Mercury Publications, ek bekend as Mercury Press, wie in Amerikaanske útjouwerij fan tydskriften, dy't fêstige wie oan 570 Lexington Avenue yn New York.
It bedriuw waard yn 1937 oprjochte troch útjouwer Lawrence E. Spivak. Dyselde sette yn 1933 mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske útjouwerijsektor útein as manager fan it tydskrift The American Mercury. Yn 1935 waard er de útjouwer fan dat blêd. Mei de oprjochting Mercury Publications, dat nei The American Mercury ferneamd wie, wreide Spivak syn útjouwerswurk út nei oare titels.
Mercury Publications | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | New York (New York) | |
oprjochte | 1937 | |
opdoekt | 2001 | |
oprjochter | Lawrence E. Spivak | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Mercury Publications publisearre benammen blêden wêryn't detektiveferhalen en moardmystearjes ferskynden, mar dêrnjonken ek tydskriften oer wiere misdriuwen, humor, en fantasy en science fiction. Mercury Publications hie as ymprints Mystery House, Fantasy House (fan 1949 ôf) en Jonathan Press Mysteries (fan 1942 ôf). De wichtichste tydskriften fan Mercury Publications wiene:
Spivak publisearre fan 1938 ôf in boekesearje mei as titel Mercury Library, dy't er yn 1940 opspjalte yn Mercury Mysteries en Bestseller Mysteries.
Yn 'e hjerst fan 1950 ferkocht Spivak The American Mercury oan 'e ynvestearringsbankier Clendenin J. Ryan. Fan 1940 oant 1950 wie Joseph W. Ferman de bedriuwslieder fan Mercury Publications. Dyselde kocht it bedriuw yn 1952 fan Spivak oer. Syn soan Edward L. Ferman behold de útjouwerij oant de opheffing yn 2001.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Mercury Publications (Amerikaanske útjouwerij), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.