Mariûpol

Mariûpol (Oekraynsk: Маріуполь; Russysk: Мариуполь; Gryksk: Μαριούπολι, Marioupoli) is in havenstêd yn it súdeasten fan de Oekraïne en leit oan de kust fan de See fan Azov by de mûning fan de rivier de Kalmiûs.

It is yn grutte de tsiende stêd fan de Oekraïne en de twadde fan de Oblast Donetsk. De stêd hat 461.810 ynwenners (2013).

Mariûpol
Mariûpol
Flagge Wapen
Mariûpol Mariûpol
Polityk
Lân Mariûpol Oekraïne
Oblast Donetsk
Sifers
Ynwennertal 461.810 (2013)
Oerflak 244 km²
Befolkingstichtens 2058/km²
Oar
Stifting 1778
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten 47° 5´N 37° 32´W
Webside marsovet.org.ua
Mariûpol
Alde fjoertoer, it stedsteäter, stedssilhûet

Tusken 1948 en 1989 hjitte de stêd Zjdanov (Russysk: Жданов), ta eare fan de Sowjet-politikus Andrej Zjdanov. Mariûpol hat in frij heech oantal Griken. It is ek in fekânsje-oarde. Yn de rin fan 2014 rekke de stêd belutsen by de strideraasjes tusken krêften fan de ôfskiedende pro-Russyske Folksrepublyk Donetsk en it Oekraynske leger. Op 24 jannewaris 2015 waard de stêd troffen troch in raketoanfal fan de seperatisten, wêrby 30 minsken om it libben kamen.

Skiednis

Mariûpol wie in it begjin fan de sechtjinde iuw ferneamd as in boarch fan de Kozakken, neamd Kalmiûs. De delsetting waard yn 1778 in stêd nei in migraasje fan Griken fan de Krim en dizzen neamden de stêd Mariûpol.

Yn 2022 waard Mariûpol by de Russyske ynfal yn de Oekraïne troch de Russen belegere en fierhinne mei de grûn lyk makke. Nei 82 dagen striid joegen de lêste Oekraynske ferdigeners har op 16 maaie oer.

Befolking

Mariûpol bestiet út 48,7% Oekraïners, 44,4% Russen en 4,3% Griken. Nettsjinsteande it grutte tal Oekraïners, sprekt dochs 89,6% Russysk en 9,9% Oekraynsk as earste taal.

Ekonomy

De stêd is in wichtich yndustrieel sintrum en East-Jeropeesk seehaven. De stêd hat twa stielfabriken (Ilyich Iron and Steel Works of Mariupol en Azovstal), dy in grutte bydrage leverje foar de Oekraynske útfier. It yndustrygebiet fan Mariûpol produsearret 37,5% fan de útfier fan de Oblast Donetsk en 7% fan de Oekraynske útfier.

Berne yn Mariûpol

Boarnen, noaten en referinsjes

Keppeling om utens

Tags:

Mariûpol SkiednisMariûpol BefolkingMariûpol EkonomyMariûpol Berne yn Mariûpol Boarnen, noaten en referinsjesMariûpol Keppeling om utensMariûpolGrykskOekraynskOekraïneRussyskSee fan Azov

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Súdeast-AazjeDonald TrumpHûntsjeshâldingAchtkarspelenWikipedyFazantOmgong fan Itaalje 20171989PeléKalkuttaBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000ISSNPersia MonirBrusselRepublikeinske Partij (Feriene Steaten)Kaliningrad (oblast)FedaTibeariusPolly PonsHillige Roomske RykJelle DamReligieuzeCityJetBaltimoreWrâldkampioenskip fuotbal 2014KoperEastblokKommunismeGrutte Merk (Brussel)YnternetBelgje1616HamletAudulf1986FilosoofFjetnamRichard LanginHoratio NelsonUniversiteit fan Uppsala1435HelpFlaanderenGhostbusters (film út 2016)Sineeske karaktersAngela SchijfSinkiangNederlânsk-YnjeAlderheljenkatedraal (Tûla)Frankfurt am MainGiorgio MorandiISBNLexxxi LockhartJezuïtenFryskAldenburchFietnamoarlochGeslachtsmienskipFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)OseaanEva JinekAustraalje (lân)Bristol (Ingelân)MainzBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008Emiel StoffersCOVID-19Nij-SeelânMassachusettsIdaho🡆 More