Delhi Crime

Delhi Crime is in troch Richie Mehta regisearre en skreaune Yndiaaske telefyzjesearje basearre op in wierbarde groepsferkrêfting yn 2012 yn Delhi.

De haadrollen wurde spile troch Shefali Shah, Rasika Dugal, Adil Hussain en Rejesh Talang. De earste twa ôfleverings fan it seizoen gyngen op it Sundance Film Festival fan 2019 yn premiêre. Netflix brocht de searje op 22 maart ynternasjonaal út. De searje krige in hege wurdearring by it publyk en wûn yn 2020 in Emmy Award foar bêste dramasearje. Dehli Crima waard mei in twadde seizoen mei deselde spilers langer makke.

Delhi Crime
Delhi Crime tillefyzjesearje
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
betocht troch Richie Mehta
ûntwikkele troch Lawrence Bowen
Toby Bruce
útfierend
   produsint
Aaron Kaplan
Jeff Sagansky
Florence Sloan
Apoorva Bakshi
Pooja Kohli
Sanjay Bachani
John Penotti
Kilian Kerwin
Michael Hogan
regisseur(s) Richie Mehta
senario Richie Menta
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Johan Heurlin Aidt
muzyk Andrew Lockington
tillefyzjestudio Golden Karavan
Ivanhoe Productions
FilmKaravan
Poor Man's Productions
distribúsje Netflix
spilers
haadrollen Shefali Shah
Rasika Dugal
Adil Hussein
Rajesh Talang
skaaimerken
foarm tillefyzjesearje
sjenre drama/misdiesearje
seizoenen 1
jierren 2019
tal ôfl. 7
spyltiid (ôfl.) 45-64 min.
lân/lannen Delhi Crime Yndia
taal Hindy, Ingelsk
prizen International Emmy Award
   (2020)

Plot

Delhi Crime is basearre op in groepsferkrêfting yn Delhi yn 2012, dy't plakfûn yn in bus yn de omkriten fan Munirka yn it suden fan de stêd. De searje folget wat der barde nei de ferkrêfting wêrby it slachtoffer troch meardere manlju ferkrêfte waard. Nei de ferkrêfting waard hja alderheislikst mishannelle en mei har freon neaken op strjitte smiten. Plakferfangend plysjekommissaris Vartika Chaturvedi liedt it ûndersyk om út te sykjen wa't ferantwurdlik wie foar de misdied. Hja stiet ûnder grutte druk fan de polityk en de befolking om de dieders sa gau mooglik te finen.

Rolferdieling

personaazje akteur/aktrise
Vartika Chaturvedi Shefali Shah
Neeti Singh Rasika Dugal
Adil Hussain Kumar Vijay
Rajesh Tailang Bhupendra Singh
Vishal Chaturvedi Denzil Smith
Chandni Yashaswini Dayama
Gururaj Dixit Avijit Dutt
Sudhir Kumar Gopal Datt
Akash Sanjay Bishnoi
Jai Singh Mridul Sharma
Vimla Bharadwaj Jaya Bhattacharya
Ira Swati Bhatia
Jairaj Anurag Arora
Vinod Tiwari Vinod Sharawat
Arunesh Ayush Sehgal
Smriti Rhea Bedi
Deepika Abhilasha Singh
Gaurav Rana Rakesh Verma
Govind Singh Amar Singh
Arif Vipin Katyal

Keppeling om utens

Tags:

DramasearjeGroepsferkrêfting yn Delhi (2012)NetflixPremiêreSeizoen (omrop)Sundance Film FestivalTelefyzjesearjeYndia

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noelle EastonKrusiging fan JezusLibbenBelgjeBestjoerBefolkingSeksuele penetraasjeNikita ChrûsjtsjovBrusselMediaWiki1324Spul1968MasturbaasjeTeudebert IIFietnamoarloch396 f.Kr.Swimmen op de Olympyske Simmerspullen 2000Ludwig van Beethoven20 febrewarisTailân119534DirekteurLouisianaDesmond TutuHeather LeeTsjechoslowakijeTokioVina SkyHûntsjeshâldingLeeuwarder NieuwsbladWilfred GeneeTritichjierrige OarlochFrankrykLexxxi LockhartOsmaanske RykPetsjerkski Himelfeart-kleasterIsambard Kingdom BrunelDimearIranMarksismeWrâldkampioenskip fuotbal 1998Augustus OktavianusTsjechjeRyksuniversiteit GrinsJaylene RioCowgirlhâldingSensual JaneHans Holbein de JongeMeindert SchroorFerstoarRichard Francis BurtonDjakartaJulianna VegaNoardfryskFeriene NaasjesPolly PonsSúdeast-AazjeKigaliGdańskRome (stêd)WikipedyJureka del MarDútsk1605TsjoenderijFazanteftigenPeaskeAldenburchSarah YoungNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje🡆 More