Kylie Kalvetti

Kylie Kalvetti, echte namme ûnbekend (Topeka (Kansas), 12 juny 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Finsk, Meksikaansk, Spaansk en Sweedsk etnysk komôf.

Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films.

Kylie Kalvetti
Kylie Kalvetti persoan yn de seksyndustry
Kylie Kalvetti
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Kylie Kalvetti Amerikaansk
berne 12 juny 1992
berteplak Topeka (Kansas)
etnisiteit Kylie Kalvetti Finsk
Kylie Kalvetti Meksikaansk
Kylie Kalvetti Spaansk
Kylie Kalvetti Sweedsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
www.kyliekalvettilive.com

Libben en karriêre

Kylie Kalvetti waard yn 1992 berne, wierskynlik yn Topeka, yn 'e Amerikaanske steat Kansas, hoewol't der oer har berteplak wat betizing liket te bestean. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr rekke se by de pornoyndustry belutsen, en yn 2015, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Kalvetti ein 2016 yn in santjintal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Devil's Film en Pure Play Media. Teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, benammen Brazzers en Reality Kings. Mei films as Her Black Lover, I Like Black Boys 15, Interracial Surrender 4 en Kylie's 18th Birthday op 'e webside TeensLoveBlackCocks.com hat Kalvetti har spesjalisearre yn ynterrasiale pornografy.

Kalvetti hat ûnder har karriêre as pornoaktrise gearwurke mei kollega's as Sara Jay en Johnny Sins. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en hat se mei fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden pronke. Fierders wurket se ek as stripper en reizget se datoangeande de hiele Feriene Steaten ôf om op te treden yn stripklubs. Ek hâldt se in blôch by op 'e webside KylieKalvettiBlog.com.

Lichemsskaaimerken

Kylie Kalvetti is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en natuerlike kupmaat 33B. Behalven de gebrûklike piercings troch har earlellen hat se ek in tongpiercing en in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje fan in tekst lofts ûnderoan op har búk en heup, en ien fan in ûntwerp op har rjochterfoet.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Kylie Kalvetti Libben en karriêreKylie Kalvetti LichemsskaaimerkenKylie Kalvetti Keppelings om utensKylie Kalvetti12 juny19922015Etnyske groepFeriene SteatenKansasKomôfNammeNeakenmodelPornoPornofilmPornografysk aktriseStripperTopeka (Kansas)Wurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HjirneimelsOksidatorEksterPuttenJuliaanske kalinderMia Khalifa Is Cumming for DinnerOerflakteAnouk WipprechtBerchYiming CuriosityIuwskema7e iuwBastilleJade KushFeriene Steaten fan Amearika69 (sekshâlding)AvisennaFryslânNoard-FryslânEjakulaasjeWinterAngoala25 junyLatynsk-AmearikaSkriesWeenske oesterArtikelList fan Romeinske keizersWite ibis20 oktoberHynderDútske KeizerrykIerdgasTatoeaazjeList fan Fryske famkesnammen3e iuwAnimismeMontreal480OekraïneNederlânskNotarisLuna SilverAngelica BellaFellatioKeardaamJeropa1 oktoberFrânskTrûbadoer20141779FrouJayden LeeHolding10e iuw1893KollumerskCuritibaTeravadaItaaljePiktenKolonisaasjeFingerjen1065KeizerIslamMaya Bijou🡆 More