James Joyce

De Ierske skriuwer James Joyce (folút James Augustine Aloysius Joyce) (Dublin, 2 febrewaris 1882 – Surch, 13 jannewaris 1941) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste skriuwers fan de modernistyske Avant Garde fan de iere 20e iuw.

Hy waard berne yn in rike katolike famylje yn Dublin dy't troch omstannichheden yn 'e earmoed rekke. Hy studearre literatuer oan it University College Dublin, dêr't er it katolisisme ôfswarde. In soad fan syn wurk is fertolke troch T. P. McKenna.

James Joyce
James Joyce

Joyce is it meast bekend fan syn roman Ulysses (1922), in mylpeal yn de skiednis fan de literatuer, dêr't er syn stream of consciousness-technyk yn perfeksjonearre hat. It boek is in nijmoadrige fannijs fertelde Odyssee (fan Homêros) dêr't Joyce benei alle skriuwtechniken dy't foar hannen wiene yn kombinearre hat. Oar wichtich wurk is koarte-ferhale bondel Dubliners (1914) en de romans A Portrait of the Artist as a Young Man (1916) en Finnegans Wake (1939); fierders trije bondels poëzy, in toanielstik, inkele sjoernalistike artikelen en syn publisearre brieven.

Bibliografy

James Joyce 
James Joyce 
Dubliners, 1914
  • Chamber music (samling gedichten) (1907)
  • Dubliners (1914)
  • A Portrait of the Artist as a Young Man (1916)
  • Exiles (It ienichste tonielstik) (1918)
  • Ulysses (1922)
  • Pomes Penyeach (samling gedichten) (1927)
  • Finnegans Wake (1939)
  • Stephen Hero ((in part fan) in eardere fersje fan A Portrait of the Artist as a Young Man) (1944)
  • The Critical Writings (Wurk dat Joyce skreaun foar kranten, lêzingen, ... ) (1959)
  • Giacomo Joyce (postúm publisearre manuskript) (1968)

Keppeling om utens

Tags:

13 jannewaris188219412 febrewaris20e iuwDublinKatolisismeLiteratuerSurch(stêd)T. P. McKenna

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TerpBelgjeAnita Gyöngy1968Jan KleefstraOradour-sur-GlaneLoftmachtMuskusrôtCody BryantDomtsjerke fan SienaLev TolstojWarffumRachel AzianiWâlddoFrearkstsjerke (Kopenhagen)HôfdowenApogeumPoalenTonger (god)Mahina ZaltanaList fan Fryske jongesnammenHûnLexi DiamondEigenskipswurdSkiednis fan JapanMegan VaughnHongaarskVoltaireVideo Art HollandDouwe AlgraSkriuwerSauwerdAmmoniakSeptember ReignGoldbandTuistoPornografysk aktriseFraachpetearOehoeFaginaZaya CassidyCassandra WildeMarika FruscioAlaskaFinlânJohannes HoornbeeckMoriah MillsSekshâldingKim KardashianNieuwe Rotterdamsche CourantKuorbalSarah YoungHausaEmmanuel WaegemansJade KushHavana GingerBuorljuSaya SongSyrjeGeslachtsmienskipTaalkundeSkamte (anatomy)HylperskPearsMilfpornografy🡆 More