Demarkaasjeline

In demarkaasjeline (fan it Frânske démarcation dat wer ôflaat is fan it Aldfrankyske Mark itjinge grinslân betsjut), bestânsline of wapenstilstânline is yn de ynternasjonale polityk in grins dy't oerienkommen is, benammen nei in wapenstilstân of in wapenskoft.

In demarkaasjeline wurdt gauris net as in permaninte grins sjoen, mar as in tydlike oplossing.

Demarkaasjeline
Meidielingboerd by de Dútsk-Dútske grins, Achtung Demarkationslinie 100 m

Afrika

  • Marokkaanske Muorre: line tusken it troch Marokko bestjoerde westlike part en de Frije Sône yn de Westlike Sahara

Amearika

Aazje

Midden-Easten

  • Blauwe Line is in demarkaasjeline tusken Libanon en Israel
  • Griene Line (Israel) is in demarkaasjeline ferwizende nei it wapenskoft fan 1949 tusken Israel en syn buorlannen Egypte, Jordaanje en Syrje.
  • Griene Line (Libanon) is in demarkaasjeline yn de Libaneeske haadstêd Beirût dy't it kristlike East-Beirût fan it islamityske West-Beirût faninoar skaten yn de Libaneeske Boargerkriich fan 1975 oant 1990.

Súd- en East-Aazje

  • McMahon-line is in demarkaasjeline tusken Yndia en Sina dy't yn 1914 oerienkommen waard tusken it Britske Ryk, Sina en Tibet.
  • Militêre Demarkaasjeline is in demarkaasjeline op de grins tusken Noard- en Súd-Koreä dy't yn 1953 fêststeld waard.
  • Line of Control is in demarkaasjeline tusken Yndia en Pakistan oer it bestridene gebiet Kasjmier

Jeropa

  • Curzon-line wie in demarkaasjeline dy't yn 1920 troch de Britske minister fan Bûtenlânske Saken Lord Curzon foarsteld waard as in mooglike wapenstilstânline tusken Poalen yn it westen en de Sovjetrepubliken yn it easten nei de Poalsk-Russyske Kriich (1919-1921). De hjoeddeistige grins fan Poalen mei Wyt-Ruslân en de Oekraïne folget foar it grutste part de Curzon-line.
  • De Foch-line wie in tydlike demarkaasjeline tusken Poalen en Litouwen dy't troch de Alliearden foarsteld waard.
  • De demarkaasjeline yn Frankryk tusken Vichy-Frankryk en it troch nazy-Dútslân besette part fan Frankryk fan 1940 oant 1942.
  • De Oder-Neissegrins waard troch de Bûnsrepublyk Dútslân foar in lang skoft sjoen as in demarkaasjeline tusken de DDR en Poalen yn plak fan as in permaninte grins.
  • De Dútsk-Dútske grins tusken West- en East-Dútslân fan 1949 oant 1990 waard troch West-Dútslân as in demarkaasjeline sjoen.
  • De grins tusken Syprus en Noard-Syprus dy't yn 1974 ta stân kaam.

Sjoch ek

  • Demilitarisearre sône

Tags:

Demarkaasjeline AfrikaDemarkaasjeline AmearikaDemarkaasjeline AazjeDemarkaasjeline JeropaDemarkaasjeline Sjoch ekDemarkaasjelineAldfrankyskFrânskWapenstilstân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1876List fan grutste stêden yn DútslânSean Lawless6Katar4e iuw194926 jannewarisMarijetsjerke (Wierum)Halona VogXAmerikaansk fuotbalGSpaansk2016KristusPete's Dragon (film út 2016)T-sekshâldingOmanElvis PresleyHarry TrumanDrakensberchtmeWierum1514EachFagina21e iuwPluto (planeet)Harelbeke4231 jannewarisBasilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (Swol)Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)Hertz (ienheid)StripperPortegalAlde LeieAnna fan BretanjeSan FranciscoRoemeenjeLovette (pornografysk aktrise)33EarmoedegrinsSharon Lee (pornografysk aktrise)JulyNij-KaledoanjeThe Monuments MenMonargy1922Feriene SteatenAchillesIvan IV fan Ruslân730 maartGrêfHaskerlânItaaljeMassachusettsBlêd200624 maartSinaDenemarkKoalstofHurddraverij10 juny9🡆 More