Stiente Magma

Magma is it floeibere stiente dat ûnder it ierdoerflak fan it oerflak fan in oare ierdske planeet sit.

De measte magma's yn de Ierde binne komplekse silika-oplossings mei (ornaris) temperatueren tusken de 650 °C en 1200 °C. As magma stjurret ûntstiet stjurringsstiente. As magma oan it oerflak omheech komt wurdt it raande stiente gjin magma mar lava neamd.

Stiente Magma
Magma
Stiente Magma
Magma streamt as lava út by de útbarsting fan de Vesuvius yn 1774. Oaljeferve troch de Dútske lânskipsskilder Jacob Philipp Hackert (1737-1807).

Eigenskippen

Magma bestiet meastal út floeibere silika mei dêryn oploste ioanen fan alkalimetalen (llykas natrium en kalium), ierdalkalimetalen (lykas magnesium en kkalsium) en izer. Magma's wurde krektas lava's ferdield nei soergraad, fan felsysk (soer) oant mafysk (basysk). De pH fan in raand stiente hinget ôf fan it persintaazje raande silika.

It silikaat-ion foarmet op molekulêre skeal in tetraeder, wêrby't in silisium-ion omjûn wurdt troch fjouwer soerstof-ioanen. Yn silikaten mei in heech gehalte oan SiO2 sille de tetraeders keatlings foarmje, wêrby't ien of meardere soerstof-ioanen op de hoeken fan de tetraeders dield wurde. Yn in magma sitte de tetraeders fansels net fêst, mar de molekulêre struktuer yn de raan komt ticht by de struktuer fan fêste stoffen mei fergelykbere gearstalling, as de temperatuer oant flak boppe it raanpunt sakket. Yn relatyf koel magma foarmje de silika-tetraeders dêrom faak losse binings. Yn in mafysker magma sit minder silika as yn in felsysker magma, sadat de silika-tetraeders faker los lizze. Dit makket in felsysk magma fiskeuzer (sjerperiger) as mafysk magma; en relatyf koel magma sjerperiger as relatyf hjit magma. As de earste mineralen útkristallisearje, ûntstiet in mingsel fan magma en kristallen, dat him noch sjerperiger gedraacht.

Net allinnich it persintaazje silika hat ynfloed op de fiskositeit. Water (H2O) en de ioanen fan alkalimetalen kinne yn it magma ek biningen oangean mei silika-tetraeders. Magma dat ryk is oan dizze bestândielen, is dêrom relatyf minder fiskeus.

De fiskositeit fan magma hat grutte ynfloed op hoe't it yntrudearje kin of útfloeie kin by in erupsje. Fiskeus felsysk magma (mei hege konsintraasjes silika) beweecht traach en sjerperich. Wetter en gassen (volatiles) dy't by it omheechkommen frijkomme troch it ôfnimmen fan de druk, kinne minder maklik ûntsnappe út it raande stiente. Dêrtoch ûntsteane eksplosive erupsjes lykas by stratofulkanen. Oer it generaal ferrint in erupsje rêstiger nei gelang it magma mafysker is.

Eigenskippen fan de ferskillende magma's

Stiente Magma 
De fiskositeit fan wetterleas ("drûch") magma by ferskillende temperatuer en komposysje. Op de horizontale as stiet it massapersintaazje SiO2; op de fertikale as (logaritmysk) de fiskositeit (η).
    Ultramafysk magma
      SiO2 < 45%
      Fe-Mg >8% oant 32% MgO
      Temperatuer: oant 1500 °C
      Fiskositeit: leech oant tige leech
      Erupsjes: rêstich
      Fynplakken: divergearjende plaatrânen, hot spots en konvergearjende plaatrânen. Pikryten en boninyten wurde fûn yn saneamde back-arc basins, gebieten efter subduksjesônes, dêr't oseanyske koarste raant yn in wetterrike omjouwing. Komatiyt en oare ultramafyske lava's waarden foarme by in hegere geotermyske gradiïnt (de temperatueren yn de ierdkoarste leinen eartiids heger) en foar safier bekend wurde dizze stienten tsjintwurdich net mear foarme.

De temperatuer yn de mantel is tsjintwurdich net heech genôch om magma fan dizze gearstalling te produsearjen. Dat komatiïten fûn waarden is in belangrike reden wêrom't oannomd wurdt dat de mantel eartiids folle hjitter wie.

    Mafysk magma
      SiO2 < 50%
      Fe-Mg ~4%
      Temperatuer: oant ~1200 °C
      Fiskositeit: leech
      Erupsjes: rêstich
      Fynplakken: divergearjende plaatrânen, hot spots en konvergearjende plaatrânen. Magma mei de gearstalling fan basalt wurdt fûn yn gebieten dêr't oseanyske koarste raand wurdt; dizze koarste befet in soad izer.
    Yntermediêr magma
      SiO2 ~60%
      Fe-Mg: ~3%
      Temperatuer: ~1000 °C
      Fiskoasiteit: gemiddeld
      Erupsjes: eksplosyf
      Fynplakken konvergearjende plaatrânen.
    Felsysk magma
      SiO2 >70%
      Fe-Mg: ~2%
      Temperatuer: 700 °C
      Fiskoasiteit: heech
      Erupsjes: eksplosyf
      Fynplakken: hot spots yn kontinintale koarste (Yellowstone National Park); dit type magma is benammen te finen op plakken dêr't kontininale koarste raant, omdat dizze koarste út in soad silika bestiet.

Sjoch ek

  • lava
  • stjurringsstiente
  • fulkanisme

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Hess, P.C. -Origin of Igneous Rocks, (1999, Harvard University Press, Cambridge).
  • (in) Press, F.; Siever, R.; Grotzinger, J. & Jordan, T.H. - Understanding Earth, (2003, Freeman & co (4e printinge)), ISBN 0-7167-9617-1.
  • (in) Thompson, G.R. & Turk, J. - Introduction to Physical Geology,(1997, Brooks Cole (2nd ed.), ISBN 0-03-024348-3.
  • (in) Winter, J.D. - An introduction to igneous and metamorphic petrology,(2001, Prentice-Hall), ISBN 0-13-240342-0.

Tags:

Stiente Magma EigenskippenStiente Magma Eigenskippen fan de ferskillende magmasStiente Magma Sjoch ekStiente MagmaCelsiusIerdske planeetLavaTemperatuer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Valéry Giscard d'EstaingKalkoenenHindoeïsmePornofilmEstlânFietnamoarlochYouTubeJapanPetsjerkski Himelfeart-kleasterBreednoasapenOmgong fan Itaalje 2017NepalAngela Schijf1927YndoneezjeAugustus OktavianusMarkant (Jistrum)WeiWolfgang Amadeus MozartPeaskeThe Wall Street JournalMaya BijouWrâldkampioenskip fuotbal 1962Japansk nasjonaal fuotbalalvetalEkwadorIt Hearrenfean (gemeente)SielSpulSyriaNew OrleansSwahily (taal)The Number of the Beast (album)GR-PadenIslamFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)Auto1986RestaurantGnostisismeSkimmelsKoeweitFlaanderenMediaWikiBrezjnev-doktrineWrâldkampioenskip fuotbal 1958TûlaBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004OekraïneWarsjaupaktCoward of the County (liet)SúdwâlfulkaanAchtkarspelenBerlynMaarten Pennewaard1324LatynFinlân994NorwichPornoakteurGelsenkirchenElektrisiteitSulawesyThe World Is Not Enough (film)MyanmarBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920NoardkaapBostonKapitalismeJohann Jakob von TschudiMartelder🡆 More