Iisplaneet

In iisplaneet is in type planeet mei in oerflak dat hielendal of foar it oergrutte part út iis bestiet.

Sokke planeten hawwe in mondiale kryosfear (it gebiet dêr't de ûndergrûn út iis bestiet). Under de iislaach giet ornaris in ierdske of terrestryske planeet beskûl. It iis kin opmakke wêze út wetter, mar ek út bgl. ammoniak of metaan. Under beskate definysjes fan it begryp 'iisplaneet' kinne ek guon moannen en dwerchplaneten yn it Sinnestelsel beflapt wurde. Iisreuzen binne in hiel oar slach planeten en wurde net ta de iisplaneten rekkene.

Iisplaneet
Ganymedes, in moanne fan Jupiter, is de grutste iisplaneet yn it Sinnestelsel.

Skaaimerken en bewenberens

It oerflak fan in iisplaneet bestiet út iis. Dat iis kin, ôfhinklik fan 'e hearskjende temperatuer, foarme wêze út wetter, metaan, ammoniak, koalstofdiokside (ek wol bekend as "drûch iis"), koalstofmonokside, stikstof en/of oare flechtige stoffen. In iisplaneet mei in oerflak dat (fierhinne) út wetteriis bestiet, soe in trochsneed temperatuer hawwe moatte fan ûnder de 260 K (–13 °C). As it iisoerflak foar it meastepart bestie út koalstofdiokside en ammoniak soe de trochsneed temperatuer ûnder de 180 K (–93 °C) lizze moatte, en as it iis opmakke wie út metaan soe de trochsneed temperatuer ûnder de 80 K (–193 °C) lizze moatte.

Oan har oerflak binne iisplaneten omreden fan 'e ekstreme kjeld ûngaadlik foar libbensfoarmen dy't har op 'e Ierde ûntjûn hawwe. Mar in protte iisplaneten hawwe nei alle gedachten oseänen ûnder it iis, dy't ferwaarme wurde troch ynterne hjittens fan 'e planeet of troch tijkrêften fan in himellichem dat deunby de iisplaneet stiet, lykas in moanne of, as de iisplaneet sels in moanne is, in gasreus of iisreus. Floeiber ûnderiiswetter soe gaadlike omstannichheden foar libben hawwe kinne, sadat har fisken, plankton en mikro-organismen ûntwikkelje kinne soene.

Underwetterfloara sa't dy op 'e Ierde bestiet, soe yn in oseaan ûnder it iis op in iisplaneet net libje kinne om't dêr troch de tsjûke iislaach oan it oerflak gjin sinneljocht trochkringe kin en dus ek gjin fotosynteze plakfine kin. Mikro-organismen kinne lykwols fiedingstoffen produsearje troch it gebrûk fan spesifike gemyske stoffen yn in proses dat gemosynteze hjit. Dêrtroch soene se sels wer iten en enerzjy foar oare organismen foarmje kinne. Guon iisplaneten kinne fierders, as de omstannichheden har dêrfoar liene, ek in atmosfear fan betsjutting hawwe, en floeistoffen oan it oerflak, lykas Titan, de moanne fan Saturnus, dêr't saakkundigen fan tinke dat er mooglik bewenber is foar noch ûnbekende libbensfoarmen.

Definysje en foarkommen

Hoewol't der yn it Sinnestelsel in protte izige himellichems besteane, kin net ien dêrfan as iisplaneet oantsjut wurde ûnder de definysje dy't de Ynternasjonale Astronomyske Uny (IAU) opsteld hat foar it begyp 'planeet'. De algemiene geofysyske definysje fan it begryp 'planeet' omfiemet lykwols ek de lytse izige wrâlden fan it Sinnestelsel, dy't sadwaande as iisplaneten beskôge wurde kinne soene. Dêrby giet it om moannen dy't like grut binne as guon planeten, lykas Ganymedes (in moanne fan Jupiter), Titan, Enseladus, Mimas, Tetys en Japetus (moannen fan Saturnus) en Triton (in moanne fan Neptunus), en teffens om alle bekende dwerchplaneten, wêrûnder Pluto, Seares en Earis.

Yn juny 2020 hypotetitsearren astronomen fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA op basis fan wiskundige rekkenmodellen dat eksoplaneten mei oseänen, ek oseänen dy't beskûlgeane ûnder in tsjûke laach iis, yn 'e Molkewei wierskynlik in protte foarkomme. Der besteane ferskate kandidaten foar ekstrasolêre iisplaneten, wêrûnder OGLE-2005-BLG-390Lb, OGLE-2013-BLG-0341LB b and MOA-2007-BLG-192Lb.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Iisplaneet Skaaimerken en bewenberensIisplaneet Definysje en foarkommenIisplaneet Sjoch ekIisplaneetAmmoniakDwerchplanetenIerdske planeetIisIisreus (planeet)Moanne (byplaneet)OerflakPlaneetSinnestelselWetter

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

WytKomôfYouTubeKleanSiddharta GautamaYvette BovaSwitserlânFeriene NaasjesIdahoKrusiging fan JezusSan Lorenzo fuori le muraAudulfAmazon.comFulkaanVoronezj (oblast)Donald TrumpLexi DiamondOarloch420HavanaFeriene KeninkrykFryskFamylje (besibskip)Teudebert IIVastoSwimmen op de Olympyske Simmerspullen 2000KwissipedyJimmy WalesBûsboekjeJelle DamFilipinen600FoarsitterTasitus (skriuwer)Hânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000HonoluluRomeIt Hearrenfean (gemeente)J. MacNottinghamshire30 jannewarisRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Swahily (taal)HiphopLjouwert (stêd)HTMLAngelica RavenFryske talenPornografy1693MauretaanjeGroepseksWrâldkampioenskip fuotbal 1998Noelle EastonLingua francaJosef StalinMoskeeAl GoreStanderttype GLSBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980Harry BelafonteBeyoncé KnowlesLibbenSmithsonian YnstitútEastblokKoptysk-Otterdokse TsjerkeBrazyljeMoriah MillsIstanbûl26 maartChartresMarijn KuipersNederlânsk-Ynje🡆 More