Gielwangwrotmûs

De gielwangwrotmûs (Latynske namme: Microtus xanthognathus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys), dat foarkomt yn it noardwesten fan Noard-Amearika, yn Amerikaanske steat Alaska en de Kanadeeske gewesten Britsk-Kolumbia, de Yukon en de Noardwestlike Territoaria.

gielwangwrotmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai fjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus xanthognathus
Leach, 1815
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Gielwangwrotmûs

Uterlike skaaimerken

De gielwangwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 18 sm, mei in sturtlingte fan 5 sm en in gewicht fan 120 g. Hy liket tige op 'e gielnoaswrotmûs (Microtus chrotorrhinus), mar is justjes grutter. Gielwangwrotmûzen hawwe koarte earkes en in net al te lange sturt. De pels is op 'e rêch brún, mar skaait nei de bealch ta grizich út, en de snút is gielich of roastbrún.

Biotoop en hâlden en dragen

Gielwangwrotmûzen libje yn in biotoop fan fochtich nullewâld, deunby streamend wetter of sompen. Se lizze mûzerillen oan troch de boaiemfegetaasje en grave ûndergrûnske hoalen. Dêrby libje se almeast yn koloanjes. As der ûnrie driget, uterje se in piipjend of fluitsjend lûd om koloanjegenoaten te warskôgjen. De gielwangwrotmûs libbet fierhinne fan gerzen, koarstmoassen en beien. Hy hâldt gjin wintersliep, mar is it hiele jier rûn aktyf, meastal by tsjuster en yn 'e skimer. Hjerstmis leit er yn syn hoale itensfoarrieden oan foar de winter. De wyfkes bringe nêsten fan 7-10 jongen te wrâld. De populaasjetichtheid kin fan jier oant jier tige fariëarje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AlaskaAmerikaanske steatenBritsk-KolumbiaFamyljeFeriene SteatenFjildmûzenKanadaKanadeeske provinsjesKjifdierenLatynNoard-AmearikaNoardwestlike TerritoariaSkaai (taksonomy)SkiftSûchdierenWrotmûseftigenYukonÛndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije WrâldÛnderskaai

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)JierRadio15 septimberDútske Demokratyske Republyk1949Euro1187Gross-outWolgaAchillesKGrutte-boarstesjenreIerlânFaginaLjipIvan IV fan Ruslân78GeweldDJ ParisaLil Baby14 maartOktaafVRuslânVeronica Avluv9575Mea NabermanCowgirlhâlding2023Hanny MichaelisMongoalenKoreaanskDe Bining (Easternijtsjerk)EasternijtsjerkFongersDie Hard with a VengeanceDenemark2018Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinneLMicrosoftSalomon Levy1983Michelle Tucker10 junyFoarum foar DemokrasyZheng HeSkipperssankjeMichelle SambaHertz (ienheid)AutoDútskEurosôneHalona VogTsjaadErebiaAppelskeaPete's Dragon (film út 2016)GeslachtsidentiteitARobert I fan SkotlânRhythm and bluesGrêf🡆 More