Druvesûker

Druvesûker, yn de gemy ornaris glukoaze neamd is in monosacharide mei de molekuleformule C6H12O6.

De natuerlike foarm, D-glukoaze, wurdt ek wol dekstroaze neamd, foaral yn de libbensmiddelyndustry.

Druvesûker
α-D-glukoaze

Lichem

Druvesûker is ien fan de wichtichste brânstoffen foar it minsklik lichem. It wurdt omset yn glykogeen, in polymear fan glukoazemonomearen dat yn de spieren en de lever opslein wurdt (likernôch 100 gram). Druvesûker sels is net geskikt foar opslach yn it lichem om't it de osmoatyske wearde fan de sel ferheget. By in tekoart oan druvesûker yn it lichem kin it troch de glukoneogeneze wer oanmakke wurde.

Druvesûker kin daliks yn it bloed opnaam wurde. Dat is net sa foar bygelyks sacharoaze en stiselmoal, dy earst yn druvesûker omsetten wurde moatte. It ferfier fan en nei sellen giet fia glukoaze-ferfierders.

Planten

Druvesûker wurdt troch planten makke ûnder de fotosynteze; dêrnei wurdt it ferarbeide nei stiselmoal foar opslach. Tegearre mei in molekúl fruktoaze foarmet α-glukoaze sacharoaze, de tafelsûker út sûkerbiten.

Foarmen

Druvesûker 
D- en L-glukoaze

Glukoaze as ringstruktuer bestiet as fjouwer ferskillende foarmen. It ferskil sit yn de hydroksymetylkloft op C5, en yn de relative posysje fan de OH- op C4. As dy yndieling bart op basis fan de hydroksymetylkloft (-CH2OH) wurde de kloften L- of D-glukoaze neamd. As dy yndieling bart op basis fan de posysje fan de OH- kloft op C4, dan wurde de sûkers α- of β-glukoaze neamd. Der binne dus 4 kombinaasjes fan glukoaze:

  • α-D-glukoaze
  • β-D-glukoaze
  • α-L-glukoaze
  • β-L-glukoaze

Sjoch ek

Tags:

Druvesûker LichemDruvesûker PlantenDruvesûker FoarmenDruvesûker Sjoch ekDruvesûkerMonosacharide

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lexi DiamondGokkenKalifornje1 junyGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011Befolking32e iuw f.Kr.Trije-ienheidskatedraal (Solikamsk)TelefyzjeProtestantismeWordPressGreenwich Mean Time2400 f.Kr.25 desimberSean LawlessInkele HoarnPriya Price23e iuwSkiedkundigeMilfpornografyJapanIntwineJierskemaGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010Gordianus IInes RidereLogikaFirus (biology)Rhode Island202440e iuw f.Kr.Fazant28e iuwHinSan FranciscoBogotá (stêd)StedumThüringen1300AlpenByldzjende keunst15007e milennium3700 f.Kr.Benedictus XVI2401Frysktalige Wikipedy1628Vina Sky3501 f.Kr.YouTubeSwitserlânNoelle EastonYndoneezjeGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2016MoandeiSaya Song18413101 f.Kr.Sergio PérezGrutte Priis Formule 1 fan Monako 20194e milenniumNarteksFuotbal1938Minnie Beets🡆 More