Julie E.
Czerneda (11 april 1955) is in Kanadeesk biologe, publisiste, redaktrise en skriuwster fan romans en koarte ferhalen, dy't ta de sjenres fan science fiction en fantasy hearre. Hja is benammen bekend wurden mei har science fiction-wurk, wêrûnder har earste roman, A Thousand Words for Stranger, en In the Company of Others, dêr't hja yn 2001 de Prix Aurora mei wûn. Sûnt de milenniumwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.
Julie E. Czerneda | ||
skriuwer | ||
Julie E. Czerneda (sittend) op 'e Polaris science fiction-konvinsje. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Julie E. Czerneda | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 11 april 1955 | |
berteplak | ? (Kanada) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Kanadeesk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF, fantasy, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) | A Thousand Words for Stranger In the Company of Others Species Imperative-trilogy | |
útjouwer | DAW Books | |
prizen | Prix Aurora 2001 | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
offisjele webside | ||
www.czerneda.com |
Czerneda waard berne yn 1955, yn Sintraal of Eastlik Kanada. Har heit tsjinne yn 'e Kanadeeske Loftmacht en waard nochal ris oerpleatst, dat se groeide op op loftmachtbases yn Ontario, Nij-Skotlân en op Prins Edwardeilân. Nei't har heit ôfswaaid wie, sette it gesin him nei wenjen yn Mississauga, yn Ontario, oan 'e igge fan 'e Ontariomar. Czerneda studearre biology yn Waterloo, Saskatoon en Kingston, en mette yn dy tiid skiekundestudint Roger Czerneda, dy't fan Poalsk komôf is en mei wa't hja letter trouwe soe. Czerneda en har man krigen twa bern, Jennifer en Scott, en fêstigen har úteinlik yn it ôfhandige Orillia.
Nei't se in stikmannich jierren as biologe en ûndersykster wurke hie op it mêd fan bistekommunikaasje, sette Czerneda yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren serieus útein mei it skriuwen fan science fiction- en fantasyboeken en -ferhalen. Mei skriuwen pielde se lykwols as sûnt har jonkheid, doe't se ris in boek lêzen hie wêrfan't de ein har net oanstie. Har mem joech har doe in typmasine en sei dat se dan har eigen ein mar skriuwe moast.
Czerneda har earste roman, A Thousand Words for Stranger, kaam yn 1997 út by de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, dy't sûnt altyd har fêste útjouwer bleaun is. Dat wie in science fiction-boek oer Sira, in frou dy't har ûnthâld kwytrekke is en as ferstekling op in lyts romtefrachtskip meifard. Hoewol't sy en kaptein Morgan, de frachtfarder, inoar earst net fertrouwe, reitsje se opinoar oanwiisd as bliken docht dat Sira om mysterieuze redens troch machtige fijannen neisitten wurdt. A Thousand Words for Stranger wie it earste diel fan 'e Trade Pact-trilogy, dy't Czerneda ferfolge mei Ties of Power (1999) en foltôge mei To Trade the Stars (2002).
Tsjin dy tiid hie se ek Beholder's Eye (1998) en Changing Vision (2000) al útbrocht (de earste beide dielen fan 'e Web Shifters-trilogy, oer de aventoeren fan 'e froulike foarmferoarer Esen-alit-Quar) en teffens it himsels steande In the Company of Others (2001), dêr't se de Prix Aurora mei wûn foar bêste roman. In oare rûnom priizge publikaasje fan Czerneda wie har Species Imperative-trilogy, dy't tusken 2004 en 2006 útkaam, en gie oer biology, polityk en it oerlibjen fan 'e minskheid yn in ynterstellêre takomst mei withoefolle rassen fan bûtenierdske wêzens. Sûnt de iuwwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.
Njonken har karriêre as fiksjeskriuwster hat Czerneda ek in stikmannich blomlêzings fan science fiction- en fantasyferhalen redigearre. Fierders hat se ferskate non-fiksjeboeken publisearre oer biologyske ûnderwerpen, karriêrekar foar jongfolwoeksenen en it ûnderwiis fan eksakte fakken. Op dat lêste mêd rette se yn No Limits: Developing Scientific Literacy Using Science Fiction learaars oan en brûk science fiction om 'e ynteresse fan 'e learlingen te wekjen en fêst te hâlden.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2001 | Prix Aurora | wûn | bêste roman | In the Company of Others |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Julie E. Czerneda, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.