Suster

In suster, of mei in ferlytsingsfoarm suske, is in sibling fan it froulik geslacht yn ferhâlding ta har mei-siblings binnen in gesin.

De manlike wjergader fan in suster is in broer. As it om in twilling giet, sprekt men fan twillingsusters. De relaasje tusken in suster en har mei-siblings wurdt oantsjut as de sustersteat of it susterskip, en it byhearrende eigenskipswurd is suster-, susterlik of sororaal. De term 'susterlik' (eigenskipswurdlik) of susterlikens (haadwurdlik) wurdt, los fan 'e famyljerelaasje, wol brûkt om oan te jaan dat der gjin hierargyske ferskillen binne. Guon organisaasjes dy't tige de klam lizze op gelykheid, neame harsels ek wol in susterskip (tink derom: 'de susterskip'); dat is benammen it gefal by kleasteroarders.

Suster
Twa suskes op 'e stoepe foar hûs.
    Suster Dizze side giet oer de famyljerelaasje 'suster'. Foar in froulike kleasterling, sjoch: non.

As in suster deselde mem of deselde heit hat as in sibling, mar net beide, is it in healsuster. In suster út in eardere relaasje fan in styfâlder is in styfsuster. As lid fan in twilling wurdt in suster ek wol oantsjut as in twillingsuster. In famke dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is foar de biologyske bern fan har pleechâlden in pleechsuster. In oantroude froulike partner fan jins sibling wurdt in skoansuster neamd.

Ut beskate antropologyske ûndersiken hat bliken dien dat susters ûnderling mear jaloerskens oan 'en dei lizze as bruorren. Dat is in foarm fan duorjend konflikt tusken siblings, in ferskynsel dat yn 'e antropology en de sosjology oantsjut wurdt as siblingrivaliteit. Yn guon kultueren, lykas de Sisyljaanske, wurde bruorren, fral as se âlder binne, achte harren susters te beskermjen tsjin alderhanne saken, dy't útinoar rinne kinne fan narjen op skoalle oant it besykjen troch oare manlju om harren te fersieren, sels as se al folwoeksen binne. As de suster dêr net fan tsjinne is, kin dat grutte spannings opsmite binnen in famylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes

Tags:

BroerEigenskipswurdFamylje (besibskip)FrouGesinGeslacht (sekse)HaadwurdMan (sekse)OrganisaasjeRelaasje (ynterpersoanlike bân)SiblingTwilling

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Napoleon III fan FrankrykFormule 1 yn 2015Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsOpper-MichiganJustin BieberMidsimmerfeestPornoaktriseBruce VentureMediaWikiJierskema703 f.Kr.HinKamui KobayashiAdolf Hitler1955Lionel MessiRobin WilliamsYgo Gaeles GalamaRapunzel172210017e milenniumAtapaskyske talenRoomsk-Katolike TsjerkeMax VerstappenBratislavaTransfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)BarentsseeGrutte Priis Formule 1 fan Monako 20102024Vanessa Sky1300Sensual JaneTueringen180616251978ItaaljeSinaTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 20162101 f.Kr.KalûgaHindoekalinderLockheed F-104 StarfighterGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2016Dûkers (fûgels)Britney SpringTechnologyGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010NeakenfotografyNederlânThüringen501 f.Kr.Fernando Alonso30 junyArafueraseeWyt-RuslânHûntsjeshâldingSan FransiskoYndustrialisaasje3300 f.Kr.Anale seks1628Borough (Feriene Steaten)Diana, prinsesse fan WalesOcca Johanna RipperdaMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)🡆 More