsjerkeMicrosoft WindowsPius XI17001601 f.Kr.140117e iuwIntwine1978🡆 More