Wâldsein De Karmel

De Karmel is tsjerkegebou fan de PKN yn Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De Karmel
Wâldsein De Karmel
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Wâldsein De Karmel Nederlân
provinsje Wâldsein De Karmel Fryslân
gemeente Wâldsein De Karmel Súdwest-Fryslân
plak Wâldsein De Karmel Wâldsein
adres Ald Tsjerkhof 2
koördinaten 52° 56'N 5° 37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1837
boustyl Neoklassisistysk
monumintale status Wâldsein De Karmel ryksmonumint
monumintnûmer 39824
Webside
PKN Wâldsein
Kaart
De Karmel (Fryslân)
De Karmel

Skiednis

Yn Wâldsein wie yn de perioade 1337-1580 in karmeliterkleaster fêstige. Yn 1660 waard de kleastertsjerke ferfongen. De soan fan grytman Sjuck van Welderen baron Rengers lei op 31 maaie 1837 de earste stien foar de wettersteatstsjerke. De neoklassisistyske krústsjerke is boud neffens it ûntwerp fan A.D. Duif út Balk. De tsjerke is sûnt 1971 in ryksmonumint.

De foargevel hat in middenrisalyt mei Doaryske pylders en in houten boppebou mei in lantearne. De kleuren binne wyt en swart.

De herfoarmen en grifformearden fan Wâldsein en omkriten namen yn 1998 nei in 10 jier lang proses fan 'Samen-op-Weg' it beslút om te fusearjen. Besletten waard om de grifformearde tsjerke te ferkeapjen en de Karmel tenei as tsjerke oan te hâlden. Op snein 22 novimber 1998 fûn de lêste tsjerketsjinst yn de grifformearde tsjerke plak.

Yn 2008 waard de ynrjochting fan de tsjerke restaurearre. By de restauraasje waarden de âlde banken ferwidere en ferfongen troch stuollen.

Oargel

It oargel út 1938 is boud troch Bakker & Timmenga. By de bou waarden de oargelkas, it front en de blaasbalgen fan de foargonger oernommen, dy't yn 1839 boud wie troch J.C. Scheuer út Swol. By de restauraasje fan de tsjerke yn 2008 waard de wyt farve oargelkas yn de oarspronklike mahoanykleur werom brocht. It slagge de oargelkommisje dêrnei om ek genôch jild yn te sammeljen foar in restauraasje fan it ynstrumint yn 2017 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert. It ynstrumint hat 18 registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.

Ynterieur (1966)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

Tags:

Wâldsein De Karmel SkiednisWâldsein De Karmel OargelWâldsein De Karmel Ynterieur (1966)Wâldsein De Karmel Keppeling om utensWâldsein De KarmelProtestantske Tsjerke yn NederlânSúdwest-FryslânTsjerkegebouWâldsein

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Wrâldkampioenskip fuotbal 19581195FazantAaliyah HadidWilfred GeneeKeallepoatJoachim HoppersJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)KwissipedyOrgasmePornhubKunnilingusJohn LennonEmiel StoffersMinsklike seksuele aktiviteitFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Voronezj (oblast)The Allman Brothers Band2010BerlynEuroChicagoMidsiuwenFeriene NaasjesTsjechjeBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016FrouJulianna VegaJamie Lee CurtisUnderwiisBrusselEkwadorSkotlânJosef StalinArabierenRichard LanginReykjavikZaya CassidyFryslân (wengebiet)PeaskeGeoffrey BayldonSekshâldingBoccia op de Paralympyske SimmerspullenLynsey de Paul1328Nicolette SheaGjûmriAbrahamityske religyenEnsyklopedyMisjonarishâldingFoarsitterWrâldkampioenskip fuotbal 1998HeitHonoluluPoalenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1900Skearmês fan OckhamNoard-KoreäTwadde WrâldkriichÛntslachMao Tse-toengTailân1965SkriuwerBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2000Universiteit fan UppsalaNederlânsk-Ynje2024Eva JinekKleanPeléParysAuto🡆 More