Coming-Of-Age

Coming-of-age (ek wol stavere as coming of age) is in Ingelske term dy't safolle betsjut as folwoeksen wurde.

Dêrmei wurdt ornaris net sasear doeld op lichaamlike folwoeksenens, dat lykslein wurde kin mei mearderjierrigens, mar earder op geastlike en emosjonele riping. Dat proses falt gauris gear mei fysike riping yn 'e tinerjierren, mar dat hoecht net. It kin bygelyks ek gean oer in lichaamlik folwoeksen man fan 'e yn tritich dy't emosjoneel noch nea folwoeksen wurden is. Coming-of-age is in sjenre yn 'e literatuer, yn films, en yn tillefyzjesearjes. Sokke ferhalen lizze de klam op karakterferoarings ynstee fan aksje, hoewol't dy beide eleminten inoar net needsaaklikerwize útslute. De Bildungsroman is in spesifyk subsjenre fan it coming-of-ageferhaal.

Guon bekende foarbylden fan coming-of-ageferhalen út 'e literatuer binne: Candide fan Voltaire (1759), Northanger Abbey fan Jane Austen (1817), A Portrait of the Artist as a Young Man fan James Joyce (1916), The Catcher in the Rye fan J.D. Salinger (1951), en To Kill a Mockingbird fan Harper Lee (1960). Foarbylden fan bekende films dy't draaie om coming-of-ageferhalen binne: Bambi (1942), The Breakfast Club (1985), Mermaids (1990), American Pie (1999), Girl, Interrupted (1999), de Harry Potter-filmsearje (2001-2011), Juno (2007), Superbad (2007), en Moonlight (2016). Foarbylden fan tillefyzjesearjes mei in coming-of-agetema binne: Happy Days, Degrassi Junior High, The Wonder Years, Boy Meets World, Glee en Awkward.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BildungsromanEmoasjeFerhalenFilmFolwoeksenensGeastIngelskLiteratuerMearderjierrigensMinsklik lichemSjenreStavereSubsjenreTillefyzjesearjeTiner

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Twadde WrâldkriichHânboekDomtsjerke fan ParmaSyprus30 jannewarisPet (holdeksel)Clara TrinityDigital SinHeather LeeKatedraal fan PadûaLuna CorazónTechnologyFaasjeEuroTripFilmKatedraal fan TorcelloJ. MacLuna SilverZaya CassidyOezbekistanGokkenEl NiñoJaylene RioWesterkertier (gemeente)Eastlike fjildmûsKatedraal fan CaltagironeSuze Boschma-BerkhoutFryslânAleksander PûsjkinGraham SwiftGryptsjerk1868Non-profitEmiel StoffersJasmine AlohaNoetseleMediaWikiLexi DiamondSandy Milz23 aprilTyneAkkrumBoedismeDútskHjerringslynderBasketbalLewis CarrollAldskouKarma RosenbergFriezenOlst-WijheDavid GilmourDomtsjerke fan Massa MarittimaHelen Duval2012Arwen GoldMegan Salinas1863Kening-keizerRegearHylpenFerstoarJohnny SinsKultuerRealitypornografyRottekopInes Ridere🡆 More