Jan Postma (Hurdegaryp, 1 july 1932 - 23 july 2015) wie in Nederlânsk âld-plysjeman en auteur fan plysjeromans.
Nei de middelbere skoalle moast Postma it leger yn. Dêrnei folge er in plysjeoplieding en gie doe oant wurk by de berneplysje en de sedeplysje.
Doe't de hûn fan Postma útkeazen waard om mei te dwaan oan in telefyzjerige fan de NCRV en letter fan de KRO waard er ynspirearre ta it skriuwen fan plysjeromans. Syn earste boek wie in plysjeroman foar de jeugd mei de namme De vliegende brigade; De terriër contra narcotica (1977), útbrocht by Utjouwerij Kluitman. Yn dizze rige binne letter noch twa boeken fan syn hân ferskynd. Fierders skreau er noch in oare plysjerige, Wolf en in stikmannich boeken foar folwoeksenen.
Sûnt 2003 is Jan Postma ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Wolf:
De fleanende brigade (ek wol Europolbrigade):
Swarte bearkes:
Kommissaris Van Beek:
Oars:
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jan Postma (skriuwer), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.