This Gulf Of Time And Stars

This Gulf of Time and Stars is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E.

Czerneda">Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Dizze Kleau fan Tiid en Stjerren". It boek foarmet it earste diel fan 'e trilogy Reunification, en it sânde diel fan 'e romansearje The Clan Chronicles. This Gulf of Time and Stars ferfettet it ferhaal fan Sira di Sarc, in jonge frou fan 'e bûtenierdske Clan, dy't tsjin alle tradysjes fan har folk yn in partnerbân oangien is mei de minsklike romteskipskaptein Jason Morgan. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf skreaun binne. It boek waard yn 2015 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

This Gulf of Time and Stars
algemiene gegevens
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2015, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige The Clan Chronicles
● foarich diel To Trade the Stars
● folgjend diel The Gate to Futures Past
kodearring
ISBN 978-0 75 64 08 695

Ynhâld

This Gulf of Time and Stars is gearstald út twa dielen: it earste diel spilet yn it Hannelspakt en it twadde op Cersi, de legindaryske planeet dêr't de Clan oarspronklik wei komt.

Yn it Hannelspakt

Sira di Sarc is in jonge frou fan 'e Clan, in ras fan bûtenierdske wêzens dy't der krekt sa útsjogge as minsken, mar bejeftige binne mei mentale fermogens dy't û.m. telepaty, telekineze en teleportaasje mooglik meitsje. By Sira binne dy mentale fermogens heger ûntwikkele as by alle oare leden fan har ras. Har libbenspartner moast oer fermogens fan ferlykbere sterkte beskikke om't Kiezers (froulike leden fan 'e Clan) en ûnKeazenen (manlike leden fan 'e Clan) harren ynstinktyf mei-inoar mjitte by it oangean fan in mentale partnerbân. Sokke mentale gefjochten liede ta de dea fan manlike partnerskipskandidaten dy't net sterk genôch binne. Sadwaande hie Sira ferwachte om har libben sûnder partner trochbringe te moatten, oant se op in omslachtige wize dochs noch in partnerbân wist te foarmjen, net mei in lid fan har eigen ras, mar mei de telepatyske minsklike romteskipskaptein Jason Morgan (sjoch: A Thousand Words for Stranger). Nei de foarfallen yn 'e trilogy The Trade Pact (sjoch dêre) hiene Sira en Morgan ferwachte tenei in rêstich libben liede te kinnen as keaplju dy't mei harren romteskip De Sulverne Foks fan planeet nei planeet reizgen.

Mar de Clan, of de M'hiray, sa't se eins hjitte, hawwe troch de jierren hinne fijannen makke om't se lange tiid temûk mank de minsken op in ferskaat oan planeten fan it Hannelspakt libbe hawwe. Yn dy tiid hiene se alhiel gjin skrupules om by minsken dy't se as in bedriging seagen, it ûnthâld hielendal út te wiskjen, eat dat by de slachtoffers ta in fegetative steat en úteinlik ta de dea late. Ien fan 'e slachtoffers wie in wittenskipper dy't te ticht by de geheimen fan 'e Clan kaam; hy wie lykwols de minner fan Theo Schrivens Cartnell, dy't as fertsjintwurdiger fan 'e minskheid sit hat yn 'e ried fan tafersjoch fan it Hannelspakt. This Gulf ot Time and Stars begjint as dyselde ferskate oaren gearbringt dy't de Clan mei syn mentale fermogens as in bedriging sjogge: de Blauwen fan Deneb en de Grizen fan Deneb, twa misdiekartels fan 'e planeet Deneb; de Brill-mastersmokkelder Manouya, better bekend as de Fasilitator; en de Gearstallers, in bûtenierdsk ras fan wêzens dy't trochgean kinne foar minsken, mar wêrby't it 'lichem' eins út tweintich oant tritich dielen bestiet dy't in soarte fan koloanje foarmje en ek los faninoar bestean kinne. Under oantrún fan Cartnell slute hja in ferbûn dat bedoeld is om foar iens en foar altyd mei de Clan ôf te weven en harren folslein út te rûgjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Cartnell hat jierren wurke om alle leden fan 'e Clan, 933 yn totaal, op te spoaren en yn 'e gaten hâlde te litten. Hy spilet dy ynformaasje troch oan 'e oaren, en soarget der boppedat foar dat plysjekommandant Lydis Bowman, dy't er derfan fertinkt dat se de Clan de hân boppe de holle hâldt, beskuldige wurdt fan korrupsje en machtsmisbrûk. Mei help fan 'e Blauwen en Grizen fan Deneb slûket de Fasilitator Gearstallers yn dielen nei eltse planeet dêr't leden fan 'e Clan libje. De eigentlike moardnerij falt ta oan 'e Gearstallers, dy't it benammen foarsjoen hawwe op 'e besittings fan 'e smoarrike Clan.

Mei't de oanfallen folslein ûnferwachts komme, hawwe se grut súkses, nammenste mear om't de partnerbân by de Clan ûnbrekber is, mei as gefolch dat as ien fan 'e libbenspartners stjert, hy of sy syn of har partner meiskuord de dea yn. Sa belunet de Clan yn mar in pear oeren fan 933 ta 270 leden. Under de deaden binne ek Sira har susters Pella en Rael. Sira en Morgan binne feilich oan board fan harren romteskip, en Sira har neef Barac en syn partner Ruti oerlibje de oanfal yn it restaurant fan Morgan syn reuseftige kreefteftige Carasiaanske freon Huido Maarmatoo'kk, op it romtestasjon Supermerk Plexis, troch nei de fertrekken te teleportearjen dêr't Huido syn oarehelten húsfêste hat, yn wat suver in klûs is. De Gearstallers kinne dêr net yn komme, en boppedat ûntdekke se dat de pânsere en mei ûnbidige skjirren tariste Carasianen duchtige tsjinstanners binne as Huido en syn omkesizzer Tayno Boormataa'kk koarte metten mei harren begjinne te meitsjen.

Fan 'e acht leden fan 'e Rie fan Clan binne seis by de oanfallen omkommen, wat betsjut dat Sira (ien fan 'e beide oerlibbene leden) no sels it liederskip fan 'e Clan opnimme moat. Hja jout alle leden fan 'e Clan de opdracht om har beskûl te hâlden. Se hellet Barac en Ruti oan board fan 'e Foks en ek Jacqui di Mendolar, de assistinte fan 'e foarsitter fan 'e Rie fan 'e Clan. Dyselde is ek in bertehoeder, en merkt op dat Sira yn ferwachting is. Sira hie nea tocht dat dat koe, nei alle operaasjes (sjoch: Ties of Power) en om't har partner in minske is. Mar it docht bliken dat har lichem sels in embryo oanmakke hat yn proses dat partenogeneze hjit en dat yn it ferline fan 'e Clan nei't it skynt wol mear foarkaam. Om't de geast fan in bern by de Clan of M'hiray in ferminging is fan 'e geasten fan 'e mem en de heit, is dizze poppe lykwols in lege húl.

Om rie te freegjen yn dizze ûnferwachte sitewaasje teleportearret Sira harsels nei de planeet Stonerim III, dêr't har eigen mem Mirim libbet. Morgan en de oaren reizgje har efternei yn 'e Foks. Sira wit fan har mem dat se neat hawwe moat fan it bestjoer fan harren folk troch de Rie fan 'e Clan. Se hat har al withoelang lyn weromlutsen en wol neat mear mei oare leden fan 'e Clan te krijen hawwe. Ek besiket se te libjen sûnder de M'hir oan te reitsjen, it mystike besteansnivo dat de leden fan 'e Clan brûke foar harren mentale fermogens. Troch de measte oare leden fan 'e Clan wurdt se dêrom sjoen as in eksintrike sûnderling. Op Stonerim III oankommen, ûntdekt Sira dat Mirim in groepke lyksinnigen om har hinne sammele hat, de saneamde M'hir-ûntkenners, mei wa't se besiket om 'e fergetten thúswrâld fan 'e M'hiray werom te finen. Dat de M'hir-ûntkenners harren op Stonerim III fêstige hawwe, is gjin tafal: dit is de wrâld dêr't de M'hiray inkele iuwen lyn foar it earst yn it Hannelspakt arrivearren nei in lange teleportaasje fan ûnbekende oarsprong.

Mirim-en-dy hawwe in âld foarwerp fûn dêr't se fan leauwe dat it de geast befet fan Sira har oerbeppe Naryn di S'udlaat, dy't de M'hiray nei Stonerim III ta laat hawwe soe. Se wolle dy geast yn it lege embryo yn Sira har búk ynbringe, mar Sira wol dêr neat fan witte. Uteinlik set Mirim temûk dochs har sin troch. Sira kin dan daliks telepatysk kommunisearje mei de geast fan har poppe, en ûntdekt dat it net har oerbeppe Naryn is, mar har oare oerbeppe, Aryl di Sarc. Ta teloarstelling fan 'e M'hir-ûntkenners helpt dat net by it finen fan 'e thúswrâld fan 'e Clan, om't de M'hiray neffens Aryl frijwol sûnder oantinzen oan harren eardere libbens op Stonerim III arrivearren.

Mirim en de M'hir-ûntkenners nimme Sira mei nei de ruïnes fan in âlde beskaving djip ûnder de grûn ûnder de stêd Norval, op 'e siik nei it krekte plak dêr't de M'hiray op 'e planeet oankamen. Underwilens arrivearret de Foks op Stonerim III. Morgan stjoert Barac, Ruti en Jacqui foarút en hja teleportearje harsels streekrjocht fan it skip nei Sira ta. As hysels de Foks ferlit, blykt dat krekt op 'e tiid te wêzen, want in pear mominten letter giet der in bom ôf dy't it hiele romteskip opblaast. Morgan syn libben wurdt rêden troch syn freon, de Carasiaan Huido, dy't nei Stonerim III reizge wie om him op te wachtsjen, en dy't him by de ûntploffing mei syn eigen pânsere lichem beskermet. Morgan treft ek plysjekommandant Bowman en har trouwe ûnderhearrigen Russell Terk en P'tr wit ’Whix, dy't de Gearstallers dy't de bom pleatst hawwe, witte te fangen mei in gewear dat kûgels fan lym ôfsjit. It docht bliken dat de Gearstallers in gifgas by harren hawwe dat sa ûntwurpen is dat inkeld de M'hiray deroan deageane.

Morgan, Huido, Terk en ’Whix jouwe harren mei de driuwende warskôging oer it gifgas yn 'e ûndergrûnske ruïnes by Sira-en-dy, wylst Bowman besiket de Gearstallers en harren bûnsgenoate, de hiermoardneresse Ambridge Gayle fan 'e Grizen fan Deneb, op in dwaalspoar te bringen. Wylst Huido, Terk en ’Whix in efterhoedgefjocht tsjin 'e opkringende Gearstallers leverje, teleportearret Sira harsels, Morgan en de oare oanwêzige leden fan 'e Clan op oanrieden fan har oerbeppe Aryl nei it Undergrûnske Teäter, dat it plak is dêr't de M'hiray oarspronklik op Stonerim III arrivearren. Sira har telepatysk oerbrochte warskôging oer it gifgas oan 'e leden fan 'e Clan dy't har net op Stonerim III befine, komt lykwols te let, mei't de Gearstallers al in nije rige fan oanfallen begûn binne. Fan 270 leden belunet de Clan ta 111 leden, dy't inkeld fan 'e dea rêden wurde trochdat Sira harren allegear oer de ûnmjitlike ôfstannen tusken de planeten fan it Hannelspakt hinne nei it Undergrûnske Teäter teleportearret. Under de slachtoffers fan 'e gifgasoanfallen is lykwols ek Sira har heit, Jarad di Sarc, mei as gefolch dat troch harren partnerbân ek har mem Mirim stjert. Sira en Morgan beseffe dat de M'hiray net yn it Hannelspakt bliuwe kinne as se oerlibje wolle. Dat, fan it Undergrûnske Teäter út folgje se it spoar werom troch de M'hir dat efterlitten is troch de grutte teleportaasje dy't de M'hiray dêr oarspronklik brocht hat, en sa teleportearje de oerlibbene M'hiray en ien minske harsels troch dy kleau fan tiid en stjerren it ûnbekende yn, nei de legindaryske thúswrâld fan 'e M'hiray.

Op Cersi

(Sjoch foar in beskriuwing fan 'e planeet: Reap the Wild Wind, § Ynhâld.)

Op Cersi arrivearje de M'hiray yn 'e 'kleasters' fan 'e clan Sona, dêr't se by fersin in masine, in saneamde 'makker', aktivearje dy't harren al har oantinkens ûntnimt oan harren libbens fan foar't se op Cersi oankamen. De iennichsten dy't dêr net troch oantaaste wurde, binne Morgan en Aryl. Morgan beseft dat dit krekt itselde is dat bard wie mei M'hiray doe't se hjirwei nei Stonerim III reizgen en dêr sûnder oantinkens oan harren eardere libbens arrivearren. Morgan syn mentale fermogens binne troch de trening dy't Sira him jûn hat, folle sterker wurden, en syn spesjaliteit is it genêzen fan geastlike wûnen fan oaren. Hy bepraat Aryl om him yn har geast ta te litten en wit dêr de blokkade op te heffen dy't de masine der oanbrocht hat foar't se oarspronklik Cersi ferliet. Dêrtroch kriget Aryl alle oantinkens werom oan har libben op Cersi. No't er wit hoe't er sa'n blokkade opheffe moat, kringt Morgan mei help fan Aryl de geast fan Sira binnen, dêr't er de blokkade weinimt dy't de masine der inkele oeren tefoaren oanbrocht hat. Neitiid trochrinne se itselde proses by alle oare M'hiray.

Cersi blykt sterk feroare te wêzen sûnt Aryl di Sarc de wrâld foar it lêst seach. Fan 'e trije yntelliginte rassen op 'e planeet binne de Om'ray (dêr't de M'hiray út fuortkommen binne) tige yn it neigean rekke. De Tikitik binne ek yn it definsyf krongen, wylst de ûndergrûnsk libjende Oud no it grutste part fan 'e bewenne wrâld behearskje en omfoarme hawwe ta in libbenleaze woastenije. In Tinzereizger (in Tikitik-sjamaan) fertelt Sira en Morgan dat de Oud harren nei de ôfreis fan 'e M'hiray net mear bûn fielden oan it yn stân hâlden fan it Lykwicht tusken de trije rassen, en dat se sûnt folslein losslein binne. Trije Om'ray-clans binne troch harren al hielendal útrûge, wêrûnder Yena, dêr't Aryl oarspronklik wei kaam.

Sira en Morgan nimme Tinzereizger mei om te ûnderhanneljen mei de Oud, mar it docht bliken dat de Oud harsels ferrike hawwe mei efterlitten technology fan 'e argeologen út it Hannelspakt dy't yn Aryl har dagen Cersi besochten. Mar de 'ferstannige' Oud, de kaste dy't foarhinne de lieding hie oer 'ferstânleazen', is alhiel ferfongen (of útmoarde?) troch in nije kaste, de Makkers. Dy binne tige kundich mei technologyske dingen, mar lykje net logysk tinke te kinnen. Se binne wisberet fan doel om hiel Cersi ta harres te meitsjen, mar wat se ite sille as de hiele wrâld yn in woastenij feroare is, skine se har gjin soargen oer te meitsjen. Uteinlik moatte Sira, Morgan en Tinzereizger de Makker-Oud dêr't se mei prate, om hals bringe om hielhûds ûntkomme te kinnen.

Foar Morgan is it ûnderhâld mei Tinzereizger nammenste nijsgjirriger. Hy rekket derfan oertsjûge dat Om'ray, noch Tikitik, noch Oud oarspronklik fan Cersi komme. Hy begjint te fermoedzjen dat Cersi ien grut eksperimint is, dat ferskriklik misrûn wêze moat. Boppedat stelt hy as beleard romtefarder daliks fêst, as er de 'kleasters' fan 'e Omray-clans út in Oud-fleanmasine út 'e loft wei sjocht, dat it romteskippen binne. Hy kin net oars as konkludearje dat de Om'ray oarspronklik in folle heger ûntwikkele maatskippij hân hawwe moatte. Sterker noch, it docht bliken dat de Om'ray deselden binne as de Hoveny, in antike beskaving dy't dit diel fan it hielal behearske fier foar de opkomst fan it Hannelspakt, en dy't oeral, ek op Cersi, ruïnes efterlitten hawwe. Morgan plantet by Tinzereizger ek in nij idee yn 'e holle as er him freget wêrom't de Tikitik eins net op harren fleanende esan-bisten de see oerfleane nei lân dêr't de wetterfreezjende Oud harren net berikke kinne.

Werom yn Sona krije de M'hiray te lijen fan in oanfal troch de Om'ray fan Vyna. Dat binne de iennichste Om'ray dy't it fermogen ta teleportaasje hawwe. Yn Aryl har tiid wie dat talint nammentlik wat de M'hiray fan 'e Om'ray ûnderskate. Mar om't de Vyna harsels as superieur oan 'e oare Om'ray beskôgje, en alle kontakt mei oare Om'ray wegeren, bleaune de Vyna mei dat talint nei de ôfreis fan 'e M'hiray op Cersi efter. By de oanfal ûntfiere de Vyna de bern fan 'e M'hiray, mar Sira en Morgan folgje harren werom nei Vyna, dêr't se de bern rêde en de Vyna op harren eilân fierders oerlitte oan 'e rúmn, dy't libje yn it wetter om it eilân hinne, en dêr't Sira de Rugheranen yn werom ken (sjoch: To Trade the Stars).

Daliks nei't se wer werom binne yn Sona, merke Sira en Morgan dat de Oud de oanfal ynset hawwe op 'e oerbleaune Om'ray-clans. Troch teleportaasje rêde de M'hiray safolle Om'ray as se kinne en bringe dy gear yn Sona. Ek it lân fan 'e Sona-clan wurdt troch de Oud ferwoastge, mar de wêzens kinne net yn 'e 'kleasters' trochkringe. In fierder bestean foar Om'ray of M'hiray op Cersi is net mooglik. Sira aktivearret dêrom, en diskear mei opsetsin, de makker-masine fan Sona. Hoewol't se gjin idee hat hoe't se it romteskip dat de 'kleasters' foarmet, betsjinje moat, blykt it útsprekken fan 'e winsk "Wy wolle nei hûs" genôch te wêzen. It oerâlde skip start op en ferlit it troch de Oud ferrinnewearre diel fan Cersi foar in nije sprong yn it ûngewisse, wylst de lêste Tikitik op harren esans de see oer fleane. Oan it oerâlde eksperimint fan 'e Om'ray komt einlings en te'n lêsten in ein.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark

Tags:

This Gulf Of Time And Stars YnhâldThis Gulf Of Time And Stars2015BoekBûtenierdske wêzensDAW BooksFerhaalFertelperspektyfFolkFrouHoulikIk-perspektyfJulie E. CzernedaKanadaMinskeNew York (stêd)Personele perspektyfReunification (trilogy)RomanRomansearjeRomteskipScience fictionSkriuwsterThe Clan ChroniclesTitel (namme)TradysjeTrilogyÚtjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JapanSeksNASAJacht (aktiviteit)TransportSekondeBernepornografy21 desimberKomoarenpappegaaidoNoelle EastonYby PotlatchRidelIranFlorânsMariûpolGenêskundeSjapoer ILibrary of CongressOezbekistanTiidKontraktAlgemien direkteurSatirePersia MonirFreedList fan Belgyske keunstskildersRaerd$John Adams1952Aafke BijlsmaFamylje (taksonomy)Sake P. Roodbergen27 maart2019SkiftHeather Lee29 desimberKartaachske RykThe BeatlesKrusing (fuortplanting)KarnivoarGoudTuneezjeGrutte DepresjeNieuwlande28 aprilWittenskiplike nammeWrâldkampioenskip fuotbal4 junyKirgyzjeTelefoanOerflakDe factoYnternasjonaal Systeem fan IenhedenToplessTwinterânePoalen22 aprilNadia KroonCandy MansonFuotbalStutenNational Broadcasting CompanyAmerikaanske dollarOregonFerspriedingsgebietJeraazjeStar WarsRuslânYndustriële Revolúsje🡆 More