Hakke Fan Mississippy

De Hakke fan Mississippy (Ingelsk: Mississippi Bootheel) is it nei it suden ta útstykjende diel fan 'e Amerikaanske steat Mississippy.

Dat gebiet leit yn it súdeasten fan Mississippy, en wurdt yn omjûn troch de steat Alabama yn it easten, de rest fan Mississippy yn it noarden, de steat Louisiana yn it westen en de Golf fan Meksiko yn it suden. De grins mei Alabama is in rjochte line, mar de grins mei Louisiana folget de rin fan 'e rivier de Pearl.

Hakke Fan Mississippy
De Hakke fan Mississippy yn read werjûn op in lânkaart fan Mississippy.

De Hakke fan Mississippy omfiemet seis counties fan Mississippy:

  • George County
  • Hancock County
  • Harrison County
  • Jackson County
  • Pearl River County
  • Stone County

Yn totaal beslacht de Hakke fan Mississippy in oerflak fan 9.117 km². It gebiet hie yn 2010 in befolking fan 479.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 52,5 minsken de km². De grutste stêd yn 'e Hakke is Gulfport, dat mei 68.000 ynwenners ek de twadde stêd fan hiel Mississippy is. De twadde stêd fan 'e Hakke en de fyfde fan hiel Mississippy is Biloxi, mei 44.000 ynwenners. Sawol Gulfport as Biloxi binne havenstêden dy't oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko lizze.

Yn Pearl River County, Stone County en George County, dy't net ien fan trijen oan 'e kust lizze, wurdt de grutste demografyske groep foarme troch de (blanke) Angelsaksyske Amerikanen. Yn Jackson County en Harrison County, dy't wol in kustline hawwe, binne de Afro-Amerikanen de grutste befolkingsgroep. Hancock County, dat yn it súdwestlikste diel fan 'e Hakke fan Mississippy tsjin 'e grins mei Louisiana oan leit, is de iennichste county yn Mississippy dêr't lju fan Frânsk etnysk komôf de grutste befolkingsgroep foarmje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AlabamaAmerikaanske steatenFeriene SteatenGolf fan MeksikoIngelskLouisianaMississippy (steat)Rivier

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

EverswynGrut- en Lyts-BamastateKryptogramMay ThaiSpoar fan Mariënberg nei AlmeloToskaneVienna BlackPornoakteurCowgirlhâlding2012SnoadfoanFrouEastfryskYiming CuriosityStasjon VriezenveenMarcel HirscherWurdMoskou (oblast)12 septimberVeronica BrazilFeriene KeninkrykGrykske mytologyList fan Fryske jongesnammenGolf fan OmanPeter BoszSean LawlessSophie HilbrandIvy SherwoodFroulike ejakulaasjeJohannes VermeerToanielstikBiskopSkiednis fan FryslânOeriselAdrianus Heringa CatsAchillesNeakenensCassandra WildeList fan planetoïden 49901-50000Grut Frysk DikteeLuna SilverHaadsidePearsPyreneeske wrotmûsNicole OringSintrale Delling (Kalifornje)LeafdePornhubJulianna VegaGesinPeymastate (Ternaard)Reade ibisOlstMoskwaRicki RaxxxFroukje VeenstraYndoneezjeNatasha StormYby PotlatchIerdeAnny VeenstraPeriapsisCherokee d'Ass86StammeStoarmtroeper (Star Wars)🡆 More