Wampa

In wampa (Ingelske útspr.: , likernôch: û-ôm-puh) is in fiktive bûtenierdske libbensfoarm út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980).

It is in grut, semy-selsbewust, kâldbloedich rôfdier, dat lânseigen is op 'e iisplaneet Hoth. Wampa's hawwe in tsjûke wite pels, hoarnen, lange klauwen en geane op twa skonken. Se binne trochinoar mear as 2 m lang en ferskine fanwegen har kâldbloedigens hast net op radarapparatuer.

Wampa
Cosplay fan in wampa.

Wampa's libje ornaris solitêr, hoewol't se út en troch jeie yn ridels. Troch har wite hier, dat frijwol har hiele lichem oerdekt, kinne wampa's yn 'e op Hoth faak foarkommende sniestoarmen harren proai relatyf maklik oer it mad komme. Dy proai bestiet foar it meastepart út tauntauns, grutte twaskonkige reptilen. As se in proai te pakken hawwe, slepe wampa's dy mei nei harren iishoale, dêr't se de proai oan it dak ophingje oant se ree binne om him op te fretten.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa

Tags:

1980Bûtenierdske libbensfoarmFiktiveFilmHoarn (anatomy)HothIisplaneetIngelskKlauMeterPelsRadarRôfdierStar WarsStar Wars: Episode V – The Empire Strikes BackWiteÚtspr.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Brussel672Meindert SchroorMoslimDútslânIngelânMystykJapanGrutte Merk (Brussel)TsjoenderijDaugavpilsFietnamoarlochJeremia (bibelboek)Karibyske SeeCityJetBuenos AiresFoarsitterAmerikaanske BoargeroarlochSan Lorenzo fuori le muraWrâldkampioenskip fuotbal 195027BerlynLexxxi LockhartIbearysk SkiereilânDonald TrumpAmerikaanske dollarDambitzstateLibbenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904SekshâldingBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000BrazyljeLynsey de PaulMisjonarishâldingDirekteur396 f.Kr.HielalBoccia op de Paralympyske SimmerspullenToyotaWilfred GeneeMyanmarTûla (oblast)BeirûtFryslânRosa CaraccioloUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaWytBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016Genetyske technologyGuildford (stêd)John Lennon2005GNU/FDLGeoffrey BayldonNew OrleansSpoar fan Ljouwert nei StarumBaton Rouge (Louisiana)Beyoncé KnowlesSalomoMadamNadia MoeradNoardfryskFrânskAldenburchGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijHimelfearttsjerke (Josjkar-Ola)Wrâldkampioenskip fuotbal 19621993🡆 More