Leeuwarder Auto Bus Onderneming

Leeuwarder Auto Bus Onderneming N.V.

    Leeuwarder Auto Bus Onderneming Net te betiizjen mei LAB, Ljouwerter Auto Bedriuw yn Ljouwert út 1920.

Dat bedriuw is net de V.o.f. Leeuwarder Auto Bedrijf (LAB), ek yn Ljouwert, dy't yn deselde perioade it iepenbier ferfier fersoarge yn it westlik part fan Fryslân.

Skiednis

Oprjochter fan it bedriuw wie H. Tolman, dy't fan 1924 ôf in stedsbustsjinst yn Ljouwert eksploitearre en fan ein 1925 ôf syn wurkterrein ferlei nei in streekbusline Ljouwert - Berltsum - Seisbierrum - Harns. Yn 'e rin fan 'e jierren wreide syn bedriuw him út troch oername fan oare busbedriuwen of harren konsesjes. Yn 1935 -1936 krige de LABO in wichtige ympuls trochdat de bussen it ferfier oernaam fan de treinen op de line Ljouwert - Stiens - Sint Anne - Sint Jabik - Tsjummearum - Harns fan de eardere Noard-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS). Yn 1937 waard dêrnei de Bildtsche Autobus Onderneming (BABO) yn Sint-Anne ynlive. Yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't de NTM de eksploitaasje fan de stoomtramline Ljouwert - Berltsum - Minnertsgea - Sint-Jabik beëinige, krige de LABO dat ferfier ek op'e noed.

It ferfiergebiet krige sadwaande syn úteinlike foarm yn de trijehoeke Ljouwert / Nije Biltdyk / Harns, mei in sintraal oerstappunt Moaie Peal, net fier fan Minnertsgea. Op de ferbining Ljouwert - Frjentsjer - Harns ried de LABO lykwols net. Dat wie foarbehâlden oan de busline Ljouwert - Alkmaar oer de Ofslútdyk fan de NS-dochterûndernimming ATO. Dy line waard koart nei de befrijing, nettsjinsteande protest fan LAB en LABO, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en NACO.

Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LABO. De ienmanssaak waard yn 1954 omset yn in namleaze fennoatskip dêr't de famylje Tolman de oandielen fan besiet. Dit bedriuw fersoarge de linetsjinsten mei likernôch 25 autobussen en 45 personielsleden. Dêrneist wie de LABO ek aktyf as touringcarbedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders LAB, NTM, NOF en ZWH - oansletten by de reisorganisaasje Cebuto.

Op 1 jannewaris 1971 gie de LABO op yn de nij foarme NS-dochter Friese Autobus Maatschappij (FRAM) fia in konstruksje wêrby't earst de LAB oergie nei de LABO, dy't sels oernaam wie troch de NOF, dy't op syn beurt fusearre mei de NTM. De famylje Tolman ferliet it bedriuw, mar it personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek de bussen waarden troch de FRAM oernaam.

Literatuer

Tags:

FryslânLABLjouwert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Leons24 maartKeninginne-gemalinneRegio's fan FrankrykMormonismeTuneezjeElsloIranWetSkipperssankjeUtwreiding fan de Jeropeeske UnyPrince YahshuaYndia1514San Francisco1941KlassisismeBlanche Bradburry22e iuw1934S29Hebriuwske kalinderWolfJenna Jameson1874LissabonMasturbaasjeWim de BieCayden MooreBinnensteat1895DJ ParisaNoelle EastonHDragan BakemaNazy-DútslânLisa AnnVAberystwythAuxiliary Power UnitAchillesFaustina de AldereADoede Veeman19e iuwLittenseradielNederlânRyn1928Sean LawlessPamela AndersonSint-Marten (lân)Star WarsNSovjet-UnyEastenryk28StêdNoard-KoreäO1946Anna BoleynMicrosoftIerlân21Yndiaaske kalinder6Katedraal fan Nantes🡆 More