Hawker Tempest

Hawker Tempest Mk V

Hawker Tempest

Earste flecht 2 septimber 1942
Tal makke 1.702
Fabrikant Hawker Siddeley Aircraft Co.
Langte: 10,26 m
Spanwiidte: 12,50 m
Fleugeloerflak: 28,06 m²
Oandriuwing: Ien Napier Sabre IIB-motor fan 2.420 hk
Maks. faasje:
  • 696 km/o op 5.200 m
  • 630 km/o op seenivo
Bemanning: 1
Tsjinstplafond: 11.000 m
Fleangewicht: 5.220 kg
Fleanberik: 2.445 km
Bewapening: Fjouwer 20-mm-masinekanonnen Hispano-Suiza HS.404

Jachtbommesmiter ferzjes: 2 x 227 kg bommen of 1 454 kg bom; raketten: 8 x 75 mm RP-3 raket

De Hawker Tempest wie in Britske jachtfleanmasine yn de Twadde Wrâldoarloch. It ûntwerp en fabrkaazje barde troch Hawker Siddeley Aircraft Co.. De leechdekker waard fan april 1944 ôf oan troch de Royal Air Force (RAF) ynset.

Hawker Tempest
Hawker Tempest II

De Tempest wie ûntwikkele út de Hawker Typhoon en waard brûkt as jager en as jachtbommesmiter. Op lege en middelbere hichte wie er ien fan de fluchste mei propeller oandreaune jachtfleantugen fan de oarloch. Fanwege syn fluggens waarden syn benammen brûkt tsjin de Dútske strieljager Me 262 en de Vergeltungswaffe V1 (fleanende bom). Mei de Tempest waarden in lytse 700 V1's, yn alle gefallen 20 Me 262's en teminsten ien Heinkel He 162 delsketten.

De ferneamde alliearde jachtfleander Pierre Closterman behelle in grut part fan syn súksessen mei dit type.

De Tempest hat tsjinne by de loftmmachten fan it Feriene Keninkryk, Nij-Seelân, Kanada, Pakistan en Yndia.

Totaal waarden 1395 Tempest's makke:

  • 1 Mk. I
  • 452 Mk. II (136 as jager en 316 as jachtbommesmiter, mei radiateurs yn foarkant fleugels)
  • 800 Mk. V
  • 142 Mk. VI (Motor: Sabre V fan 2340 hk, in bytsje swakker, mar sûniger en betrouberder as Sabre IIb)

Sjoch ek

    Besibbe ûntwerpen
    Tastellen mei in ferlykbere rol


Keppelings om utens

Hawker Tempest 
Commons
Op Wiki Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Hawker Tempest

Tags:

Hawker Tempest Mk V

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Steatsline AWendy WhoppersSosjaalliberalisme2011NeakenfotografyGrutte pappegaaidoWytmaskeribisBlondie (pornografysk aktrise)Marle (Olst-Wijhe)69 (sekshâlding)fjetnam25 aprilOeriselDe BoarnBanne (rjochtsgebiet)Dyami MillarsonKampearjenPeter Johann Nepomuk Geiger4 febrewarisEva JinekSkotsk1893WurkpaadSkiednis fan FryslânAustraalje (lân)YndoneezjeList fan sterke tiidwurden yn it Frysk31 oktoberKillergram12 novimberEl NiñoAlfabetFilipinen1895Melissa LaurenAbbey BrooksDenemarkKartaachske RykFedja van HuêtVideo Art HollandMontevideoBeauty DiorKeizerspjochtFryskBywurd2 septimber1925Fryske talen26 febrewarisGregoriaanske kalinderArjen TerpstraTheodor StormRoekSarah YoungMoskwaAnna GimbrèreFûgelsPieter BreukerultrafioletAnne FrankJezabel Vessir2012Maserati XXXPornografyske filmFranklin D. RooseveltDe Bosk🡆 More