María Elena Marqués

María Elena Marqués (folút: María Elena Marqués Rangel; Meksiko-Stêd, 14 desimber 1926 – dêre, 11 novimber 2008) wie in Meksikaansk aktrise en sjongster dy't in stjerrestatus berikte yn it Gouden Tiidrek fan 'e Meksikaanske Sinema, yn 'e 1940-er en 1950-er jierren.

María Elena Marqués
María Elena Marqués akteur
María Elena Marqués
persoanlike bysûnderheden
echte namme María Elena Marqués Rangel
nasjonaliteit María Elena Marqués Meksikaansk
berne 14 desimber 1926
berteplak Meksiko-Stêd
stoarn 11 novimber 2008
stjerplak Meksiko-Stêd
etnisiteit María Elena Marqués Meksikaansk
jierren aktyf 19421981
offisjele webside
gjint
    María Elena Marqués N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is María Elena. De earste efternamme (fan heitekant) is Marqués, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Rangel. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Marqués of oars Marqués Rangel brûkt wurde.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Marqués waard yn 1926 berne yn 'e Meksikaanske haadstêd Meksiko-Stêd. Doe't se in jier as fyftjin wie, waard se 'ûntdutsen' troch de filmregisseur Fernando de Fuentes, dy't har buorman wie.

Aktearkarriêre

De earste film dêr't Marqués yn spile, wie Dos Corazones y un Tango , út 1942, wêryn't de Argentynske tangosjonger Andrés Falgás har tsjinspiler wie. Yn 1943 wurke se yn 'e film Doña Bárbara gear mei de Meksikaanske filmstjer María Félix. Datselde jiers spile se de froulike haadrol yn Romeo y Julieta ("Romeo en Julia"), mei Cantinflas as har tsjinspiler, en teffens wie se mei Jorge Negrete te sjen yn Así Se Quiere en Jalisco. Marqués soe fannijs mei Negrete gearwurkje yn Me He de Comer Esa Tuna út 1945 en yn Tal para Cual út 1951.

Yn 1944 wie Marqués foar it earst te sjen yn in Amerikaanske film, doe't se in rol hie yn The Two Orphans. Har bekenste rol spile se yn 1947 yn 'e film La Perla, as de frou fan in fisker dy't in needlottige pearel fynt. Dat wie de earste ferfilming fan 'e novelle The Pearl, fan 'e Amerikaanske skriuwer John Steinbeck. La Perla waard regisearre troch Emilio Fernández, en Marqués har tsjinspiler wie Pedro Armendáriz, dy't de rol fan 'e fisker op him naam.

Neitiid spile Marqués noch trijeris yn in films dy't troch Fernández regissearre waarden: yn Cuando Levanta la Niebla út 1952, Reportaje út 1953, en Pueblito út 1961. Yn 'e 1950-er jierren wie se fierders te sjen yn Meksikaanske films as La Negra Angustias út 1950; Así Era Pancho Villa út 1956, en A Media Luz los Tres út 1958. Underwilens wie Marqués ek aktyf yn 'e filmyndustry fan Hollywood, dêr't se de tsjinspylster fan Clark Gable wie yn 'e westernfilm Across the Wide Missouri (1951). Ek spile se op 'e nij mei Jorge Negrete yn Made for Each Other (1953) en mei John Hodiak yn Ambush at Tomahawk Gap (1953).

María Elena Marqués 
Clark Gable as Flint Mitchell en María Elena Marqués as Kamiah yn Across the Wide Missouri.

Lettere films dêr't Marqués oan meiwurke, wiene ¿Que Haremos con Papá? út 1968, El Jardín de los Cerezos út 1978, en El Testamento ("It Testamint") út 1981. Dêrnjonken brocht se singles út fan lieten as Cartas Marcada, Échame a Mí la Culpa, El Aguacero, Grítenme Piedras del Campo, La Cigarra, La Noche de Mi Mal, La Panchita, Tres Consejos en Tú, Sólo Tú. Dêrby wurke se faak gear mei de Mariachi Santana en it Trío Tamaulipeco. Fierders spile Marqués yn fyftjin soapsearjes dy't as harkspul op 'e Meksikaanske radio útstjoerd waarden en yn tritich oare radioprogramma's fan XEW-AM. Ek aktearre se yn tweintich teäterproduksjes en op 'e tillefyzje yn tsien telenovelas (Latynsk-Amerikaanske soapsearjes). Se breide yn 1981 in ein oan har aktearkarriêre, doe't se 55 jier wie.

Priveelibben

Marqués wie troud mei de Meksikaanske akteur Miguel Torruco, mei wa't se twa bern krige: in dochter, Marisela, en in soan, Miguel Torruco Marqués, dy't in bekend ûndernimmer en politikus yn it federaal distrikt Meksiko-Stêd waard.

Ferstjerren

María Elena Marqués kaam op 11 novimber 2008 yn har wenplak Meksiko-Stêd te ferstjerren oan hertfalen. Hja waard 81 jier.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

María Elena Marqués Libben en karriêreMaría Elena Marqués Keppelings om utensMaría Elena Marqués11 novimber14 desimber19261940-er jierren1950-er jierren2008AktriseMeksikoMeksiko-StêdSjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Some Like It Hot (film út 1959)ThüringenOblast OrenburgKongres fan WenenNeakenmodelPaul Kusters238 f.Kr.1628UpstalbeamNoard-IerlânPieter Sijpersma1918Neakenfotografy1301Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2016Ferdrach fan FerdunAleksander I fan RuslânWylde apel1600 f.Kr.Greenwich Mean TimeMaria Curie-SkłodowskaFrânsenPierre-Simon LaplaceWaskbear23e iuwKryptogramMediaWikiAnna fan BretanjeNon-profitGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012MilfpornografyISBNDútslânThe SimpsonsGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Lockheed F-104 StarfighterPearsFrouGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Formule 1PrzewalskihynderFazantBekhofskânsJoyce OliveiraSkearmês fan OckhamWordPressNij-MeksikoStien fan RosettaList fan states en stinzen yn FryslânNoelle EastonGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2015Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)1 junyMasturbaasjeLexi DiamondNapoleon III fan FrankrykInga RidereSan Jose (Kalifornje)Julianna Vega3700 f.Kr.Bûnsrepublyk DútslânBruce VentureDe Hobbit1601 f.Kr.2601 f.Kr.Chislehurst2501 f.Kr.Trio (seksualiteit)Bogotá (stêd)FlearStedum🡆 More