Kremlyn Fan Kolomna

It Kremlyn fan Kolomna (Russysk: Коломенский Кремль) is in grut fort yn de russyske stêd Kolomna.

It stiennen kremlyn waard yn de jierren 1525–1531 troch Moskouse en Italjaanske arsjitekten ûnder de russyske tsaar Vasili III boud en ferfong doe in houten kremlyn. De rivieren de Moskva en de Kolemka soargen foar de noardlike en noardwestlike begrinzging fan it kremlyn, wylst de oare kanten fan it kremlyn beskerme waarden troch in djippe grêft.

Kremlyn Fan Kolomna
Kremlyn fan Kolomna mei de Marinkina-toer.

Kolomna wie it plak dêr't de troepen fan de russyske prinsen byinoar kamen foar de Slach op it Kûlikovo-fjild yn 1380. Ta oantinken dêrfan stiet foar de muorren fan it kremlyn in monumint foar Dmitri Donskoj.

Yn it likernôch 24 hektare grutte kremlyn steane tsjinwurdich noch in grut tal histoaryske monuminten, dêr't twa kleasters ûnder binne.

Ferdigeningswurken

Tusken de mear as 20 meter hege muorren stiene eartiids folle mear tuorren, dêr't tjintwurdich noch sân fan bewarre binne. De muorren en tuorren waarden oan it begjin fan de 19e iuw ôfbrutsen. Twa tuorren foarmje noch ûnderdiel fan de westlike ferdigeningsmuorren. De oare fiif tuorren foarmje tsjintwurdich gjin ûnderdiel mear fan it muorrewurk, dat in dikte hat fan 3-4,5 meter.

Elste toer krige in eigen histoaryske namme.

Kleasters en tsjerken

  • Untsliepeniskatedraal (Успенский собор)
  • Tsjerke fan de Mem Gods fan Tichvin (Храм иконы Божией Матери Тихвинская)
  • Novo-Golûtvin kleaster (Ново-Голутвинский монастырь)
  • Himelfeartkleaster (Успенский Брусенский монастырь)

Oare bouwurken

Fierder steane der noch bouwurken út ferskillende tiden, dêrûnder ek tradisjonele russyske houten hûzen. Yn ien fan dy houten hûzen wenne in suster fan de skriuwer Aleksander Kûprin. Om't de skriuwer dêr regelmjittich kaam en dêr ek wurke hat wurdt dat hûs "Kûprin-hûs" neamd (Дом Куприна).

Keppeling om utens

Tags:

Kremlyn Fan Kolomna FerdigeningswurkenKremlyn Fan Kolomna Kleasters en tsjerkenKremlyn Fan Kolomna Oare bouwurkenKremlyn Fan Kolomna Keppeling om utensKremlyn Fan KolomnaKolomnaKremlynMoskvaRuslânRussyskVasili III fan Moskou

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Skermjen op de Olympyske Simmerspullen 2000Wolfgang Amadeus MozartMahatma GandhiPoalenLeonid BrezjnevValéry Giscard d'EstaingRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904Untsliepeniskatedraal (Tûla)Shalina DevineZicoFrankenthalJaylene RioThe Fox and the HoundArabierenJeropeeske UnySkiednis fan JeropaRocco SiffrediIzerJapanFinlânJoeri AndropovFjetnamOseaanLexxxi LockhartSlach oan de Little BighornNew Orleans27Nederlânsk-YnjePorto RikoLouisianaWrâldkampioenskip fuotbal 1958DaugavpilsFingerjenMarilyn MonroeSkiedkundigeHûntsjeshâldingTyrannosaurusKatee OwenCassidy Banks910Stavanger1816WikidataKleanNederlânskGeweld1995SwitserlânMichael JordanChicagoFryslân (wengebiet)Maarten PennewaardHêgelânspoarThe DoorsFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Konfederearre Steaten fan AmearikaMichail BûlgakovRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976PornografyTûlaBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972KairoOarlochSaûdy-AraabjeSudertsjerke (Drachten)Montevideo2010Swimmen op de Olympyske Simmerspullen 2000Jack NicholsonUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2000EiffeltoerRopletters🡆 More