Gielegou

De gielegou of giellegou (Oriolus oriolus) is in fûgel yn it skift fan de moskeftigen, it is de ienichste soart út de meast tropyske famylje fan fûgels dy't yn Jeropa foarkomt.

gielegou
Gielegou
mantsje
Gielegou
wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje gielegoufûgels (Oriolidae)
skaai gielegouwen (Oriolus)
soarte
Oriolus oriolus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Gielegou

     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     wierskynlik útstoarn


Foarkommen

De gielegou is mei sa'n 18 oant 24 sm likernôch sa grut as in Klyster mar hat wol in hiel opfallende kleur. It mantsje fan de Gielegou is fel giel mei swarte wjukken, in swarte sturt en in swarte eachstreek. De jonge wyfkes binne meast wat grieneftich en binne lang sa opfallend net. De âldere wyfkes lykje lykwols hieltyd mear op de mantsjes, sadat se op 't lêst hast net mear te ûnderskieden binne.

Fersprieding

De gielegou is fan ein april oant ein augustus yn syn briedgebiet. Dat bestiet út grutte parten fan Jeropa en it westen fan Aazje. De fûgels oerwinterje yn de bosken yn sintraal-Afrika.
De Gielegou is in echte fûgel fan de bosken. Hy komt hast net op de grûn en is ek net maklik te sjen om't er him meast heech yn de beammen tusken de blêden ophâldt.

Iten

De gielegou yt sawol dieren, benammen rûpen en flinters as ek plantaardich iten lykas beien en kersen.

Gielegou 
Aaien fan 'e gielegou.

Fuortplanting

De gielegou makket in nêst yn de foarke fan in tûke heech yn in beam. It wyfke briedt meast allinnich yn twa wiken de 3-6 aaien út, wylst se fuorre wurdt troch it mantsje.

Keppeling om utens

Tags:

Gielegou FoarkommenGielegou FerspriedingGielegou ItenGielegou FuortplantingGielegou Keppeling om utensGielegouJeropaMoskeftigen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

n5nuoSloveenje29 maaieHinFrysktalige Wikipedy1300Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014David Ben-GurionGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016901 f.Kr.17 jannewarisSofia HelinPriya PriceHaaien3101 f.Kr.Diana, prinsesse fan WalesPornhubFrânsenBefolkingArgentynjeSwitserlânWyt-RuslânMediaWikiCharley AtwellFryske talen1HûntsjeshâldingSpaanske grypWrâlderfgoedlistAustraalje (lân)Michael JordanKempten2800 f.Kr.Ynterrasiale pornografyBrazyljeMagno Alves27 maartFingerjenGemme fan BurmaniaStasjon WinsumBelfastLeo XIIIDeastraf10e milenniumBogotá (stêd)Feriene Keninkryk601LatynMidsiuwen3000 f.Kr.Brjansk501 f.Kr.SymmetryGeneraal25 maaieSaya SongJulia TcherneiGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Katolike TsjerkeGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Kya TropicKearnramp fan TsjernobylCreative Commons1e iuw🡆 More