Joo Min Lee

Joo Min Lee, echte namme ûnbekend (20 juny 1973), is in rêstend Frânsk pornografysk aktrise fan etnysk Japansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Cleo.

Hja wurke yn 1995 in skoft yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en foel op troch har útsûnderlike natuerlike skientme.

Joo Min Lee
Joo Min Lee persoan yn de seksyndustry
Joo Min Lee
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Cleo
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Joo Min Lee Frânsk
berne 20 juny 1973
berteplak ûnbekend (Frankryk)
etnisiteit Joo Min Lee Japansk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Joo Min Lee waard yn 1973 earne yn Frankryk berne. Yn 1995 waard hja ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy audysjes hold, op 'e siik nei nije pornoaktrises. Datselde jiers makke Joo Min Lee mei 22 jier har debút yn ien fan Woodman syn pornografyske films, dat in produksje fan it Sweedske Private-label wie. Dêrby gie it om 'e film The Tower 2, wêryn't se in masturbaasjesêne die.

Neitiid spile Joo Min Lee yn it ferfolch The Tower 3, dat krektlyk troch Woodman regissearre waard. Dêryn spile se yn in sêne wêryn't se orale en anale seks hie mei akteur Frank Versace. Teffens posearre se foar in fotoreportaazje mei trije manlike tsjinspilers, wêrûnder Richard Langin, wêryn't se ek dûbele penetraasje bedreau. Dy reportaazje waard publisearre yn it pornoblêd Private Magazine. Fierders spile Lee noch yn fjouwer films fan 'e Frânske studio Nanou, wêrûnder Belles à Jouir 7. Hja beëinige har pornokarriêre oan 'e ein fan 1995.

Lichemsskaaimerken

Joo Min Lee is fan mongoloïde ras, mei de ljochte hûdskleur fan Japanners. Hja hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang. Oer har gewicht en kupmaat binne gjin gegevens bekend, mar ûnder har pornokarriêre hie se yn elts gefal gjin boarstfergrutting hân. Joo Min Lee hat behalven troch har earlellen gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Joo Min Lee Libben en karriêreJoo Min Lee LichemsskaaimerkenJoo Min Lee Keppelings om utensJoo Min Lee1973199520 junyArtystenammeEtnyske groepFrankrykJeropaNammePornoPornografysk aktriseSkientme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

21e iuwKennisSean LawlessYves BaillatJoy KissStasjon Deventer ColmschatePornofilmKristlik Frysk SelskipMoardDedzjumSjoerd Dirk JanzenGNU/FDLT-sekshâldingPlatoGreonterpJier2020Ljouwert (stêd)Armeenske kalinderWrangeleilânske lemmingHaarlimDútskManAhmed Aboutaleb1963NeakenfotografyAcademy of Country Music AwardFryske talenCliff JensenMalala YousafzaiGeslacht (sekse)Etiopyske kalinderKarnivoarJohnny CashIngelânRocco Siffredi69 (sekshâlding)LibanonTersoalMylFeriene KeninkrykCharlie ChaplinOseaan1 oktoberClara TrinityAnale seksBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 1936Peter Johann Nepomuk Geiger1945Tanzania2010-er jierrenKeunsttaalBo SinnTennessee OrangeSinaNASA11e iuw f.Kr.1992Predaasje1889Lexi DiamondLeisure Time EntertainmentAlexa Flexy🡆 More