Ljipaaisykjen, meast koartsein aaisykjen neamd, is it sykjen fan aaien fan fûgels yn it iepen fjild.
It wurdt meast yn Fryslân dien. By it aaisykjen wurdt benammen sjoen nei it hâlden en dragen fan de mantsje-(âldhij) en wyfkeljip. Kenners kinne dêroan sjen oft it in 'kânske' is of net. De baltsflecht fan de ljip en syn baltsrop binne foar in soad minsken op it plattelân in teken dat de maitiid kommendewei is. It aaisykjen is keppele oan de neisoarch. Dy soarch hâldt yn der der in stokje by it nêst setten wurdt, sadat bygelyks in boer by it meanen it nêst net plat rydt.
Njoggen april wurdt de slutingsdatum neamd. De ljip is de earste greidefûgel dy't ta aailizzen komt. Sa heal maart kin it earste aai ferwachte wurde. It is yn Fryslân wenst dat it earste ljipaai oan de Kommissaris fan de Keninginne oanbean wurdt. De finer krijt dan de Sulveren Ljip, in eareteken dat troch it Provinsjaal Bestjoer beskikber steld wurdt. Ek alle boargemasters fan Fryslân krije in "earste ljipaai".
Wa't yn Fryslân aaisykje wol moat in aaisikerskaart/neisoarchpas hawwe. Om dy te krijen moat oan it oantal betingsten foldien wurde:
De pleatslike fûgelwacht is frij yn syn beslissing om in oanfraach al as net te ferlienen.
It Sulveren Polske is de priis foar dy jonge of dat famke oant en mei 12 jier dy't as earste yn Fryslân in ljipaai fynt. Doel fan dizze priis is te stimulearjen dat bern it fjild yn gean, de natoer kennen leare en goede neisoargers wurde.
De BFVW (Bond van Friese Vogelbeschermings Wachten) is al langer aktyf de jeugd mear by de natoer te belûken. Sa binne d'r ferskate fûgelwachters oplieden ta jeugdbegelieder, komme jeugdfûgelwachten fan de grûn en binne der, yn gearwurking mei de Provinsje, alve leskisten "greidfûgels" beskikber om te brûken op skoallen. En sa wurdt no in jierlikse priis ynsteld foar it earste (jeugd) ljipaai.
It Sulveren Polske is makke nei in ûntwerp fan sulversmid Jan Soeten silger fan Twellingea troch juwelier Luehof te Snits. "It Polske stiet klear yn 'e feart en nûget út it frije Fryske fjild yn te gean!" Aaisykjen en pols heare byelkoar: ljeppend efter de ljip oan! It Frysk Ljeppers Bûn, dat al jierren 'De Sulveren Pols' útrikt oan de bêste Fryske fierljepper, hat witte litten dat se mei de namme ynstimme en dat se foar de jeugdige priiswinner noch in ferrassing yn de pet hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ljipaaisykjen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.