Latsmastate

De Latsmastate is in state by Seisbierrum dy't al yn de 15e iuw neamd wurdt.

Latsma wurdt yn de Midsiuwen net eksplisyt in stins neamd.

Latsmastate
Latsmastate
Latsmastate
Latsmastate

De state bestiet út in grut hearehûs mei in te lytse skuorre. It hat twa foardoarren, in heale slotgrêft en in mânske bûk. De grutske pleats stiet op in smelle strook tusken it doarp en de Waadsee en is ien út in rige dy't de stienrike reder Jacob Willem Hanekuijk út Harns yn 1852 sette liet yn de noardwesthoeke. Hy brocht syn fortún fan de see nei it lân. Doe't de walfiskfeart werom rûn belei er syn jild oars. De redersfamylje brûkte de state net allinnich as belizzing, mar ek as bûten.

Dwers troch it grutte foarhûs rint in brede moarmeren gong dy't it wengedielte yn twaen ferdielt. Oan de foarkant it simmerferbliuw fan de grutgrûnbesitter, oan de oare kant it ûnderkommen fan de pachters. Sa hie elts syn útgong. De hear stapte út de hûs wei troch de iepenslaande doarren syn ”plaisirtún” yn, de boer stie oan de efterside daliks yn de skuorre. As de Hanekuijks der yn de simmer op besite wiene, dan wiene de gong en it foarhûs ferbean terrein.

Yn it lettere pachtkontrakt stienen in soad bepalings foar de hierder. Sa moast yn de skuorre in plakje frijhâlden wurde foar it reau fan de redersfamylje en moast de skuorre frij fan spinreach wêze. Kontraktueel wie ek fêstlein dat der alle jierren in wein skulpesân oer it hiem brocht wurde moast.

Keppeling om utens

Tags:

Seisbierrum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AchillesTony van der MeulenSietske PoepjesPaleis HolyroodhousePearsBolivia22 maaie200686Rijssen-HoltenHarley RaineGeografyultrafioletAuke BoonemmerJohannes VermeerGolf fan OmanPeter BoszNoarwegenIrrawaddy-iikhoarntsjeSaratovLondenNaughty AmericaReade wrotmûsAda SanchezAafke BijlsmaMinsklike seksuele aktiviteitFûgelsFrânsk-GuyanaRaffarinadeSteatsline AMonosacharideRêchstringdierenWestland Wyvern1933NederlânFingerjenFeriene KeninkrykSnoadfoanGoatenCherokee d'AssArjen TerpstraUrkTweintichste iuwArkansasHynderSkrikkeljierOseaanEarmoedeStasjon Breda-PrinsenbeekWiegels WjukkelmasineFilmmusicalIerdoerflakList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânEva JinekVienna Black12 septimber31 oktoberYiming CuriosityLeafdeEastfryskPeaskeList fan planetoïden 49901-50000HylperskFellatioYnsektenGrutte OseaanFryske talenGNU/FDLPeymastate (Ternaard)Wetterrôt🡆 More