Pennsylvania Carlisle

Carlisle (útspr.: , likernôch karlail, mei de klam op it twadde wurdlid) is in plak en borough yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, en it haadplak fan Cumberland County.

It waard yn 1751 stifte, en leit yn 'e Cumberlanddelling, in wichtich agrarysk gebiet, likernôch 130 km benoarden Baltimore en 200 km westnoardwestlik fan Philadelphia. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Carlisle doe krapoan 19.000 ynwenners. It plak heart ta de stêdekloft fan Harrisburg, dat 32 km fierder op nei it easten leit, mei goed 550.000 ynwenners. Carlisle stiet benammen bekend om't it Oarlochskolleezje fan it Amerikaanske Leger der stiet, en teffens om't der foarhinne de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle fêstige wie, in ynternaat foar Yndiaanske bern.

Carlisle
Pennsylvania Carlisle
Emblemen
Pennsylvania Carlisle          Pennsylvania Carlisle
Polityk
Lân Pennsylvania Carlisle Feriene Steaten
Steat Pennsylvania Carlisle Pennsylvania
County Pennsylvania Carlisle Cumberland County
Sifers
Ynwennertal 18.916 (2014)
Oerflak 14,4 km² (ynkl. wetter)
14,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.320,9 / km²
Stêdekloft 551.000 (2010)
Hichte 146 m
Oar
Stifting 1751
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 40°12′09″N 77°11′42″W
Offisjele webside
www.carlislepa.org
Kaart
Pennsylvania Carlisle
De lizzing fan Carlisle yn Cumberland County en de steat Pennsylvania.

Skiednis

Carlisle waard yn 1751 stifte troch de Amerikaanske pionier John Armstrong sr. Yn 't earstoan setten har der fral Ulsterske (protestantske Noardierske) ymmigranten nei wenjen, dy't it plak ferneamden nei Carlisle yn Kumbria en sels it earder tichthûs (dêr't no it bestjoer fan Cumberland County syn sit hat) bouden nei foarbyld fan it oarspronklike Kastiel fan Carlisle. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch (1754-1763) en de Oarloch fan Pontiac (1763-1766 fungearre Carlisle as útfalsbasis foar Britske troepen. Yn 1773 waard de Carlisle Grammar School der stifte (no it Dickinson Kolleezje).

Pennsylvania Carlisle 
It eardere tichthûs, no de sit fan it countybestjoer fan Cumberland.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783) leine de Amerikaanske opstannelingen yn Carlisle munysjefoarrieden oan, mar waard der op it plak sels net fochten. Yn 1782 krige Carlisle stedsrjochten as in borough. Mids njoggentjinde iuw wie Carlisle in fêste halte op it saneamde Undergrûnske Spoar, in rûte dy't brûkt waard om ûntsnapte negerslaven út it Amerikaanske Suden nei Kanada te smokkeljen. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) waard Carlisle op 1 july 1863 ûnder de Slach by Carlisle ûnder fjoer nommen troch de artillery fan 'e Konfederearre troepen fan generaal Fitzhugh Lee.

Yn 1879 waard yn Carlisle troch de eardere legerofsier Richard Henry Pratt de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle stifte, in ynternaat foar Yndiaanske bern, dêr't besocht waard om 'e learlingen har eigen kultuer safolle mooglik ôf te learen en se ynstee Westerske gebrûken en gewoanten by te bringen. Hoewol't dat tsjintwurdich beskôge wurdt as in foarm fan kulturele genoside, wie it foar in tiid dat de measte Amerikanen noch fûnen dat alle Yndianen útrûge wurde moasten, hiel foarútstribjend. De skoalle gie yn 1918 ticht, mar it gebouwekomplek waard yn 1966 ta histoarysk monumint útroppen.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Carlisle 17,8% âlder as 65 jier en 18,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 86,9% blanken; 6,9% swarten; 2,0% Latino's; 1,6% Aziaten; 0,1% Yndianen; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Klimaat

Carlisle hat in fochtich lânklimaat, mei hjitte, neare simmers en koele winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39 °C yn 1966 en –28 °C yn 1994. Carlisle kriget jiers trochinoar 986 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 7,6 sm snie.

Fotogalery

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Pennsylvania Carlisle SkiednisPennsylvania Carlisle DemografyPennsylvania Carlisle KlimaatPennsylvania Carlisle FotogaleryPennsylvania Carlisle Keppelings om utensPennsylvania Carlisle17512014AgraryskAmerikaanske steatenBaltimoreBorough (Feriene Steaten)Feriene SteatenHarrisburg (Pennsylvania)PennsylvaniaPhiladelphiaWurdlidYndiaanske Niverheidsskoalle fan CarlisleYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BosnjeSaksen (dielsteat)Inga RidereNasjonalismeMaria Curie-SkłodowskaGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2018JierskemaAlpenAustraalje (lân)Stasjon WinsumGysbert JapiksPieter SijpersmaHillige Roomske RykTwiljochtKatolike TsjerkeFrysk Boun om UtensHarmony Wonder21 febrewarisYves BaillatGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 201469 (sekshâlding)Sergio PérezTrije-ienheidskatedraal (Solikamsk)MeterSúdsineeske SeeBratislavaSkiednis fan PoalenJayden Lee40e iuw f.Kr.1721Felipe MassaFeriene Keninkryk2000 f.Kr.MisjonarishâldingLolita (pornografysk aktrise)500FryskDe Sionsberch2400 f.Kr.Trio (seksualiteit)DútskDûkers (fûgels)The SimpsonsMediaWikiKristina Lion400 f.Kr.LilleLiberalisme17697e milenniumNoard-Ierlân23e iuwISSNKelsi MonroeDimter (gemeente)Leo XIII1938Aleksander I fan RuslânRosa CaraccioloFrânskHimelsblauFazantTaj MahalNoelle Easton🡆 More